Home
19-hortensia.jpg

Utsitte.

Doe’t ik sa âld wie as myn pakesizzers no “sieten” wy it âld jier út. Thús mei heit en mem en de broerkes en suske. Mem hie oaljekoeken en appelflappen bakt en mei de sjoelbak op tafel wie it samar 12 oere. We winsken mekoar in lokkich nijjier en dêrnei gienen we it doarp yn om neffens in soarte fan fêst patroan de buorlju en oare doarpsgenoaten it bêste ta te winskjen. Knalle dienen we benammen mei karbid by de smid wei yn lege farveblikken fan de pleatslike ferver.

De gruttere jonges knalden mei molkbussen op ‘e finne efter de tsjerke. Om in oer as trije 's nachts begûn it slepen dêr’t we oan meidwaan mochten as we in jier as 15 wienen. Fan alles waard fertôge, favoryt wienen kninehokken (sûnder knyn) pikestjelpen en mear fan dit ark. Ek hikken, weinen en oar ridend ark fan boeren en it pleatslike leanbedriuw wienen oantreklike objekten om te ferslepen. Ienkear ha we it prestearre om in haaiwein yn ûnderdielen it tsjerkedak op te slepen om dêr de wein yn mekoar te setten, in hûdfol wurk! It paad nei de tsjerke moast eins elts jier wer blokkearre wurde sadat it tsjerkefolk op de nijjiersmoarn al klunend de tsjerke yn moast, dûmny en âlderlingen foarop. Útgongspunt by it slepen wie altiten dat der neat fernield wurde mocht wat yn 95 % fan de gefallen ek slagge. Yn dy tiid hienen we yn Goaiïngea ek noch in hiel soad poepdoazen mei in tûntsje en it wie faak in sport om dy tûntsje út ’e húskes te heljen en dy dan, kompleet mei ynhâld, op te steapeljen yn de gloppe foar de foardoar fan de pastorij sadat dûmny moarns allinnich mar nei tsjerke koe troch de efterdoar of neidat iverige, betide, tsjerke-gongers de tûnen fuorthelle hienen. Guon slepers wêrûnder ik sels binne wolris stjonkend thúskaam. De deksels fan de tûnen namen we tagelyk ek mei en dy waarden oan in tou bûn wat we dan tusken de grutte bûkebeam foar de pastorij en de elektrisiteitspeal oan de oare kant fan de wei foar tsjerke spanden. It meinimmen fan de tûnen wie frij maklik want de húskes stien sawat allegearre bûtendoar op it hiem by de wenningen. In molkweintsje waard brûkt foar it ferfier troch it doarp. Op nijjiersdei seagen je dan de tûne-gebrûkers mei in gesicht as âlde lapen en kramp yn ‘e kont troch de buorren rinnen mei in tûne. No wienen dy allegearre gelyk, dus sykje der mar ien út dy’t net safolle lading hat, mar mei de deksels wie it in oar ferhaal. Alle kearen die wer bliken dat de measten harren eigen lid net werkenden en sa wie it in hiel o-heden om de goeie mei nei hús te nimmen. Der is hiel wat ôf foetere op de ferrekte jonges. Ien kear ha we ris yn de iere nijjiersmoarn om in oer of seis in molkbus knalle litte op it iis ûnder de brêge. De knal wie alderheislikst en de buorman, ek noch âlderling yn de tsjerke, kaam flokkend en tjirgjend yn ‘e lange ûnderbroek nei bûten stowen en soe ús wit ik wat dien hawwe as we der net útnaaid wienen. 
Moaie oantinkens oan in tiid dy’t no mear as 50 jier efter my leit en wêrfan ik faak tink gie it der noch mar sa gemoedlik om en ta.

In fredich 2019 winskje ik jim ta!

Geart Bos.

* Onze sponsors *

Zoeken op deze site

Weerpraat

Zo was het toen

foto 24-ad.jpg

Ons dorp in 2014

scharnegoutum-62.jpg

Info Website

Algemene informatie: 
De website van Scharnegoutum (www.skearnegoutum.nl) is de officiële dorpssite van Doarpsbelang Skearnegoutum. Deze site, die dagelijks ruim 210 bezoekers trekt, wordt onderhouden door de vrijwilligers van de Mediagroep Scharnegoutum. Dit is een van de werkgroepen van Doarpsbelang Skearnegoutum. Het doel van de Mediagroep is om inwoners van het dorp en andere geïnteresseerden zo actueel mogelijk te informeren over het dorp, de voorzieningen, verenigingen en bedrijven.

Directe samenwerking:
Met medewerkers van Face-book skearnegoutum en de medewerkers van de Doarpsomropper die maandelijks in druk verschijnt. Ook is er een nauw samenwerkingsverband met Dorpshuis  “It Swettehûs”.

Sponsoren:
Om de kosten van het in stand houden van www.skearnegoutum.nl te dekken, worden Sponsors gevraagd. Voor een bijdrage vanaf € 25.00 staat uw bedrijf bij de site volop "in the picture".
Sponsor worden. Heeft u interesse ? Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.


©Copyrights:
Onze site wordt met veel zorg en inzet geredigeerd. Vrijwel dagelijks zijn de redacteuren aan het werk om de bewoners van Scharnegoutum zo goed mogelijk te informeren. De complete redactie van de Mediagroep doet dit alles op geheel vrijwillige basis.

Het staat u vrij om teksten van onze site te halen en die voor eigen, niet commerciële doeleinden te gebruiken.

De meeste foto’s op de site worden gemaakt door de eigen redactie leden. 

Mediagroep secretariaat:
Postadres: W. Santemastrjitte 6, 8629 PR Skearnegoutum.

Meewerken aan nieuws?
Heel graag, help mee... Ook u kunt tips of informatie uit het dorp doorgeven, bel of mail ons gerust:

Kopij Mediagroep:
Kopij aan de redactie kan gestuurd worden naar Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.  

Denktank-Mediagroep: Met ideeën/vragen/klachten over de media van Scharnegoutum kunt u terecht bij Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. 

Bezoekers

We hebben 619 gasten en geen leden online