Home
29-Vakgarage.jpg

It koe net , mar it wie al safier. Fansels waard der neipraat oer de grutte prestaasje fan it earste achttal fan de Stadige Strikers, ôfrûne sneon yn Easterein. Klubkampioen! wa hie dat tinke kinnen? Fansels wiene der inkelde dammers dy’t dit ferline wike foarsein hiene, mar it moat altyd earst noch mar ris, mar in bytsje selsfertrouwen is fansels net ferkeard. De foarsitter wie sa bliid as in protter en sadwaande hie er him mei syn frou in pear dagen Texel kado jûn en moasten wy it dizze jûn sûnder him stelle.

Lokkich wie Ype Boelens, dy’t sneon alhiel net fit wie, wer safier opknapt dat er jûn wer fan de partij wie, mar dan tsjin de altyd drege Willem Schaap damje is in toer en dit ferlear er dizze kear. Us jeugdleden, Kees Castelein en Hester Boelens mochten it tsjin mekoar opnimme en Kees foel foar de sjarmes fan Hester (of Hester makke it him te dreech op it boerd, dat wit de skriuwer net), mar Hester wûn de partij. Dicky van der Meer hie wakker praatsjes en wûn it earste spul tsjin Tineke en woe it dêrnei noch wol efkes opnimme tsjin Jan Castelein, dy’t efkes wachte hie oant der in partij út wie. Ek dizze partij koe er byskriuwe oan syn winstpunten, dus hy bleau noch efkes yn de winstfreugde. It dreechste en langst spul waard spile troch Bauke Bos en Sjoerd Huitema. Efkes like Bos de bettere papieren te hawwen, mar de altyd drege Huitema jout net samar op en komt faaks wol wer werom as syn tsjinstanner wat meiwurket. Bos hie it kamp meitsje kinnen, mar seach dit oer de holle en sadwaande ferlear hy de partij nei in tige spannend spul.

 

Utslaggen:

Sjoerd Jan Bakker – Hennie de Haan 1-0

Dicky van der Meer – Tineke Teigeler 1-0

Hester Boelens – Kees Castelein 1-0

Sjoerd Huitema – Bauke Bos 1-0

Jelle Wiersma – Bauke Dijkstra 1-0

Ype Boelens – Willem Schaap 0-1

Jan Castelein – Dicky van der Meer 0-1

Ons dorp in 2014

scharnegoutum-brug-07.jpg

Algemene informatie: 
De website van Scharnegoutum (www.skearnegoutum.nl) is de officiële dorpssite van Doarpsbelang Skearnegoutum. Deze site, die dagelijks ruim 210 bezoekers trekt, wordt onderhouden door de vrijwilligers van de Mediagroep Scharnegoutum. Dit is een van de werkgroepen van Doarpsbelang Skearnegoutum. Het doel van de Mediagroep is om inwoners van het dorp en andere geïnteresseerden zo actueel mogelijk te informeren over het dorp, de voorzieningen, verenigingen en bedrijven.

Directe samenwerking:
Met medewerkers van Face-book skearnegoutum en de medewerkers van de Doarpsomropper die maandelijks in druk verschijnt. Ook is er een nauw samenwerkingsverband met Dorpshuis  “It Swettehûs”.

Sponsoren:
Om de kosten van het in stand houden van www.skearnegoutum.nl te dekken, worden Sponsors gevraagd. Voor een bijdrage vanaf € 25.00 staat uw bedrijf bij de site volop "in the picture".
Sponsor worden. Heeft u interesse ? Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.


©Copyrights:
Onze site wordt met veel zorg en inzet geredigeerd. Vrijwel dagelijks zijn de redacteuren aan het werk om de bewoners van Scharnegoutum zo goed mogelijk te informeren. De complete redactie van de Mediagroep doet dit alles op geheel vrijwillige basis.

Het staat u vrij om teksten van onze site te halen en die voor eigen, niet commerciële doeleinden te gebruiken.

De meeste foto’s op de site worden gemaakt door de eigen redactie leden. 

Mediagroep secretariaat:
Postadres: W. Santemastrjitte 6, 8629 PR Skearnegoutum.

Meewerken aan nieuws?
Heel graag, help mee... Ook u kunt tips of informatie uit het dorp doorgeven, bel of mail ons gerust:

Kopij Mediagroep:
Kopij aan de redactie kan gestuurd worden naar Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.  

Denktank-Mediagroep: Met ideeën/vragen/klachten over de media van Scharnegoutum kunt u terecht bij Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. 

We hebben 748 gasten en geen leden online