Home
35-dekajuit.jpg

24-10-2018, Sjoerd Huitema wat yn de war: Hy tocht dat er Sinteklaas wie. Ferline wike ha wy yn it stikje Bauke de Boer efkes by de kop hân. Moandeitejûn spile er ek in toantsje mei yn it no kommende ferslach. Sjoerd Huitema siet nammentlik tsjinoer de nestor fan de klup. Dat like allegearre hiel goed  te kommen foar Huitema, want al frij gau kaam er in houtsje foar.

Hy strykt no foar it twadde jier by de Strikers.

En dat docht er by útstek. Hy lit him der net sa mar ôf strike. Dat is net frjemd, want hy is ien en al damjen. Hy dammet by Offenwier, Boalsert-Warkum en by Fryslân Damcombinatie yn Ljouwert. Ferline wike liet er ús noch in prachtige winnende kombinaasjeset sjen sa’t er dat spile hie tsjin in spiler earne út it lân. Hoe’t er dat fertelde en sjen liet, dat wie in lust. Ien en al in leafhawwer!

It Fryske spul hat er ek al aardich yn de macht en jout ek tsjin de goeie dammers út de heechste groep prima partij. Moandei like it dus wer de goeie kant op te gean. Mar sa’t ferline wike wol bliken dien hat, is men net sa mar ôf fan de âld baas. Dy breidet der altiten wol wer in moai setsje yn. Sjoerd moast der dus om tinke. It bêste foar him soe wêze om mar wat ôf te ruiljen. Hy is fansels  in echte dammer en wol spul meitsje. Dochs gyng  it doe mis. Hy striek in houtsje en De Boer skeat er by wize fan sprekken as in snoek op ôf. Dy hoegde net nei te tinken. Hy offere mei in heakje twa houtsjes en sloech doe yn de swarte houtsjes fan Sjoerd om as mâle Jan yn de hinnen. Der gie omtrint alles ôf. Hoe koe soks no. It sil fêst sa west ha: Sjoerd hat efkes tocht dat er Sinteklaas wie en dêrom  mei kadootsjes begûn te struien.

De beide koprinders namen it op tsjin elkoar. Oan de iene kant mei wyt wie dat Sjoerd jan Bakker. De swarte houtsjes behearden ta oan Jelle Wiersma.It waard in hiele ynteressante partij. Lang wie der net folle fan te sizzen. Ien ding foel wol op dat Wiersma krekt wat foarliker stie as Bakker. Dat soe úteinlik ek de trochslach jaan. Rekkenmaster Jelle hie it hielendal útpluze en de omsitters seagen foar Bakker de buoi al hingjen. Dat die Bakker sels ek en moast syn tsjinstanner de fiif jaan.

Utslaggen: Tineke teigeler – Bauke Bos 0 – 1; Hennie de Haan – Bauke Dykstra 0 – 1; Sjoerd Jan Bakker – jelle Wiersma 0 – 1; Dicky van der Meer – Cor Kooistra 1 – 0; Bauke de Boer – Sjoerd Huitema 1 – 0.

* Onze sponsors *

Zoeken op deze site

Weerpraat

Zo was het toen

oude-kerk-kleur.jpg

Ons dorp in 2014

scharnegoutum-77.jpg

Info Website

Algemene informatie: 
De website van Scharnegoutum (www.skearnegoutum.nl) is de officiële dorpssite van Doarpsbelang Skearnegoutum. Deze site, die dagelijks ruim 210 bezoekers trekt, wordt onderhouden door de vrijwilligers van de Mediagroep Scharnegoutum. Dit is een van de werkgroepen van Doarpsbelang Skearnegoutum. Het doel van de Mediagroep is om inwoners van het dorp en andere geïnteresseerden zo actueel mogelijk te informeren over het dorp, de voorzieningen, verenigingen en bedrijven.

Directe samenwerking:
Met medewerkers van Face-book skearnegoutum en de medewerkers van de Doarpsomropper die maandelijks in druk verschijnt. Ook is er een nauw samenwerkingsverband met Dorpshuis  “It Swettehûs”.

Sponsoren:
Om de kosten van het in stand houden van www.skearnegoutum.nl te dekken, worden Sponsors gevraagd. Voor een bijdrage vanaf € 25.00 staat uw bedrijf bij de site volop "in the picture".
Sponsor worden. Heeft u interesse ? Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.


©Copyrights:
Onze site wordt met veel zorg en inzet geredigeerd. Vrijwel dagelijks zijn de redacteuren aan het werk om de bewoners van Scharnegoutum zo goed mogelijk te informeren. De complete redactie van de Mediagroep doet dit alles op geheel vrijwillige basis.

Het staat u vrij om teksten van onze site te halen en die voor eigen, niet commerciële doeleinden te gebruiken.

De meeste foto’s op de site worden gemaakt door de eigen redactie leden. 

Mediagroep secretariaat:
Postadres: W. Santemastrjitte 6, 8629 PR Skearnegoutum.

Meewerken aan nieuws?
Heel graag, help mee... Ook u kunt tips of informatie uit het dorp doorgeven, bel of mail ons gerust:

Kopij Mediagroep:
Kopij aan de redactie kan gestuurd worden naar Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.  

Denktank-Mediagroep: Met ideeën/vragen/klachten over de media van Scharnegoutum kunt u terecht bij Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. 

Bezoekers

We hebben 1078 gasten en geen leden online