Home
41-byDieuwke.jpg

20-12-2018 Tiidneed brekt Sjoerd Huitema wol faker op. Sjoerd Huitema kin omraak damje. Dat liet er moandeitejûn wer sjen. Hy hold de sterke Sjoerd Jan Bakker aardich yn ’e stokken. Spitigernôch bruts tiidneed him yn it einspul noch soer op. Foar de yn it sâlt bebiten dammers Frysk spul binne in protte streken hiel logysk. Dêr hoege se ek net lang oer nei te tinken. By Huitema leit dat oars. Hy hat syn hiele libben de Hollânske fariant spile. Foar him binne yn dat spul in protte streken ek logysk, mar no’t er al in pear jier ek it Fryske damjen beöefenet, binne foar him dy streken noch net sa dat er se ien-twa-trije docht. Nee hy moat der earst noch wol even oer neitinke.

Dêrnei binne dy streken hast ek altiten goed. Sa gyng dat ek yn de partij fan him tsjin Bakker. De lêste hie noch 45 minuten op de klok en hy noch 2 en in heale minút. Yn dy tiid moast er der mei syn daam foar soargje, dat Bakker der net noch in houtsje troch krije soe. Ien ferkeard streekje en sa’n houtsje fljocht der troch hinne en wurdt dan daam. Doe’t it hout der sa goed as trtoch wie, foel de flage fan Sjoerd. Spitich foar Huitema, want in healtsje hie er dûbel en dwers fertsjinne. Troch dat lange tinken komt Sjoerd wol faker yn tiidneed en dan rint it faak net goed ôf.
Tineke Teigeler starte mei in protte moed tsjin Bauke Dykstra. Har stelling like der hiel aardich op. Se tocht dat se Dykstra wol efkes in poat útdraaie koe mei in moai loopke. Foar har wie it spitich dat Dykstra krekt even oars sloech as wat sy yn gedachten hie. Doe gie it feest net troch en Tineke bleau wat mei in ferfelend foarlik houtsje sitten. Op dat hout koe Dykstra syn pylken rjochtsje. Hy skeat in pear setten goed raak. Hy sloech wol fiif yn ien kear. Doe koe Tineke de bakker en de slachter wol ôfsizze.
Earst hienen Willem Schaap en Cor Kooistra tsjin de beide jongeren in potsje spile om se de iepeningen wat by te bringen. Dêrnei gongen se sels mei-elkoar yn de slach. Dat soe in prachtich gefjocht wurde. In moaie iepen partij mei in protte driging. Net ien fan beiden stapte yn in falle en sa berikten se mei in moaie stân it einspul. It kaam krekt, mar mear as kamp koe net ien fan beiden der út krije.
Utslaggen: Bauke Bos – Hennie de Haan 1 – 0; Sjoerd Jan Bakker – Sjoerd Huitema 1 – 0; Jelle Wiersma – Ype Boelens 1 – 0;Tineke Teigeler – Bauke Dykstra 0 – 1; Hester Boelens – Hessel Boelens 1 – 0; Willem Schaap – Cor Kooistrs ½ - ½.

Ons dorp in 2014

scharnegoutum-brug-02.jpg

Info Website

Algemene informatie: 
De website van Scharnegoutum (www.skearnegoutum.nl) is de officiële dorpssite van Doarpsbelang Skearnegoutum. Deze site, die dagelijks ruim 210 bezoekers trekt, wordt onderhouden door de vrijwilligers van de Mediagroep Scharnegoutum. Dit is een van de werkgroepen van Doarpsbelang Skearnegoutum. Het doel van de Mediagroep is om inwoners van het dorp en andere geïnteresseerden zo actueel mogelijk te informeren over het dorp, de voorzieningen, verenigingen en bedrijven.

Directe samenwerking:
Met medewerkers van Face-book skearnegoutum en de medewerkers van de Doarpsomropper die maandelijks in druk verschijnt. Ook is er een nauw samenwerkingsverband met Dorpshuis  “It Swettehûs”.

Sponsoren:
Om de kosten van het in stand houden van www.skearnegoutum.nl te dekken, worden Sponsors gevraagd. Voor een bijdrage vanaf € 25.00 staat uw bedrijf bij de site volop "in the picture".
Sponsor worden. Heeft u interesse ? Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.


©Copyrights:
Onze site wordt met veel zorg en inzet geredigeerd. Vrijwel dagelijks zijn de redacteuren aan het werk om de bewoners van Scharnegoutum zo goed mogelijk te informeren. De complete redactie van de Mediagroep doet dit alles op geheel vrijwillige basis.

Het staat u vrij om teksten van onze site te halen en die voor eigen, niet commerciële doeleinden te gebruiken.

De meeste foto’s op de site worden gemaakt door de eigen redactie leden. 

Mediagroep secretariaat:
Postadres: W. Santemastrjitte 6, 8629 PR Skearnegoutum.

Meewerken aan nieuws?
Heel graag, help mee... Ook u kunt tips of informatie uit het dorp doorgeven, bel of mail ons gerust:

Kopij Mediagroep:
Kopij aan de redactie kan gestuurd worden naar Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.  

Denktank-Mediagroep: Met ideeën/vragen/klachten over de media van Scharnegoutum kunt u terecht bij Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. 

Bezoekers

We hebben 552 gasten en geen leden online