Blog
17-Koopmans.jpg

It wie in drokte fan belang ôfrûne sneon 7 nov. yn en by it Swettehûs mei it putsjekafee. We hienen der foar keazen om diskear oan ‘e hân fan in tema te wurkjen en dat wie slypje! Bliken die dat dit in goed idee wie want mannichien kaam mei redens, hageskjirren, meanmasinemessen, hânark en húshâldlik ark lâns wat troch Ron de Ruiter, Koos Overzet en ûnderskreaune ûnder hannen nommen waard. Sels ha ik b.g. oardel oere bûtendoar drok dwaande west mei meanmasine messen en elektryske- en hân hageskjirren. Tankber wurk wêrby ik de beskikking hie oer in balansear-apparaat foar de rotearjende messen fan de meanmasine. Neist it slypjen hawwe Antsje Twijnstra en Antje Flik in moai skoft efter de naaimasine sitten en ha Bauke Roelevink en Ron de Ruiter harren bûgd oer û.o. in dwerse stofsûger. Fierder kamen ek wer in tal klanten lâns foar allinnich in kop kofje en sa waard it al mei al wer in tige gesellige en slagge moarn foar ús frijwilligersgroep.

 

Trije kear Putsjekafee waard yn septimber oankundige as in proef. Underwilens ha we, sjoen de belangstelling, as kommisje de konklúzje lutsen dat de proef mear as goed slagge is en dat we der yn it nije jier mei trochgean. Sa as earder al oankundige slaan we desimber oer mar op sneon 9 jan. 2016 binne we der wer om entûsjast te begjinnen oan in nij jier mei hieltiten op de 1e sneon fan de moanne tusken 10 en 12 oere It Putsjekafee / Repaircafe. Tuskentroch gean ek de aktiviteiten fan de help en klussentsjinst “Graach dien” gewoan troch. Dus as jo om help ferlegen of mei stikken guod sitte wat om in aktuele reparaasje of oplossing freget skilje dan mei Baukje de Groot – Talsma 422351 / 0651062242, of mail nei Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.. Hjir kinne jo jo ek opjaan as frijwilliger foar Graach dien of it Putsjekafee.

Foar no winskje wy jimme in moaie desimbermoanne ta en wa wit oant sneon 9 jan.
Baukje de Groot, Anna Luimstra, Joke Leeverink en Geart Bos.

Ons dorp in 2014

scharnegoutum-49.jpg

Algemene informatie: 
De website van Scharnegoutum (www.skearnegoutum.nl) is de officiële dorpssite van Doarpsbelang Skearnegoutum. Deze site, die dagelijks ruim 210 bezoekers trekt, wordt onderhouden door de vrijwilligers van de Mediagroep Scharnegoutum. Dit is een van de werkgroepen van Doarpsbelang Skearnegoutum. Het doel van de Mediagroep is om inwoners van het dorp en andere geïnteresseerden zo actueel mogelijk te informeren over het dorp, de voorzieningen, verenigingen en bedrijven.

Directe samenwerking:
Met medewerkers van Face-book skearnegoutum en de medewerkers van de Doarpsomropper die maandelijks in druk verschijnt. Ook is er een nauw samenwerkingsverband met Dorpshuis  “It Swettehûs”.

Sponsoren:
Om de kosten van het in stand houden van www.skearnegoutum.nl te dekken, worden Sponsors gevraagd. Voor een bijdrage vanaf € 25.00 staat uw bedrijf bij de site volop "in the picture".
Sponsor worden. Heeft u interesse ? Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.


©Copyrights:
Onze site wordt met veel zorg en inzet geredigeerd. Vrijwel dagelijks zijn de redacteuren aan het werk om de bewoners van Scharnegoutum zo goed mogelijk te informeren. De complete redactie van de Mediagroep doet dit alles op geheel vrijwillige basis.

Het staat u vrij om teksten van onze site te halen en die voor eigen, niet commerciële doeleinden te gebruiken.

De meeste foto’s op de site worden gemaakt door de eigen redactie leden. 

Mediagroep secretariaat:
Postadres: W. Santemastrjitte 6, 8629 PR Skearnegoutum.

Meewerken aan nieuws?
Heel graag, help mee... Ook u kunt tips of informatie uit het dorp doorgeven, bel of mail ons gerust:

Kopij Mediagroep:
Kopij aan de redactie kan gestuurd worden naar Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.  

Denktank-Mediagroep: Met ideeën/vragen/klachten over de media van Scharnegoutum kunt u terecht bij Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. 

We hebben 316 gasten en geen leden online