14-12-2018 Spullen foar de Fryslân Kup soargen foar spektakel. It hat fansels wol wat dy knok-out striid yn de Fryslân Kup. Foaral as der dan ek noch aardich damme wurdt. Moandeitejûn waarden twa fan dy spullen foar de Kup yn it Swettehûs ferspile. Fierders wienen der fansels ek noch de fiif kompetysjepartijen.
Opfallend yn de kompetysje is, dat nestor Bauke de Boer it winnen wat ferleard is. Sa liket it teminsten wol. Hy ferlear no wer troch in blunderke tsjin Bauke Bos.
Gong De Boer yn it begjin fan dizze kompetysje as in spear, no heakket de masine wat. Dat die freedtejûn ek bliken op it Stryk-ta toernoai. Hy ferlear twa kear troch wat sleauwichheden. Dat ferwachtsje jo net fan in man dy’t al mear as tachtich jier aktyf is op it fjouwerkante boerd. Altiten like skerp, mar no is it krekt of sitte se achter him oan en makket er yn sân hasten de foutsjes.
In moaie partij spilen de talinten Sjoerd Huitema en Paul Borghaerts. Se joegen beide gjin sentimeter ta. Se makken ek gjin rare fouten. Dochs soe it even mis gean mei Paul. Nei de tiid wist er ek presys wat de fout west hie. Sjoch as men dat mar wit, dan kin men foarút komme.
It spektakel waard op twa aparte tafels oan de oare kant fan de smûke bar opfierd. Dêr sieten Bauke Dykstra en Cor Kooistra en dy moasten tsjin Taeke Kooistra út Hartwert en Pieter Hoogterp út De Gaastmar. De partij tusken Bauke en Taeke krige in prachtich ferrin. Healwei stie der in stân op it boerd om fan te smullen. De iene Striker nei de oare kaam even sjen nei dit spul, wêryn it like dat Dykstra der wat solider op stie as syn opponint. Elkenien woe der tsjûge fan wêze dat Bauke de achttjinfâldich kampioen Frysk spul pakke soe. In kat yn it nau makket rare sprongen. Sa gie it ek yn dizze partij. Taeke seach noch in moaie fariant en wûn dochs noch. De partij tusken Pieter en Cor hie wat minder belangstelling. Dy partij wie ek wat ienfâldiger. Sa like it, mar ûndertusken sieten dêr ek hiele moaie lopen en mooglike flypflappen yn. Troch der skerp by te bliuwen, waarden de ferskate lopen ûnskaadlik makke. Yn it einspul kaam Kooistra wat better op it boerd te stean en makke it mei in suterich setsje út.
Utslaggen: Paul Borghaerts – Sjoerd Huitema 1 – 0; Jelle Wiersma – Sjoerd Jan Bakker 1 – 0; Dicky van der Meer – Hennie de Haan 1 – 0; Bauke de Boer – Bauke Bos 0 – 1; Ype Boelens – Willem Schaap 0 – 1: Frl Kup: Taeke Kooistra – Bauke Dykstra 1 – 0; Pieter Hoogterp – Cor Kooistra 0 – 1.