Home
38-fysio.jpg

De earste damjûn eineget mei In presintsje foar de foarsitter. De Stadige Strikers binne wer los. Ferline wike holden se harren jierfergadering en krûpten ek noch in skoftke efter de buorden. Guon dammen suver de hiele jûn. Dy wienen foar it earst by de Strikers. Fansels woenen in pear fan ’e leden dizze heit en soan graach de begjinselen fan dizze moaie damsport wol efkes bybringe. Dy jiergearkomste ferrûn fierders prima en ôfrûne moandei moast der fuort al wer foar de punten spile wurde. Twa bestjoersleden, ponghâlder Ype Boelens en foarsitter Cor Kooistra sieten dizze jûn it langst. En foar de lêste wie der in presintsje.

Us nestor wie net oanwêzich en it liket sa dat er mooglik net wer damje sil yn it Swettehûs. Om it damjen hoecht er net wei te biuwen, want hy is noch tige skerp, mar de lea spilet him op dit stuit parten. De nijkommer fan ferline wike wie wer paraat, sûnder syn soan. Dy komt nije wike wer. De beide hearen hienen de lêste wike wakker oan it skowen west en soks heart it bestoer fansels graach.

Om werom te kommen op de bestjoersleden sille wy no fierder mei it wedstriidferslach. It wie in aparte partij tusken de ponghâlder en de foarsitter. Gjin teoretyske iepening. It wie wat apart, mar ek saai. Allbeide skoden se wat nei de kanten. Op in stuit hie de foarsitter in houtsje foarkomme kinnen. Dat seach er net. Men moat der ek wer wat yn komme fansels nei in healjier fan drûchstean. It like suver wat op in kampke út te draaien, mar dêr tocht de sinteman oars oer. Hy wie nei in efterstreek fan syn preses, krekt even wat snoader as wer dy op rekkene hie. Hy kaam mei twa houtsjes nei de daam en dêr stûnen sa mar twa fan dy agressive wolven klear om dy iene swarte wolf en twa houtsjes op te fretten. De oare dammers gienen al nei hûs om’t se wisten dat de partij beslikke wie. Ek mei twa dammen moat men likegoed op jin iepenst wêze. De hiele wedstriid hie de ponghâlder gjin misserke makke en no gong er grouwelich yn de fout. It wie net te leauwen, mar doe’t er mei syn wite daam ûnder it swarte houtsje stean gie, koe de foaroanman syn swarte daam ek opofferje en dêrnei de twa dammen mei it oare swarte houtsje slaan. Remize! De mannen koenen elk mei in heale punt yn de pocket op reis nei hûs. De foarsitter fytste fêst lichter as dat er yn de partij ferwachte hie.

Utslaggen: Jelle Wiersma – Dicky van der Meer 1 – 0; Tineke Teigeler – Hester Boelens 1 – 0; Ype Boelens – Cor Kooistra ½ - ½; Willem Schaap – Bauke Dykstra 1 – 0; Hennie de Haan – Bauke Bos 0 – 1.

Ons dorp in 2014

scharnegoutum-53.jpg

Info Website

Algemene informatie: 
De website van Scharnegoutum (www.skearnegoutum.nl) is de officiële dorpssite van Doarpsbelang Skearnegoutum. Deze site, die dagelijks ruim 210 bezoekers trekt, wordt onderhouden door de vrijwilligers van de Mediagroep Scharnegoutum. Dit is een van de werkgroepen van Doarpsbelang Skearnegoutum. Het doel van de Mediagroep is om inwoners van het dorp en andere geïnteresseerden zo actueel mogelijk te informeren over het dorp, de voorzieningen, verenigingen en bedrijven.

Directe samenwerking:
Met medewerkers van Face-book skearnegoutum en de medewerkers van de Doarpsomropper die maandelijks in druk verschijnt. Ook is er een nauw samenwerkingsverband met Dorpshuis  “It Swettehûs”.

Sponsoren:
Om de kosten van het in stand houden van www.skearnegoutum.nl te dekken, worden Sponsors gevraagd. Voor een bijdrage vanaf € 25.00 staat uw bedrijf bij de site volop "in the picture".
Sponsor worden. Heeft u interesse ? Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.


©Copyrights:
Onze site wordt met veel zorg en inzet geredigeerd. Vrijwel dagelijks zijn de redacteuren aan het werk om de bewoners van Scharnegoutum zo goed mogelijk te informeren. De complete redactie van de Mediagroep doet dit alles op geheel vrijwillige basis.

Het staat u vrij om teksten van onze site te halen en die voor eigen, niet commerciële doeleinden te gebruiken.

De meeste foto’s op de site worden gemaakt door de eigen redactie leden. 

Mediagroep secretariaat:
Postadres: W. Santemastrjitte 6, 8629 PR Skearnegoutum.

Meewerken aan nieuws?
Heel graag, help mee... Ook u kunt tips of informatie uit het dorp doorgeven, bel of mail ons gerust:

Kopij Mediagroep:
Kopij aan de redactie kan gestuurd worden naar Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.  

Denktank-Mediagroep: Met ideeën/vragen/klachten over de media van Scharnegoutum kunt u terecht bij Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. 

Bezoekers

We hebben 521 gasten en geen leden online