Home
36-devries.jpg

Geart Bos hat in moai gedicht makke oer de Swette. Dit is Geart syn ferhaal: Doe’t yn it begjin fan dizze ieu yn it ramt fan it Fryske marren projekt plannen makke waarden om de Swette oantrekliker te meitsjen foar de wettersport skreaun ik in fers oer de Swette. Ik ha my altiten bot ynteressearre yn de skiednis fan ús provinsje en spesjaal foar de eigen gemeente en omjouwing. Foar it Afûk-B eksamen skreaun ik yn 1984 in skripsje oer de skiednis fan Wymbritseradiel en omtrint tsien jier letter ha ik meiskreaun oan it skiednisboek fan myn berteplak Goaiïngea. Dêrby ha ik doe in protte help hân fan ús doarpsgenoat Tsjitse Santema wêrfoar ik in protte foto’s makke ha foar syn

skiednisboek oer Skearnegoutum. Mei hjirtroch waard en wie ik fassinearre troch de ferhalen oer it ûnstean fan de Middelsee, de Himmen en dêrmei anneks it ûntstean fan de Swette. Ik makke my in foarstelling fan hoefolle wurk der sa rûn it jier 1200 en dêrnei ferrjochte is om de Swette te graven yn de slinke fan de âld Middelsee dy’t doe langsum oan tichtslibbe rjochting it noarden fan ús provinsje.

Ik seach it foar my hoe’t mannen oan ‘e knibbels ta yn ‘e dridze mei in houten bats de slinke ferbreden ta in ôffierrivier fan it Middelseewetter en letter it farwetter de Swette as grins tusken Eastergoa en Westergoa.
Dat ynspirearre my ta it skriuwen fan it fers Swette. Doe’t yn 2005 de Middelsee-rûte iepene waard hie ik dêroer kontakt hân mei de projektlieder fan it Friese Meren projekt en sa kaam hy, nei it lêzen fan myn fers, mei it idee om dit op de útnoeging foar de iepening te setten. In hiele ear foar my.
Mar dan leit sa’n gedicht dêr en dat is it dan. Eins fûn ik dat in bytsje skande en sa kaam ik ferline jier op it idee om it oan te bieden oan it doarp om it oan de Swette neist it nije fytspaad rjochting Boazum te pleatsen. Ik ha dat foarlein oan it bestjoer fan doarpsbelang en dy ha it de leden op de ledegearkomste fan 2015 foarlein. Men wie unanym foar. Yn oerlis mei doarpsbelang en it bestjoer fan it natuergebiet de Flearen ha we in plak bepaald. Ik ha it der in pear wiken tebek delset, kreas op in roastfrijstielen stander en no sil op tiisdei 31 maaie de jûns om healwei achten ien en oar oerdroegen wurde oan it doarp.
Ik soe it ferhipte aardich fine as jimme dêrby binne.
Geart Bos.


Swette

Stil leit middenmank de greiden
In dreech bewrotten wetter.

Yn in mânsk en treffend lânskip
Omfieme fan waaksend reid,
Dêr’t tuorrebouten de holle bûge
As earbetoan oan de súdwester,
Dûnsje Swanneblommen in wals
Op de tearen fan syn antlit.

G. Bos.

Ons dorp in 2014

scharnegoutum-59.jpg

Info Website

Algemene informatie: 
De website van Scharnegoutum (www.skearnegoutum.nl) is de officiële dorpssite van Doarpsbelang Skearnegoutum. Deze site, die dagelijks ruim 210 bezoekers trekt, wordt onderhouden door de vrijwilligers van de Mediagroep Scharnegoutum. Dit is een van de werkgroepen van Doarpsbelang Skearnegoutum. Het doel van de Mediagroep is om inwoners van het dorp en andere geïnteresseerden zo actueel mogelijk te informeren over het dorp, de voorzieningen, verenigingen en bedrijven.

Directe samenwerking:
Met medewerkers van Face-book skearnegoutum en de medewerkers van de Doarpsomropper die maandelijks in druk verschijnt. Ook is er een nauw samenwerkingsverband met Dorpshuis  “It Swettehûs”.

Sponsoren:
Om de kosten van het in stand houden van www.skearnegoutum.nl te dekken, worden Sponsors gevraagd. Voor een bijdrage vanaf € 25.00 staat uw bedrijf bij de site volop "in the picture".
Sponsor worden. Heeft u interesse ? Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.


©Copyrights:
Onze site wordt met veel zorg en inzet geredigeerd. Vrijwel dagelijks zijn de redacteuren aan het werk om de bewoners van Scharnegoutum zo goed mogelijk te informeren. De complete redactie van de Mediagroep doet dit alles op geheel vrijwillige basis.

Het staat u vrij om teksten van onze site te halen en die voor eigen, niet commerciële doeleinden te gebruiken.

De meeste foto’s op de site worden gemaakt door de eigen redactie leden. 

Mediagroep secretariaat:
Postadres: W. Santemastrjitte 6, 8629 PR Skearnegoutum.

Meewerken aan nieuws?
Heel graag, help mee... Ook u kunt tips of informatie uit het dorp doorgeven, bel of mail ons gerust:

Kopij Mediagroep:
Kopij aan de redactie kan gestuurd worden naar Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.  

Denktank-Mediagroep: Met ideeën/vragen/klachten over de media van Scharnegoutum kunt u terecht bij Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. 

Bezoekers

We hebben 853 gasten en geen leden online