Home
04-Atsma.jpg

Wy hâlde it mar by us eigen spul... Ofrûne freed diene acht Stadige Strikers mei oan in toernoai fan it Hollânske spul, mar it is better om it by harren eigen spul te hâlden. De sfear wie goed hear en se ha in moaie jûn hân, mar it damjen like der net op, want hast alle spullen waarden ferlern. Us gastspiler Foeke Tiemensma wûn 2 1/2 spul, mar dy hat dit spul faker spile dan alle Strikers bymekoar. It sjocht jo raar oan as men it Fryske spul wend is. Fansels waard der op ‘e klupjûn noch wakker oer neipraat. Twa fan de Strikers sieten yn Aldegea SWF te damjen omdat se út spylje moasten foar de Fryslâncup. Ien Striker wie siik, dat sadwaande wiene der njoggen Strikers oanwêzich. Sjoerd Jan Bakker wie frij omdat der in ûneven oantal dammers wiene, mar hat him tige fermake troch by de oare spullen te sjen.

Tsjerk Wiersma woe syn froulike tsjinstanner ferliede, sa sei er sels. De oanwêzige leden seagen raar op, mar har man hoecht him gjin soargen te meitsjen want hy lei út dat er har ferliede woe ta in set, dy’t foar him geunstich útpakke soe. Lykwols seach Tineke at har tsjinstanner yn ‘e holle hie en hapte net ta. Se joech goed partij en hie op it lêst in daam mear dan Wiersma en doe ‘t it twa dammen tsjin ien wie soe it yn ‘e measte gefallen kamp wurde. Tineke hier ien daam yn ‘e lange hoeke mar troch de spanning seach se net hoe’t se it út meitsje koe. Dochs by de sande set wie se skerp en makke de partij moai út. Der wiene mear dy’t net diene wat de tsjinstanner hope hie. Sa die Hennie de Haan net wat Bauke de Boer woe en dêrtroch kaam Hennie better yn it spul te stean. Se skrok noch wol doe’t De Boer troch in moai slachje dochs noch in daam helle, mar Hennie, mei trije houtsjes ekstra seach, twifele mar sloech doe genadeleas ta. Se joech har trije houtsjes wêrtroch de daam fan De Boer foar har daam kaam te stean en de partij út wie. Bauke Bos en Rients Wijnia spilen ek in dreech spul, sa’t de beide mannen wend binne. Wijnia stie al frij gau better yn it spul mar hie noch klauwen om it te winnen. Hy seach de winnende set in pear kear oer de holle en Bos hie in pear kear hope dat er de mist yn gean soe omdat Wijnia syn hân hieltyd boppe it ferkearde houtsje sweefde. Lykwols seach er dochs in winnende set en wûn de partij. De lêsten dy’t doe noch spilen wiene Ype Boelens en Bauke Dijkstra. Dijkstra loerde hieltyd op in set mar Boelens koe it moai foarkomme. Uteinlik koe er it net hâlde en Dijkstra wûn de partij. Ype wie dochs tefreden want hy hie de partij net fergriemd sa sei er.

Utslaggen:
Tineke Teigeler – Tsjerk Wiersma 1-0
Rients Wijnia – Bauke Bos 1-0
Hennie de Haan – Bauke de Boer 1-0
Ype Boelens – Bauke Dijkstra 0-1

* Onze sponsors *

Zoeken op deze site

Zo was het toen

foto_01ad.jpg

Ons dorp in 2014

scharnegoutum-05.jpg

Info Website

Algemene informatie: 
De website van Scharnegoutum (www.skearnegoutum.nl) is de officiële dorpssite van Doarpsbelang Skearnegoutum. Deze site, die dagelijks ruim 210 bezoekers trekt, wordt onderhouden door de vrijwilligers van de Mediagroep Scharnegoutum. Dit is een van de werkgroepen van Doarpsbelang Skearnegoutum. Het doel van de Mediagroep is om inwoners van het dorp en andere geïnteresseerden zo actueel mogelijk te informeren over het dorp, de voorzieningen, verenigingen en bedrijven.

Directe samenwerking:
Met medewerkers van Face-book skearnegoutum en de medewerkers van de Doarpsomropper die maandelijks in druk verschijnt. Ook is er een nauw samenwerkingsverband met Dorpshuis  “It Swettehûs”.

Sponsoren:
Om de kosten van het in stand houden van www.skearnegoutum.nl te dekken, worden Sponsors gevraagd. Voor een bijdrage vanaf € 25.00 staat uw bedrijf bij de site volop "in the picture".
Sponsor worden. Heeft u interesse ? Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.


©Copyrights:
Onze site wordt met veel zorg en inzet geredigeerd. Vrijwel dagelijks zijn de redacteuren aan het werk om de bewoners van Scharnegoutum zo goed mogelijk te informeren. De complete redactie van de Mediagroep doet dit alles op geheel vrijwillige basis.

Het staat u vrij om teksten van onze site te halen en die voor eigen, niet commerciële doeleinden te gebruiken.

De meeste foto’s op de site worden gemaakt door de eigen redactie leden. 

Mediagroep secretariaat:
Postadres: W. Santemastrjitte 6, 8629 PR Skearnegoutum.

Meewerken aan nieuws?
Heel graag, help mee... Ook u kunt tips of informatie uit het dorp doorgeven, bel of mail ons gerust:

Kopij Mediagroep:
Kopij aan de redactie kan gestuurd worden naar Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.  

Denktank-Mediagroep: Met ideeën/vragen/klachten over de media van Scharnegoutum kunt u terecht bij Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. 

Bezoekers

We hebben 239 gasten en geen leden online