Blog
06-Breuker.jpg

It seach der net út de lêste jierren, mar no is er wer in pronkje yn it lânskip, de Midlânsdyk dy`t yn it ferline Spearsterdyk neamt waard. Der is trochgeans in soad krityk op gemeenten, mar foar dit wurk fertsjinnet de gemeente SWF in waarme brûs (douche) om mar eefkes mei it TVprogramma Kassa te sprekken.

Dizze dyk fertsjinne it ek om oan te pakken om`t it net samar in dyk is. De dyk is mear dan tûzend jier âld en is oanlein om it wetter fan de Middelsee te keren. Saakkundigen binne it net folslein iens of de dyk in echte middelsee dyk wie dan wol in dyk dy`t de ferskate wetterstreamen fan foar it ûntstien fan de middelsee, keare moast. Yn syn boek Skiednis fan Skearnegoutum neamt Santema it in echte middelseedyk en hy ferklearret dat fanwege it feit dat alle pleatsen oan de eastsúdelike kant fan de dyk lizze mar ek fanwege ûndersyk nei de grûnsoarten dy`t ûnder de ferskate diken oanwêzich binne. Dat waard yn it ferline wiidweidich ûndersocht yn it ramt fan it beskriuwen fan de skiednis. By de midlânsdyk komt die oerien mei alle oare middelseediken.

De midlânsdyk, ik neam him nochris Spearsterdyk, Santema die dat ek graach, is dêrmei in tige wichtich kultuer historysk elemint yn it lânskip sa`t wy dat no kenne. De dyk hearde by Goeingea sa blykt út de skiednis. De tsjerke fan Goeingea wie eigener mar doe`t de tiden feroaren is dat nei de boargerlike oerheid oergien. Sa is no de gemeente SWF ferantwurdelik foar it ûnderhâld fan de dyk. Dat moat mei eigen middels, der is gjin extra jild foar diken mei in skiednis.

De gemeente moat en docht dat ek, rekken hâlde mei dizze status en hat oerlis mei de provinsje as der oan de dyk wurke wurde moat. Sa hearde ik fan in amtner dat der diskusje west hat oer it al dan net oanbringen fan útwykplakken foar it ferkear yn ferbân mei it foarbykommen. Dy plakken binne der net kommen en dat hat te krijen mei de kultuerhistoryske status fan de dyk.

It docht no al bliken dat der op`e nij spoaren fan lânbou ferkear neist de ferhurding ûntsteane. De gemeente folget dat no mei argewaasje en hopet dat it goed komt as it nij ynsjidde gers hâldfêst krigen hat. As dat net bard sil der wer sjoen wurde oft der noch oare mooglikheden binne. It soe moai wêze as minsken rekken hâlde mei de dyk troch mei de auto eefkes oan de kant stean te gean as der lânbouferkear foarby komt. 

It wurk oan de dyk is in moai slagge produkt wurden. It asfalt leit der tige glêd yn, dêrom hinne in smelle bân fan beton, alteast yn de bochten fan de dyk en dernei, nei it talud ta, moai ôfwurke mei ljochte stien. Ik sjocht in wurk dat mei soarch útfiert is. Proficiat gemeente, dat mei ek wolris sein wurde.

 

Ons dorp in 2014

scharnegoutum-43.jpg

Algemene informatie: 
De website van Scharnegoutum (www.skearnegoutum.nl) is de officiële dorpssite van Doarpsbelang Skearnegoutum. Deze site, die dagelijks ruim 210 bezoekers trekt, wordt onderhouden door de vrijwilligers van de Mediagroep Scharnegoutum. Dit is een van de werkgroepen van Doarpsbelang Skearnegoutum. Het doel van de Mediagroep is om inwoners van het dorp en andere geïnteresseerden zo actueel mogelijk te informeren over het dorp, de voorzieningen, verenigingen en bedrijven.

Directe samenwerking:
Met medewerkers van Face-book skearnegoutum en de medewerkers van de Doarpsomropper die maandelijks in druk verschijnt. Ook is er een nauw samenwerkingsverband met Dorpshuis  “It Swettehûs”.

Sponsoren:
Om de kosten van het in stand houden van www.skearnegoutum.nl te dekken, worden Sponsors gevraagd. Voor een bijdrage vanaf € 25.00 staat uw bedrijf bij de site volop "in the picture".
Sponsor worden. Heeft u interesse ? Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.


©Copyrights:
Onze site wordt met veel zorg en inzet geredigeerd. Vrijwel dagelijks zijn de redacteuren aan het werk om de bewoners van Scharnegoutum zo goed mogelijk te informeren. De complete redactie van de Mediagroep doet dit alles op geheel vrijwillige basis.

Het staat u vrij om teksten van onze site te halen en die voor eigen, niet commerciële doeleinden te gebruiken.

De meeste foto’s op de site worden gemaakt door de eigen redactie leden. 

Mediagroep secretariaat:
Postadres: W. Santemastrjitte 6, 8629 PR Skearnegoutum.

Meewerken aan nieuws?
Heel graag, help mee... Ook u kunt tips of informatie uit het dorp doorgeven, bel of mail ons gerust:

Kopij Mediagroep:
Kopij aan de redactie kan gestuurd worden naar Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.  

Denktank-Mediagroep: Met ideeën/vragen/klachten over de media van Scharnegoutum kunt u terecht bij Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. 

We hebben 208 gasten en geen leden online