Home
19-hortensia.jpg

6-03-2019 Bauke Dykstra hat ferslach dien oer syn ûnderfinings yn Frjentsjer. Boppesteande kop is foaral ornearre foar dy minsken dy op ’e hichte binne fan it damjen. Oaren soenen tinke kinne: Wie der dan wat mei Bauke Dykstra? Nee der wie neat mei Bauke, mar hy fertûfde wol hast de hiele wike te Frjentsjer. Dêr die er mei oan it Fryslân Iepen.

In grut ynternasjonaal toernoai wêr’t de measte minsken gjin weet fan ha hoe’t dat yn inoar stekt. Bauke hat syn ferhaal dien. De oare twa Strikers, wêrûnder de winner fan it toernoai, wienen net op de klupjûn. Bûten it damjen om belibbe Bauke ek it ien en oar. De Strikers wienen yn elts gefal bliid, dat er noch sa libben as in fisk by harren  siet. Hy hie moaie spullen spile ek tsjin de bûtenlanners. No moast er it wer opnimme tsjin in Striker, te witten Willem Schaap. No dan moatte jo op jins iepenst wêze om dy der ûnder te krijen. Sa as it al sa faak bard is: Willem wûn mei in moaie slach. It hie foar Dykstra fansels hûndert kear oars kinnen, mar ja it gong sa as it gong.

Yn de partij tusken Ype Boelens en Sjoerd Huitema gong it hiel oars. Gjin grutte slaggen, mar ek gjin rare blunders, nee de mannen holden harren sels moai yn lykwicht. Op ’e klok wie dat lykwicht fier te sykjen. Ype spile sa’n bytsje op de automatyske piloat en Sjoerd moast oer alle setten goed neitinke. Dat hie fan gefogen dat Ype noch in oere op it oerwurk hie en Sjoerd noch mar tolve minuten. En de partij wie noch lang net út. Yn de lêste tweintich sekonden makke Sjoerd der kamp fan, wylst er yn in winnende posysje stie. Mar ja de winst  soe noch hiel wat tiid kostje en dat wie der net. Dus dan mar kamp. Dêr fertsjinnet Sjoerd in hiele punt mei en Ype in healen. Der moat ferskil bliuwe.

Utslaggen: Willem Schaap – Bauke Dykstra 1 – 0; Sjoerd Huitema – Ype Boelens 1 - ½;  Bauke Bos – Sjoerd Jan Bakker 0 – 1;  Bauke de Boer – Hennie de Haan 1 – 0; Tineke Teigeler – Cor Kooistra 0 – 1.

Ons dorp in 2014

scharnegoutum-44.jpg

Info Website

Algemene informatie: 
De website van Scharnegoutum (www.skearnegoutum.nl) is de officiële dorpssite van Doarpsbelang Skearnegoutum. Deze site, die dagelijks ruim 210 bezoekers trekt, wordt onderhouden door de vrijwilligers van de Mediagroep Scharnegoutum. Dit is een van de werkgroepen van Doarpsbelang Skearnegoutum. Het doel van de Mediagroep is om inwoners van het dorp en andere geïnteresseerden zo actueel mogelijk te informeren over het dorp, de voorzieningen, verenigingen en bedrijven.

Directe samenwerking:
Met medewerkers van Face-book skearnegoutum en de medewerkers van de Doarpsomropper die maandelijks in druk verschijnt. Ook is er een nauw samenwerkingsverband met Dorpshuis  “It Swettehûs”.

Sponsoren:
Om de kosten van het in stand houden van www.skearnegoutum.nl te dekken, worden Sponsors gevraagd. Voor een bijdrage vanaf € 25.00 staat uw bedrijf bij de site volop "in the picture".
Sponsor worden. Heeft u interesse ? Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.


©Copyrights:
Onze site wordt met veel zorg en inzet geredigeerd. Vrijwel dagelijks zijn de redacteuren aan het werk om de bewoners van Scharnegoutum zo goed mogelijk te informeren. De complete redactie van de Mediagroep doet dit alles op geheel vrijwillige basis.

Het staat u vrij om teksten van onze site te halen en die voor eigen, niet commerciële doeleinden te gebruiken.

De meeste foto’s op de site worden gemaakt door de eigen redactie leden. 

Mediagroep secretariaat:
Postadres: W. Santemastrjitte 6, 8629 PR Skearnegoutum.

Meewerken aan nieuws?
Heel graag, help mee... Ook u kunt tips of informatie uit het dorp doorgeven, bel of mail ons gerust:

Kopij Mediagroep:
Kopij aan de redactie kan gestuurd worden naar Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.  

Denktank-Mediagroep: Met ideeën/vragen/klachten over de media van Scharnegoutum kunt u terecht bij Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. 

Bezoekers

We hebben 684 gasten en geen leden online