Home
26-puur.jpg

16 - 01 -2016: EASTEREIN – Yn de oersichtlike wrâld fan it damjen yn it Fryske spul leine de ferhâldings de lêste jierren wol sa’n bytsje fêst. Op ‘e klupkampioenskippen naaiden de klups fan Hartwert en Aldegea SWF altyd mei de beker út, wylst Skearnegoutum ornaris net fierder kaam as it tredde plak. Dat betearde ôfrûne sneon yn seal Bergsma yn Easterein lykwols oars. It wiene no de dammers fan de Skearnegoutum Stadige Strikers dy’t oan ‘e ein de blommen krigen. En foar Aldegea waard de dei net oars as in lyts drama.

Op de klupkampioenskippen damjen Frysk spul op sneon 16 jannewaris is it earste achttal fan de Strikers kampioen wurden. Op it twadde plak einige Hartwert, tred Lollum en fjirds Aldegea-SWF. It wie foar elk in grutte ferrassing dat de mannen fan de Skearnegoutumer klup kampioen waarden. Hartwert de grossier yn klupkampioenskiptitels waard yn de earste omloop op spektakulêre wize op kamp holden: 4 – 4. Tsjin de oare beide klups sloegen de Strikers ek foar master op. Aldegea 5,5 – 2,5 en Lollum 7 -1. Skearnegoutum kampioen! 

It achttal bestie út de folgjende spilers: Jelle Wiersma, Sjoerd jan Bakker, Willem Schaap, Cor Kooistra, Bauke Dykstra, Dicky van der Meer, Ype Boelens en Harry Postma.
It twadde achttal wûn ek de earste priis yn de tredde klasse. Yn harren groep sieten mar trije achttallen. Yn wêzen moasten se dus twa kear echt oan de bak. Beide kearen wûnen se earst tsjin Hartwert 3 en dêrnei tsjin Aldegea 2. It achttal bestie út: Ynte Dykstra, kees Willem Koopmans, Bauke Bos, Bauke de Boer, Tsjerk Wiersma, Rients Wynia, Tineke Teigeler en Marjolijn Bakker.
Al mei al in fantastysk klupkampioenskip foar de Strikers. Noch mar ien kear earder hiene se it swiet fan it klupkampioenskip preaun. Dat wie yn 2009. Dat smakke doe ek geweldich. Mar ek diskear foaral net minder.

* Onze sponsors *

Zoeken op deze site

Zo was het toen

foto 26-ad.jpg

Ons dorp in 2014

scharnegoutum-09.jpg

Info Website

Algemene informatie: 
De website van Scharnegoutum (www.skearnegoutum.nl) is de officiële dorpssite van Doarpsbelang Skearnegoutum. Deze site, die dagelijks ruim 210 bezoekers trekt, wordt onderhouden door de vrijwilligers van de Mediagroep Scharnegoutum. Dit is een van de werkgroepen van Doarpsbelang Skearnegoutum. Het doel van de Mediagroep is om inwoners van het dorp en andere geïnteresseerden zo actueel mogelijk te informeren over het dorp, de voorzieningen, verenigingen en bedrijven.

Directe samenwerking:
Met medewerkers van Face-book skearnegoutum en de medewerkers van de Doarpsomropper die maandelijks in druk verschijnt. Ook is er een nauw samenwerkingsverband met Dorpshuis  “It Swettehûs”.

Sponsoren:
Om de kosten van het in stand houden van www.skearnegoutum.nl te dekken, worden Sponsors gevraagd. Voor een bijdrage vanaf € 25.00 staat uw bedrijf bij de site volop "in the picture".
Sponsor worden. Heeft u interesse ? Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.


©Copyrights:
Onze site wordt met veel zorg en inzet geredigeerd. Vrijwel dagelijks zijn de redacteuren aan het werk om de bewoners van Scharnegoutum zo goed mogelijk te informeren. De complete redactie van de Mediagroep doet dit alles op geheel vrijwillige basis.

Het staat u vrij om teksten van onze site te halen en die voor eigen, niet commerciële doeleinden te gebruiken.

De meeste foto’s op de site worden gemaakt door de eigen redactie leden. 

Mediagroep secretariaat:
Postadres: W. Santemastrjitte 6, 8629 PR Skearnegoutum.

Meewerken aan nieuws?
Heel graag, help mee... Ook u kunt tips of informatie uit het dorp doorgeven, bel of mail ons gerust:

Kopij Mediagroep:
Kopij aan de redactie kan gestuurd worden naar Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.  

Denktank-Mediagroep: Met ideeën/vragen/klachten over de media van Scharnegoutum kunt u terecht bij Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. 

Bezoekers

We hebben 236 gasten en geen leden online