Home
23-sus.jpg

                      Eerste zaterdag van de maand:          Inloop café    <klik hier>

It lot wie de Strikers goedgeunstich! Der waard fansels noch wakker oer nei praten. Oer in kampioenskip wat eins net koe en dochs werklikheid wie oan de ein fan de sneon dêrfoar yn Easterein. Op ûnferklearbere wize leine de Hartwerters de basis foar it kampioenskip fan de Strikers. It lot wie de Strikers goedgeunstich.
It like suver dat de Strikers kampioen wurde moasten, want yn dy earste omloop stiene de mannen út Skearnegoutum mei fjouwer twa efter. It earste en it fjirde boerd sieten noch. En dy beide partijen liken op kamp út te draaien. Dat koe hast net oars. Mar it koe wol. Oan it earste boerd rûn de Hartwerter yn in klassyk einstantsje.

Unbegryplik, mar ja, it wie sa. It fjirde boerd siet noch. De stân wie by de Striker bekend. Hy hie te min oan kamp. De klok koe him allinne de winst noch bringe! De tsjinstanner hie it fansels dreks kamp meitsje moatten, mar dy, dat murk men oan alles, woe winne. Dat is in goeie mentaliteit, mar hy hie gewoan te min tiid. De fangstelling stie klear. Der moast noch twa kear in set dien wurde: ien strykset en dan noch in slachset. Nei de strykset foel de flage: Skearnegoutum – Hartwert 4 – 4.
Oer boppesteand gegeven rekken de tongen aardich los moandeitejûn. Mar ek oer de oare partijen koenen de Strikers har ferlustigje. Unfoarstelbere útslaggen. Lollum mei 7 – 1 oan de kant reage. Nee men koe mei wille en tefredenheid werom sjen op dizze histoaryske damdei wêrop beide achttallen it earste plak op easken.
Der waard ek noch damme. De beide feteranen wûnen beide. Wy ha it oer de Snitsers: Bauke de Boer en Tsjerk Wiersma. De earste makke frij flot dien wurk tsjin de hast noch net fersleine Bauke Bos, Tsjerk Wiersma rekkene yn it einspul ôf mei Rients Wynia. De Strikers hearden suver in swier wurd út de mûle fan Bauke Dykstra. Hy tocht nammentlik troch in daam te jaan en in frije set dêrnei de winst te pakken. Dat gong krekt even oars. Bauke plakte mei syn daam efter de hiele santekream en tocht dat de fijannige daam dêr ek by beflapt waard. Jelle liet him de daam net ôfpakke, want hy sloech net twa,wêr Bauke op rekkene hie, mar trije houtsjes. Doe foel der efkes in grou wurd. Beide mannen hiene nei dy slaggerij noch elk in daam en in houtsje en dat wie kamp.
Utslaggen: Ype Boelens – Dicky van der Meer 1 – 0; Rients Wynia – Tsjerk Wiersma 0 – 1; Sjoerd Jan Bakker – Cor Kooistra 0 – 1; Jelle Wiersma – Bauke Dykstra 0,5 – 0,5; Bauke Bos – Bauke de Boer 0 – 1; Hennie de Haan – Tineke Teigeler 0 – 1; Willem Schaap – Marjolijn Bakker 1 – 0.

Ons dorp in 2014

scharnegoutum-62.jpg

Info Website

Algemene informatie: 
De website van Scharnegoutum (www.skearnegoutum.nl) is de officiële dorpssite van Doarpsbelang Skearnegoutum. Deze site, die dagelijks ruim 210 bezoekers trekt, wordt onderhouden door de vrijwilligers van de Mediagroep Scharnegoutum. Dit is een van de werkgroepen van Doarpsbelang Skearnegoutum. Het doel van de Mediagroep is om inwoners van het dorp en andere geïnteresseerden zo actueel mogelijk te informeren over het dorp, de voorzieningen, verenigingen en bedrijven.

Directe samenwerking:
Met medewerkers van Face-book skearnegoutum en de medewerkers van de Doarpsomropper die maandelijks in druk verschijnt. Ook is er een nauw samenwerkingsverband met Dorpshuis  “It Swettehûs”.

Sponsoren:
Om de kosten van het in stand houden van www.skearnegoutum.nl te dekken, worden Sponsors gevraagd. Voor een bijdrage vanaf € 25.00 staat uw bedrijf bij de site volop "in the picture".
Sponsor worden. Heeft u interesse ? Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.


©Copyrights:
Onze site wordt met veel zorg en inzet geredigeerd. Vrijwel dagelijks zijn de redacteuren aan het werk om de bewoners van Scharnegoutum zo goed mogelijk te informeren. De complete redactie van de Mediagroep doet dit alles op geheel vrijwillige basis.

Het staat u vrij om teksten van onze site te halen en die voor eigen, niet commerciële doeleinden te gebruiken.

De meeste foto’s op de site worden gemaakt door de eigen redactie leden. 

Mediagroep secretariaat:
Postadres: W. Santemastrjitte 6, 8629 PR Skearnegoutum.

Meewerken aan nieuws?
Heel graag, help mee... Ook u kunt tips of informatie uit het dorp doorgeven, bel of mail ons gerust:

Kopij Mediagroep:
Kopij aan de redactie kan gestuurd worden naar Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.  

Denktank-Mediagroep: Met ideeën/vragen/klachten over de media van Scharnegoutum kunt u terecht bij Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. 

Bezoekers

We hebben 267 gasten en geen leden online