Home
26-puur.jpg

Nestor Bauke de Boer wûn de earste thúswedstriid. Elkenien fan dejingen dy’t it damjen Frysk spul tige genegen is, wit, dat Bauke de Boer tige fertroud is mei dit spul. It die him dan ek tige sear om mei te dielen dat er it fysyk net mear risse koe om op de klup te kommen. Hy kaam fuortendaliks ek mei in oplossing: hy stelde út om de partijen by him thús te spyljen. Foar kofje of tee mei der wat by soe er foar soargje. Syn earste thúswedstriid hat er wûn.

De klup wie it der unanym oer iens dat soks altiten barre moast. It bestjoer hie ien betingst: op de klupjûn leaver net of it soe sa útkomme moatte. By in ûneven oantal dammers bygelyks. De Stadige Strikers ha de leden wol nedich. Al in in oantal jûnen wienen der troch ferskate redenen te folle weibliuwers. Mar goed wy wienen it der dus oer iens dat wy op it fersyk fan De Boer, ús nestor, snein is er 97 jier wurden en like lang lid is as de klup âld is, posityf yn gean moasten.

Hennie de Haan soe as earste de striid oan gean. No en in striid soe it wurde. De nestoer liet him net sa mar ferkatse, dat kin men fan tinken wol ha. Hoewol’t syn fysyk gestel minder wurdt, syn geast is noch as dy fan in jongkeardel. Ferline jier koe er alle titels fan de boeken dy’t er op ’e mulo foar it eksamen lêze moast, noch sûnder mankearen opsizze. En sa is it ek mei it damjen. Net dat it in man is mei in hiele koerfol oan teoryen. Nee dat net, mar is er earst troch de iepening hinne, dan dammet er noch ûnferstelber sterk.

No wie Hennie de Haan fansels wol op de hichte fan De Boer syn damkapasiteiten. En sy wist ek dat hy it meastal fan har wûn hie. No wie it foar De Boer ek noch in thúswedstriid. No om it mar gau te ferklappen: it wie in prachtige en spannende partij. De leden fan de klup krigen op What’s App in foto fan de einstân trochstjoerd. Doe wist elk wol dat it der spannend om ta gie. Uteinlik koe Hennie it net bolwurkje en koe De Boer syn earste puntsje op de kalender sette.

Utslaggen: Hennie de Haan – Bauke de Boer 0 – 1; Hester Boelens – Jan Castelein ½ - ½; Kees Castelein – Tineke Teigeler 0 – 1; Bauke Bos – Ype Boelens 0 – 1; Bauke Dykstra – Sjoerd Jan Bakker ½ - ½; Cor Kooistra – Sjoerd Huitema 1 – 0.

* Onze sponsors *

Zoeken op deze site

Weerpraat

Zo was het toen

november-ad.jpg

Ons dorp in 2014

scharnegoutum-25.jpg

Info Website

Algemene informatie: 
De website van Scharnegoutum (www.skearnegoutum.nl) is de officiële dorpssite van Doarpsbelang Skearnegoutum. Deze site, die dagelijks ruim 210 bezoekers trekt, wordt onderhouden door de vrijwilligers van de Mediagroep Scharnegoutum. Dit is een van de werkgroepen van Doarpsbelang Skearnegoutum. Het doel van de Mediagroep is om inwoners van het dorp en andere geïnteresseerden zo actueel mogelijk te informeren over het dorp, de voorzieningen, verenigingen en bedrijven.

Directe samenwerking:
Met medewerkers van Face-book skearnegoutum en de medewerkers van de Doarpsomropper die maandelijks in druk verschijnt. Ook is er een nauw samenwerkingsverband met Dorpshuis  “It Swettehûs”.

Sponsoren:
Om de kosten van het in stand houden van www.skearnegoutum.nl te dekken, worden Sponsors gevraagd. Voor een bijdrage vanaf € 25.00 staat uw bedrijf bij de site volop "in the picture".
Sponsor worden. Heeft u interesse ? Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.


©Copyrights:
Onze site wordt met veel zorg en inzet geredigeerd. Vrijwel dagelijks zijn de redacteuren aan het werk om de bewoners van Scharnegoutum zo goed mogelijk te informeren. De complete redactie van de Mediagroep doet dit alles op geheel vrijwillige basis.

Het staat u vrij om teksten van onze site te halen en die voor eigen, niet commerciële doeleinden te gebruiken.

De meeste foto’s op de site worden gemaakt door de eigen redactie leden. 

Mediagroep secretariaat:
Postadres: W. Santemastrjitte 6, 8629 PR Skearnegoutum.

Meewerken aan nieuws?
Heel graag, help mee... Ook u kunt tips of informatie uit het dorp doorgeven, bel of mail ons gerust:

Kopij Mediagroep:
Kopij aan de redactie kan gestuurd worden naar Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.  

Denktank-Mediagroep: Met ideeën/vragen/klachten over de media van Scharnegoutum kunt u terecht bij Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. 

Bezoekers

We hebben 793 gasten en geen leden online