Home
01-Ambachtelijk-IJs.jpg

5-11-2019 Sjoerd Huitema hie mear fertsjinne. Wat joech Sjoerd Huitema partij oan Willem Schaap. It wie foar alle omsitters in genot om nei te sjen. Bauke Dykstra spile ek in meunstereftige partij tsjin jelle Wiersma. Dy twa spullen soargen yn elts gefal  foar striid. Dat koe men fan de rest fan de partijen eins net sizze.

It begûn al aardich nei de ein te rinnen en Sjoerd Huitema hold net allinne goed stân tsjin Willem Schaap, nee hy like der sterker út te kommen. No moat men Willem altiten yn de smizen hâlde, want dy kin altiten moaie loopkes yn syn spul breidzje.

Dêr wie er no ek wer wakker mei dwaande. Foar Sjoerd wie it saak om de kop der by te hâlden. Dat er de kop der net by hie, kin men net sizze. Lykwols fleach er dochs noch op kop en earen yn Willem syn falle: In klasyk einspulloopke! Sneu foar de Snitser, hy hie mear fertsjinne, mar foar Willem dochs noch in fol punt en dêr hie er eins net mear op rekkene.

Bauke Dykstra komt alle moandeitejûnen út Nij Beets om hjir syn keunsten te fertoanen. Hy besit in enoarme iepeningsteory. Dat betsjut dat er eins nea yn in iepening in partij ferliest of in ferkearde streek docht. Fouten makket er ek wol, mar dy komme dan altiten oan de ein fan in spul. Hy moast it opnimme tsjin Jelle Wiersma. Dy siet tagelyk tsjin Bauke Bos te damjen. Dat wûn er al frij gau en dêrnei koe er him hielendal talizze op it spul tsjin Dykstra. Dy stie der yntusken prima op. Jelle iepene de grutte trukedoaze om der noch winst út te heljen. Bauke trape dêr net yn mar gie streekrjocht troch sa as er it yn de plasse hie. Dat levere him de winst op.

Utslaggen: Jan Castelein Hennie de Haan 0 – 1; Cor Kooistra – Sjoerd Jan Bakker 0 – 1; Dicky van der Meer – Ype Boelens 1 – 0; Sjoerd Huitema – Willem Schaap 0 – 1; Jelle Wiersma – Bauke Bos 1 – 0; Jelle Wiersma –  Bauke Dykstra 0 – 1.

Ons dorp in 2014

scharnegoutum-brug-04.jpg

Info Website

Algemene informatie: 
De website van Scharnegoutum (www.skearnegoutum.nl) is de officiële dorpssite van Doarpsbelang Skearnegoutum. Deze site, die dagelijks ruim 210 bezoekers trekt, wordt onderhouden door de vrijwilligers van de Mediagroep Scharnegoutum. Dit is een van de werkgroepen van Doarpsbelang Skearnegoutum. Het doel van de Mediagroep is om inwoners van het dorp en andere geïnteresseerden zo actueel mogelijk te informeren over het dorp, de voorzieningen, verenigingen en bedrijven.

Directe samenwerking:
Met medewerkers van Face-book skearnegoutum en de medewerkers van de Doarpsomropper die maandelijks in druk verschijnt. Ook is er een nauw samenwerkingsverband met Dorpshuis  “It Swettehûs”.

Sponsoren:
Om de kosten van het in stand houden van www.skearnegoutum.nl te dekken, worden Sponsors gevraagd. Voor een bijdrage vanaf € 25.00 staat uw bedrijf bij de site volop "in the picture".
Sponsor worden. Heeft u interesse ? Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.


©Copyrights:
Onze site wordt met veel zorg en inzet geredigeerd. Vrijwel dagelijks zijn de redacteuren aan het werk om de bewoners van Scharnegoutum zo goed mogelijk te informeren. De complete redactie van de Mediagroep doet dit alles op geheel vrijwillige basis.

Het staat u vrij om teksten van onze site te halen en die voor eigen, niet commerciële doeleinden te gebruiken.

De meeste foto’s op de site worden gemaakt door de eigen redactie leden. 

Mediagroep secretariaat:
Postadres: W. Santemastrjitte 6, 8629 PR Skearnegoutum.

Meewerken aan nieuws?
Heel graag, help mee... Ook u kunt tips of informatie uit het dorp doorgeven, bel of mail ons gerust:

Kopij Mediagroep:
Kopij aan de redactie kan gestuurd worden naar Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.  

Denktank-Mediagroep: Met ideeën/vragen/klachten over de media van Scharnegoutum kunt u terecht bij Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. 

Bezoekers

We hebben 706 gasten en geen leden online