Home
35-dekajuit.jpg

Tineke Teigeler pakt har pr troch de winst op in “herintreder”. Dat Tineke Teigeler altiten like fleurich by de klup fan de Stadige Strikers oanskood, is op himsels al in merakel. Hast alle kearen gyng se ferline jier mei in nul nei hûs. Ien suterich kampke, in heal puntsje, waard der foar har op de kompetysjelist skreaun. Alle kearen nimt se likegoed mei fol entûsjasme wer plak efter it damboerd. Har doel foar dit jier wie: it oantal punten fan ferline jier oertreffe. In nij pr wie dus it doel. Dêr is se yn slagge tsjin ïn “herintreder”.

No is dy herintreder net de earste de bêste, mar in gedegen dammer. As syn namme Paul Borghaerts is, en dat is dy, dan witte de ynwijden wol dat dy man in aardich poepke damme kin. In wykmannich lyn joech er oan dat er him werom luts út de kompetysje fanwege in soad oare drokte. Moandeitejûn wie er der wer en elkenien hat him ferwolkomme. Prachtich.
Tineke en Paul makken der in hiele moaie partij fan. Se ûntrûnen elkoar neat. Se krigen ek allebeide sa’n bytsje tagelyk in daam. It omsittend laach tocht , dat it wol remize wurde soe. Dat moat dan fansels altiten noch mar. Oan Tineke wie te sjen dat se earne op longere. Op in set fan Paul dy’t har de winst bringe soe. Paul sels hie der al hielendal gjin euvelmoed yn. Hy miende dat er mei in streekje rjochting de daamline wer in stapke fierder kommen wie foar syn twadde daam. Dêr longere Tineke no krekt op. Sy hoegde net lang te tinken: liet har houtsje slaan troch Paul syn foarlike hout en koe dêrnei mei har daam it houtsje en Paul syn daam der ôffege. It p.r. wie binnen.
It moast der miskien wol in kear fan komme, dat nestor Bauke de Boer oan it koarste ein lûke soe. Tsjin Sjoerd Jan Bakker koe er it net bolwurkje. No koe er him dat sels ek wat oanrekkenje, want hy skode even te rap. Nei’t er dat die, seach er al dat er sa in houtsje ferspile. Mei in houtsje efter tsjin Sjoerd Jan Bakker, dan witte jo it wol. Der is dan ornaris gjin salve mear oan te striken.
Der sitte no twa Snitser pubers by ús op de klup. Wy sjogge mei graachte de Skearnegoutumer pubers ek opdaagjen. Der binne noch wol in stikmannich dy’t de spulregels noch wol witte en oars wurde se troch de oare Strikers wol oanleard.
Utslaggen: Bauke Dykstra – Dicky van de Meer 1 – 0; Bauke de Boer – Sjoerd Jan Bakker 0 – 1; Jelle Wiersma –Bauke Bos 1 – 0; Paul Borghaerts – Tineke Teigeler 0 – 1; Cor Kooistra – Willem Schaap 0 – 1.

* Onze sponsors *

Zoeken op deze site

Weerpraat

Zo was het toen

Foto_02ad.jpg

Ons dorp in 2014

scharnegoutum-50.jpg

Info Website

Algemene informatie: 
De website van Scharnegoutum (www.skearnegoutum.nl) is de officiële dorpssite van Doarpsbelang Skearnegoutum. Deze site, die dagelijks ruim 210 bezoekers trekt, wordt onderhouden door de vrijwilligers van de Mediagroep Scharnegoutum. Dit is een van de werkgroepen van Doarpsbelang Skearnegoutum. Het doel van de Mediagroep is om inwoners van het dorp en andere geïnteresseerden zo actueel mogelijk te informeren over het dorp, de voorzieningen, verenigingen en bedrijven.

Directe samenwerking:
Met medewerkers van Face-book skearnegoutum en de medewerkers van de Doarpsomropper die maandelijks in druk verschijnt. Ook is er een nauw samenwerkingsverband met Dorpshuis  “It Swettehûs”.

Sponsoren:
Om de kosten van het in stand houden van www.skearnegoutum.nl te dekken, worden Sponsors gevraagd. Voor een bijdrage vanaf € 25.00 staat uw bedrijf bij de site volop "in the picture".
Sponsor worden. Heeft u interesse ? Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.


©Copyrights:
Onze site wordt met veel zorg en inzet geredigeerd. Vrijwel dagelijks zijn de redacteuren aan het werk om de bewoners van Scharnegoutum zo goed mogelijk te informeren. De complete redactie van de Mediagroep doet dit alles op geheel vrijwillige basis.

Het staat u vrij om teksten van onze site te halen en die voor eigen, niet commerciële doeleinden te gebruiken.

De meeste foto’s op de site worden gemaakt door de eigen redactie leden. 

Mediagroep secretariaat:
Postadres: W. Santemastrjitte 6, 8629 PR Skearnegoutum.

Meewerken aan nieuws?
Heel graag, help mee... Ook u kunt tips of informatie uit het dorp doorgeven, bel of mail ons gerust:

Kopij Mediagroep:
Kopij aan de redactie kan gestuurd worden naar Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.  

Denktank-Mediagroep: Met ideeën/vragen/klachten over de media van Scharnegoutum kunt u terecht bij Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. 

Bezoekers

We hebben 364 gasten en geen leden online