Home
03-Annet-de-Jong.jpg

Omtrint 80 minsken kamen der op of, op it Hege hoed konsert mei Frjemd folk en it duo Swart Wyt of sa’t jo wolle Bauke vd Woude en Campbell Forbes. In tredde part kaam út Skearnegoutum en de oaren kamen rûnom wei, sels út it Drintske Havelte wienen der guon op dizze bysûndere middei yn it Swettehûs ôfkaam. Bauke en Campbell mochten begjinne sa wie der ôfpraat en dy hienen it publyk al ridlik te pakken.

Mûskestil wie it by guon fan de lieten sa as it liet oer de flechtelingen út Syrië, “Kobani”. Dan wer serieus en dan wer healwiis dêr binne dizze beide mannen sterk yn. It wie ek ien fan de earste kearen dat se sûnder John Eskes optreden. John dy’t altiten op syn spesjale wize, sa siet er b.g altiten op sokken tes pyljen, wat ekstras oan de lieten tafoege is ferline jier juny stoarn. In geweldige muzikant dêr’t de mannen in protte oan hân en fan leard hawwe. Ik ha de hearen sa faak mei mekoar spyljen heard en it aparte wie dat ik my no by guon nrs. hieltiten ferbylde dat ik John op de eftergrûn meispyljen hearde. Moedich ha Bauke en Campbell no de tried wer oppakt om fierder te gean sûnder de stipe fan John. As in soarte fan rouferwurking hat Bauke de lêste moannen in tal nije lieten skreaun en wat hja dêr fan hearre litten ha foel tige yn ‘e smaak by it publyk. It lêste nr. wat hja yn de twadde set nei it skoft spilen wie “fluitekruid” in liet wat songen wurdt troch Campbell en wat in soarte fan protestliet is tsjin de gemeente dy’t fierstente gau mei de syklomeander yn ‘e maaitiid de blommerykdom yn de bermen plat leit.

Frjemd folk is in groep fan 12 sjongende mannen begelaat troch gitaar, fioele en ôfwikseljend, kontrabas, keyboard, konsertina en akkordeon ûnder lieding fan in tige betûfte dirigint Hinke Jelsma. De groep komt út ‘e wide omkriten fan bûtenpost en sjongt foar it grutste part tradisjonele Ierske en Skotske lieten. Prachtich sa’t dy stimmen bymekoar passe. Se binne no sa’n 8 á 9 jier dwaande en ha yn dy tiid en in grut tal optredens yn en bûten Fryslân fersoarge. Ferline jier binne hja mei mekoar op it fleantúch stapt rjocht ing Ierlân. Se ha dêr in tal tige suksesfolle optredens yn Dublin fersoarge. Op dizze sneintemiddei nam hja ús op harren muzikale reis foar it skoft mei op ‘e wein mei it hynder derfoar troch Ierlân en nei it skoft gienen wy mei mekoar de boat yn op reis troch Skotlân. Oan 'e ein fan de middei waard der hiel entûsjast meiklapt en sels dûnse! Al mei al kinne we stelle dat dizze middei tige slagge is en dat der no al minsken binne dy’t útsjogge nei in selde soart konsert op snein 20 maart yn ús Doarpshûs. Dan mei de groep Sjock en Fokke Miedema.

 

 

* Onze sponsors *

Zoeken op deze site

Zo was het toen

foto_01ad.jpg

Ons dorp in 2014

scharnegoutum-09.jpg

Info Website

Algemene informatie: 
De website van Scharnegoutum (www.skearnegoutum.nl) is de officiële dorpssite van Doarpsbelang Skearnegoutum. Deze site, die dagelijks ruim 210 bezoekers trekt, wordt onderhouden door de vrijwilligers van de Mediagroep Scharnegoutum. Dit is een van de werkgroepen van Doarpsbelang Skearnegoutum. Het doel van de Mediagroep is om inwoners van het dorp en andere geïnteresseerden zo actueel mogelijk te informeren over het dorp, de voorzieningen, verenigingen en bedrijven.

Directe samenwerking:
Met medewerkers van Face-book skearnegoutum en de medewerkers van de Doarpsomropper die maandelijks in druk verschijnt. Ook is er een nauw samenwerkingsverband met Dorpshuis  “It Swettehûs”.

Sponsoren:
Om de kosten van het in stand houden van www.skearnegoutum.nl te dekken, worden Sponsors gevraagd. Voor een bijdrage vanaf € 25.00 staat uw bedrijf bij de site volop "in the picture".
Sponsor worden. Heeft u interesse ? Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.


©Copyrights:
Onze site wordt met veel zorg en inzet geredigeerd. Vrijwel dagelijks zijn de redacteuren aan het werk om de bewoners van Scharnegoutum zo goed mogelijk te informeren. De complete redactie van de Mediagroep doet dit alles op geheel vrijwillige basis.

Het staat u vrij om teksten van onze site te halen en die voor eigen, niet commerciële doeleinden te gebruiken.

De meeste foto’s op de site worden gemaakt door de eigen redactie leden. 

Mediagroep secretariaat:
Postadres: W. Santemastrjitte 6, 8629 PR Skearnegoutum.

Meewerken aan nieuws?
Heel graag, help mee... Ook u kunt tips of informatie uit het dorp doorgeven, bel of mail ons gerust:

Kopij Mediagroep:
Kopij aan de redactie kan gestuurd worden naar Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.  

Denktank-Mediagroep: Met ideeën/vragen/klachten over de media van Scharnegoutum kunt u terecht bij Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. 

Bezoekers

We hebben 241 gasten en geen leden online