Blog
20-Punter.jpg

Mei in needgong op nei de ein. Hoe’t de mannen it hienen, is suver net nei te kommen. Wylst de oare fiif partijen noch allegearre it boerd fol mei houtsjes hienen, pronken op it boerd fan Bakker en Boelens noch mar acht houten. Fjouwer witen fan Bakker en likefolle swarten fan Boelens. Ït gie sa like it wol mei in needgong nei de ein fan de lêste kompetysjepartij fan it jier.
Ype sei: “Sjoerd Jan hie de gong der goed yn, der waard oan ientriedwei ôfruile en dan krije jo soks!” By dy fjouwer om fjouwer wie neat te sizzen oer de bêste kânsen fan ien fan beiden. It like op in frij gelikense stân. Dat soe yn de rin fan dit einspul ek bliken dwaan. Beide mannen krigen in daam en se besieten elk noch in houtsje. In hurdrinner koe tusken twa stappen wol sjen dat dit neat oars as kamp wurde soe. Sa wie it ek. De mannen joegen inoar de hân en de oare dammers sieten allegearre noch te switten yn harren middenspul.

Op Tineke Teigeler nei. Dy wikselet sterke jûnen noch wol ris ôf mei swakke. Moandeitejûn wie der ien fan de lêste kategory. Sy brocht der net safolle fan te rjochte en rekke op in te simpele manier in houtsje efter. Miskien kaam it ek wol omdat se tsjin Bauke de Boer siet. Se hat yn it foar al it gefoel dat se net tsjin De Boer winne kin. No falt it ek net ta on De Boer te ferslaan. Dat wit elk. Tineke makke it him fierstente makkelik. As jo tsjin sa’n man in houtsje kwytreitsje, dan kinne jo it fierder wol ferjitte.
Hy hat der wer in puntsje by. Wy ha it oer Rients Wynia. Twa kear wûn er oant no ta en no pakte er syn tredde oerwinning. Tsjin Hennie de Haan. Hoe’t it krekt om em ta gong, wit de skriuwer net. Wol wit er dat Wynia wakker ynnommen wie mei syn oerwinning. In bysûnderheid yn dizze is, dat er al dy punten tsjin froulju behelle.
Tsjerk hie it al lang sjoen. Hy koe net mear winne. Hy joech Bauke Bois de hân. Omstanners mienden dat der noch wol muzyk yn sitten hie foar de Snitser senior. Neier besjoen bliek de man hielendal gelyk te hawwen. Bos fûn it wol goed. Hy hat der al wer in punt by. Oant no ta hat er noch mar ien kear ferlern. Sadwaande giet er mear as stevich oan kop yn groep twa.
De twa oare spullen, dy tusken Jelle Wiersma en Willem Schaap en tusken Cor Kooistra en Bauke Dykstra einigen allebeide mei in moaie flypflap. Beide yn it foardiel fan de wytspilers, wylst de stannen fan de beide swartspilers sterker liken.
Utslaggen: Hennie de Haan – Rients Wynia 0 – 1; Sjoerd Jan Bakker – Ype Boelens ½ - ½; Jelle Wiersma – Willem Schaap 1 – 0; Tineke Teigeler – Bauke de Boer 0 – 1; Bauke Bos – Tsjerk Wiersma 1 – 0; Cor Kooistra – Bauke Dykstra 1 – 0.

Ons dorp in 2014

scharnegoutum-42.jpg

Algemene informatie: 
De website van Scharnegoutum (www.skearnegoutum.nl) is de officiële dorpssite van Doarpsbelang Skearnegoutum. Deze site, die dagelijks ruim 210 bezoekers trekt, wordt onderhouden door de vrijwilligers van de Mediagroep Scharnegoutum. Dit is een van de werkgroepen van Doarpsbelang Skearnegoutum. Het doel van de Mediagroep is om inwoners van het dorp en andere geïnteresseerden zo actueel mogelijk te informeren over het dorp, de voorzieningen, verenigingen en bedrijven.

Directe samenwerking:
Met medewerkers van Face-book skearnegoutum en de medewerkers van de Doarpsomropper die maandelijks in druk verschijnt. Ook is er een nauw samenwerkingsverband met Dorpshuis  “It Swettehûs”.

Sponsoren:
Om de kosten van het in stand houden van www.skearnegoutum.nl te dekken, worden Sponsors gevraagd. Voor een bijdrage vanaf € 25.00 staat uw bedrijf bij de site volop "in the picture".
Sponsor worden. Heeft u interesse ? Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.


©Copyrights:
Onze site wordt met veel zorg en inzet geredigeerd. Vrijwel dagelijks zijn de redacteuren aan het werk om de bewoners van Scharnegoutum zo goed mogelijk te informeren. De complete redactie van de Mediagroep doet dit alles op geheel vrijwillige basis.

Het staat u vrij om teksten van onze site te halen en die voor eigen, niet commerciële doeleinden te gebruiken.

De meeste foto’s op de site worden gemaakt door de eigen redactie leden. 

Mediagroep secretariaat:
Postadres: W. Santemastrjitte 6, 8629 PR Skearnegoutum.

Meewerken aan nieuws?
Heel graag, help mee... Ook u kunt tips of informatie uit het dorp doorgeven, bel of mail ons gerust:

Kopij Mediagroep:
Kopij aan de redactie kan gestuurd worden naar Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.  

Denktank-Mediagroep: Met ideeën/vragen/klachten over de media van Scharnegoutum kunt u terecht bij Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. 

We hebben 328 gasten en geen leden online