Home
08-zorgboerderij.jpg

Ôfskiedstoernee....  Op snein 23 juni om 9:30 , sjongt Hindrik van der Meer mei it Kwartettenkoar foar de 14e  keer út Hertslach,  yn de Martenstsjerke yn Skearnegoutum. De toernee rint oan maart 2020 ta en no noch krapoan 20 kear yn likefolle tsjerken rûnom yn ’e provinsje. It seit himsels dat elkenien dêrhinne kin.     

In sjongbondel foar Hindrik van der Meer.  Yn septimber 2018 is muzykman Hindrik van der Meer oan syn ôfskiedstoernee begûn. Mar leafst 43 tsjerken reizget er bydel, om oeral noch ien kear lucht te blazen yn it fluitsje dat er altyd yn ’e bûse hat as dirigint.

Oait rjochte Van der Meer it Kwartettekoar op, dat no al wer trettjin jier mei him ûnderweis is. Hindrik hat de leeftyd fan 80 jier berikt en wurdt no traktearre op in mânske sjongbondel, mei lieten fan himsels en oaren. Op 27 jannewaris 2019 is yn de Anna Tsjerke fan Winsum Hertslach presintearre, 170 ‘lieten om it út te sjongen’, sa’t de ûndertitel seit. “Dêr sit de jubel fan it libben yn, mar ek de oantrún om it fol te hâlden”. Sa beskriuwt Eppie Dam dizze nije lietenbondel. 

It Kwartettekoar moast in ‘briedplak foar eigentiidske liturgy’ wurde, sei Van der Meer doe’t er yn 2006 in oprop die om lid te wurden. It sloech dalik oan en sûnt dy tiid wie it koar, mei leden rûnom wei út de provinsje, net meart fuort te tinken út ’e Fryske tsjerken. It Kwartettekoar hat ek de opdrachtjouwer foar de bondel west.

Yn earste oanlis soe it oanbod beheind bliuwe ta wurk fan Van der Meer sels, mar útjouwerij Intrada seach in moaie gelegenheid om tagelyk ek oare lieten oer it fuotljocht te bringen.

In fjouwerkoppige redaksje, besteande út Eppie Dam, Jan de Jong, Margryt Poortstra en Gerben van der Veen, bûgde him oer de seleksje út tritich jier geastlik repertoire. It resultaat hat in lieteboek fan 272 siden west, dêr’t Fryske sjongers fan alle leeftiden lange jierren mei foarút kinne.    

Op 23 juni sjongt it koar foar de 14e  keer út Hertslach yn de Martenstsjerke yn Skearnegoutum. De toernee rint oan maart 2020 ta en no noch krapoan 20 kear yn likefolle tsjerken rûnom yn ’e provinsje. It seit himsels dat elkenien dêrhinne kin. De komplete útfieringslist is te finen op de webside fan it Kwartettekoar.    

Ons dorp in 2014

scharnegoutum-brug-03.jpg

Info Website

Algemene informatie: 
De website van Scharnegoutum (www.skearnegoutum.nl) is de officiële dorpssite van Doarpsbelang Skearnegoutum. Deze site, die dagelijks ruim 210 bezoekers trekt, wordt onderhouden door de vrijwilligers van de Mediagroep Scharnegoutum. Dit is een van de werkgroepen van Doarpsbelang Skearnegoutum. Het doel van de Mediagroep is om inwoners van het dorp en andere geïnteresseerden zo actueel mogelijk te informeren over het dorp, de voorzieningen, verenigingen en bedrijven.

Directe samenwerking:
Met medewerkers van Face-book skearnegoutum en de medewerkers van de Doarpsomropper die maandelijks in druk verschijnt. Ook is er een nauw samenwerkingsverband met Dorpshuis  “It Swettehûs”.

Sponsoren:
Om de kosten van het in stand houden van www.skearnegoutum.nl te dekken, worden Sponsors gevraagd. Voor een bijdrage vanaf € 25.00 staat uw bedrijf bij de site volop "in the picture".
Sponsor worden. Heeft u interesse ? Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.


©Copyrights:
Onze site wordt met veel zorg en inzet geredigeerd. Vrijwel dagelijks zijn de redacteuren aan het werk om de bewoners van Scharnegoutum zo goed mogelijk te informeren. De complete redactie van de Mediagroep doet dit alles op geheel vrijwillige basis.

Het staat u vrij om teksten van onze site te halen en die voor eigen, niet commerciële doeleinden te gebruiken.

De meeste foto’s op de site worden gemaakt door de eigen redactie leden. 

Mediagroep secretariaat:
Postadres: W. Santemastrjitte 6, 8629 PR Skearnegoutum.

Meewerken aan nieuws?
Heel graag, help mee... Ook u kunt tips of informatie uit het dorp doorgeven, bel of mail ons gerust:

Kopij Mediagroep:
Kopij aan de redactie kan gestuurd worden naar Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.  

Denktank-Mediagroep: Met ideeën/vragen/klachten over de media van Scharnegoutum kunt u terecht bij Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. 

Bezoekers

We hebben 810 gasten en geen leden online