Blog
04-Annet-de-Jong.jpg

Sinteklaas ha wy in wike letter besteld. It leit sa’n bytsje yn de tradysje fan de Stadige Strikers om de moandeis foar Sinteklaas syn jierdei omtinken te besteegjen oan de goed hillich man. Diskear net. Ien fan ús bestjoersleden fierde syn eigen bertedei. Mei goedfinen fan de Sint himsels haw wy it feestje in wike útsteld.
Tsien dammers wiene fan de partij. Twa bestjoersleden koene dizze jûn net. Fiif partijen waarden der dus ferspile. En dêr sieten in pear hiele moaie tusken. Nim no de partij tusken Hennie de Haan en Tsjerk Wiersma. De lêste hat altiten wille en dat is foar elkenien tige oangenaam. Hy is mei syn 87 jier goed skerp. Skaakt, dammet en docht oan jeu de boules. Moandeitemiddei hi er lykas altiten wer ferskate spultsjes op it skaakboerd ôfwurke. Twa oerkes letter sit er dan wer efter it damboerd. Moandeitejûn dus tsjin Hennie de Haan. It waard in hiele oantreklike partij.

Der moat sein wurde dat dy Tsjerk wol doart te striken. Hy giet samar it boerd oer. Nee Tsjerk is gjin kantsjestriker. It stie Hennie fansels wol oan dat Tsjerk de midden op socht. Sy besocht mei in omearmjende taktyk Tsjerk stil te krijen. Wat it damjen oanbelanget wie Hennie de boppelizzende partij, mar stil krige se de Snitser net. “Ha ik dy wol felisitearre!” Dat hie er. Hy hie der fan geniete en fûn it spitich dat it út wie. Doe ha se noch in spultsje om de nocht dien.
Tineke Teigeler kaam út in efterstân wer werom. Se hie dat iene houtsje wer werom pakt fan Rients Wynia. Mar it koste wol har rjochterkant. Dêr krige se te min hout en Wynia krige frij paad nei daam. Dat betsjutte net dat de partij út wie. Nee Wynia koe der mar goed om tinke wat er die. Uteinlik siet der noch in moai kânske foar Tineke yn, mar Wynia seach it gefaar en gong der net yn mei en wûn dizze dochs wol moaie partij.
Sjoerd Jan Bakker moast tsjin aartsrivaal Cor Kooistra. It soe in tige ynteressante partij wurde, wêryn suver alle tiid brûkt waard. Tsjerk Wiersma, de leafhawwer, fûn it sa moai dat er de hiele tiid sitten bleau om de útslach ôf te wachtsjen. Kooistra kaam der wat steviger op te stean en wûn mei in luzich setsje.
Utslaggen: Hennie de Haan – Tsjerk Wiersma 1 – 0; Bauke de Boer – Willem Schaap 0 – 1; Bauke Dykstra – Jelle Wiersma 0 – 1; Rients Wynia – Tineke Teigeler 1 – 0; Sjoerd Jan Bakker – Cor Kooistra 0 – 1.

Ons dorp in 2014

scharnegoutum-19.jpg

Algemene informatie: 
De website van Scharnegoutum (www.skearnegoutum.nl) is de officiële dorpssite van Doarpsbelang Skearnegoutum. Deze site, die dagelijks ruim 210 bezoekers trekt, wordt onderhouden door de vrijwilligers van de Mediagroep Scharnegoutum. Dit is een van de werkgroepen van Doarpsbelang Skearnegoutum. Het doel van de Mediagroep is om inwoners van het dorp en andere geïnteresseerden zo actueel mogelijk te informeren over het dorp, de voorzieningen, verenigingen en bedrijven.

Directe samenwerking:
Met medewerkers van Face-book skearnegoutum en de medewerkers van de Doarpsomropper die maandelijks in druk verschijnt. Ook is er een nauw samenwerkingsverband met Dorpshuis  “It Swettehûs”.

Sponsoren:
Om de kosten van het in stand houden van www.skearnegoutum.nl te dekken, worden Sponsors gevraagd. Voor een bijdrage vanaf € 25.00 staat uw bedrijf bij de site volop "in the picture".
Sponsor worden. Heeft u interesse ? Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.


©Copyrights:
Onze site wordt met veel zorg en inzet geredigeerd. Vrijwel dagelijks zijn de redacteuren aan het werk om de bewoners van Scharnegoutum zo goed mogelijk te informeren. De complete redactie van de Mediagroep doet dit alles op geheel vrijwillige basis.

Het staat u vrij om teksten van onze site te halen en die voor eigen, niet commerciële doeleinden te gebruiken.

De meeste foto’s op de site worden gemaakt door de eigen redactie leden. 

Mediagroep secretariaat:
Postadres: W. Santemastrjitte 6, 8629 PR Skearnegoutum.

Meewerken aan nieuws?
Heel graag, help mee... Ook u kunt tips of informatie uit het dorp doorgeven, bel of mail ons gerust:

Kopij Mediagroep:
Kopij aan de redactie kan gestuurd worden naar Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.  

Denktank-Mediagroep: Met ideeën/vragen/klachten over de media van Scharnegoutum kunt u terecht bij Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. 

We hebben 338 gasten en geen leden online