Home
13-sonsoring.jpg

10-10-2018 Trije miggen yn ien klap. Trije yn ien. Gjin trije-ienheid, nee dat net. Wy moatte de minsken dy’t no in teologyske útiensetting oer de triniteit ferwachtsje teloarstelle. Hoewol dat in hiel ynteressant gegeven is, geane wy no fierder mei trije damjûnen yn ien ferslach.
Twa wike lyn kamen de Stadige Strikers foar it earst wer by-inoar. It waard in tige gesellige jûn. In fleurige boel.

It wie sa as it de lêste jierren it gefal is: begjin septimber krigen wy op de app fan Tineke de fraach wannear wy hast wer ris begjinne soenen. It bestjoer appte werom: Op de 24ste. Sa let wie de reaksje. Ja sa let. Ien fan ús leden kaam lykwols in wike earder foar de tichte doar. Allegearre signalen dat men der sinne oan hie om wer te begjinnen. Alderhande saken waarden op in fleurige wize besprutsen. Dêrnei waard noch efkes foar spek en brea ús moaie sport beoefene.
De earste echte damjûn liigde der net om. Noch hast nea ha yn de histoarje fan de Stadige Strikers de dammers sa stil harren potsjes skood. It gyng der om wei krekt of wie it in kampioenskip. Hiele spannende partijen. Guon ferlearen krekt op de streek. Oaren joegen omraak partij, mar koenen it yn de einfaze krekt net rêde. Koprinner waard Dicky van der Meer troch twa partijen te winnen.
De tredde mich like in protte op de twadde. Der waard wer omraak spile. Hoewol Dicky van der Meer as koprinner oan syn partij tsjin Jelle Wiersma begûn, koe er oan de titel koprinner net in ferfolch jaan. It potsje wie nammentlik ridlik gau út. Dêrom spilen de beide mannen ek fuort it twadde potsje mar. Dat wûn Jelle ek. Hy is no de listoanfierder. Us nestor fan de klup wûn syn twadde spul ek. Ferline wike fan bauke Bos en no fan syn omkesizzer Ype Boelens. Dy lêste partij levere him twa punten op.
Utslaggen 3 – 10: Bauke Dykstra - Sjoerd Jan Bakker 0 – 1; Cor Kooistra – Jelle Wiersma 0 – 1; Willem Schaap – Sjoerd Huitema 1 – 0; Ype Boelens – Dicky van der Meer 0 – 1; Tineke Teigeler – Hennie de Haan 0 – 1; Bauke Bos – Bauke de Boer 0 – 1; Dicky van der Meer – Tineke Teigeler 1 – 0. 10 – 10: Dicky van der Meer – Jelle Wiersma 0 – 1; Bauke Bos – Bauke Dykstra 0 – 1; Hennie de Haan – Sjoerd Huitema 0 – 1; Bauke de Boer- Ype Boelens 2 – 0; Tineke Yeigeler – Ype Boelens 0 – 1; Cor Kooistra – Sjoerd Jan Bakker ½ - ½; Jelle Wiersma – Dicky van der Meer 1 – 0.

* Onze sponsors *

Zoeken op deze site

Weerpraat

Zo was het toen

foto_18-ad.jpg

Ons dorp in 2014

scharnegoutum-brug-06.jpg

Info Website

Algemene informatie: 
De website van Scharnegoutum (www.skearnegoutum.nl) is de officiële dorpssite van Doarpsbelang Skearnegoutum. Deze site, die dagelijks ruim 210 bezoekers trekt, wordt onderhouden door de vrijwilligers van de Mediagroep Scharnegoutum. Dit is een van de werkgroepen van Doarpsbelang Skearnegoutum. Het doel van de Mediagroep is om inwoners van het dorp en andere geïnteresseerden zo actueel mogelijk te informeren over het dorp, de voorzieningen, verenigingen en bedrijven.

Directe samenwerking:
Met medewerkers van Face-book skearnegoutum en de medewerkers van de Doarpsomropper die maandelijks in druk verschijnt. Ook is er een nauw samenwerkingsverband met Dorpshuis  “It Swettehûs”.

Sponsoren:
Om de kosten van het in stand houden van www.skearnegoutum.nl te dekken, worden Sponsors gevraagd. Voor een bijdrage vanaf € 25.00 staat uw bedrijf bij de site volop "in the picture".
Sponsor worden. Heeft u interesse ? Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.


©Copyrights:
Onze site wordt met veel zorg en inzet geredigeerd. Vrijwel dagelijks zijn de redacteuren aan het werk om de bewoners van Scharnegoutum zo goed mogelijk te informeren. De complete redactie van de Mediagroep doet dit alles op geheel vrijwillige basis.

Het staat u vrij om teksten van onze site te halen en die voor eigen, niet commerciële doeleinden te gebruiken.

De meeste foto’s op de site worden gemaakt door de eigen redactie leden. 

Mediagroep secretariaat:
Postadres: W. Santemastrjitte 6, 8629 PR Skearnegoutum.

Meewerken aan nieuws?
Heel graag, help mee... Ook u kunt tips of informatie uit het dorp doorgeven, bel of mail ons gerust:

Kopij Mediagroep:
Kopij aan de redactie kan gestuurd worden naar Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.  

Denktank-Mediagroep: Met ideeën/vragen/klachten over de media van Scharnegoutum kunt u terecht bij Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. 

Bezoekers

We hebben 488 gasten en geen leden online