Blog
21-grollema.jpg

Bauke Dykstra is as’n Stadige Strikers dy’t de iepeningen wol dreame kin. Hy mei der graach stúdzje fan meitsje. As jo tsjin him moatte dan kinne jo de kop der mar by hâlde. Ien ferkeard streekje kin oan de ein fan it spul fataal wêze. Dêr wit Cor Kooistra fan mei te praten. Hy struts finaal ferkeard, moast it iene gat mei it oare stopje en ferlear yn ien grutte klabats.
It spul fan Dykstra stie as in dyk, as ien blok beton as in fêsting dy’t net yn te nimmen wie. De houtsjes fan tsjinstanner Kooistra besochten steun en stipe by elkoar te sykjen. It kaam der op del dat it iene gat mei it oare ticht strutsen waard. Dat koe fansels gjin stân hâlde, dat koe elk sjen. Mar dat it sa moai útmakke waard, sa as Dykstra dat die hie de argeleaze hurddraver net begrepen. Dykstra offere ien houtsje, joech noch ien en sloech der doe trije houtsjes ôf. Kooistra sloech werom en de stân wie gelyk, mar wol sadanich dat der ien grutte gatsjepanne oerbleau.

Bauke joech ien en pakte mar leafst acht skiven!. It koe net mâler!
Beide hienen se noch gjin punt helle dizze kompetysje. Dat men kin fan tinken wol ha dat der wat op it spul stie. Tineke Teigeler begûn sterk. Se rekke in houtsje foar en Rients Wynia moast yn de oanfal. Dat gong net sa mar en Tineke koe it wol aardich goed parearje. Oant it momint dat se it net hielendal foar eagen krije koe hoe’t it moast. Se hie moai ôfruilje kinnen, mar dat seach se net en doe die se mar in oare streek. Dy set bliek fataal foar har te wêzen. Spitich foar har, want se joech Wynia hielendal frij baan en ferlear kânsleas. Dat hie fansels net hoegd, mar dat is neipraat en dêr keapje jo neat foar.
Utslaggen: Tineke Teigeler – Rients Wynia 0 – 1; Bauke Bos – Willem Schaap 0 – 1; Sjoerd Jan Bakker – Jelle Wiersma 0 – 1; Tsjerk Wiersma – Bauke de B oer 0 – 1; Bauke Dykstra – Cor Kooistra 1 – 0.

Ons dorp in 2014

scharnegoutum-07.jpg

Algemene informatie: 
De website van Scharnegoutum (www.skearnegoutum.nl) is de officiële dorpssite van Doarpsbelang Skearnegoutum. Deze site, die dagelijks ruim 210 bezoekers trekt, wordt onderhouden door de vrijwilligers van de Mediagroep Scharnegoutum. Dit is een van de werkgroepen van Doarpsbelang Skearnegoutum. Het doel van de Mediagroep is om inwoners van het dorp en andere geïnteresseerden zo actueel mogelijk te informeren over het dorp, de voorzieningen, verenigingen en bedrijven.

Directe samenwerking:
Met medewerkers van Face-book skearnegoutum en de medewerkers van de Doarpsomropper die maandelijks in druk verschijnt. Ook is er een nauw samenwerkingsverband met Dorpshuis  “It Swettehûs”.

Sponsoren:
Om de kosten van het in stand houden van www.skearnegoutum.nl te dekken, worden Sponsors gevraagd. Voor een bijdrage vanaf € 25.00 staat uw bedrijf bij de site volop "in the picture".
Sponsor worden. Heeft u interesse ? Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.


©Copyrights:
Onze site wordt met veel zorg en inzet geredigeerd. Vrijwel dagelijks zijn de redacteuren aan het werk om de bewoners van Scharnegoutum zo goed mogelijk te informeren. De complete redactie van de Mediagroep doet dit alles op geheel vrijwillige basis.

Het staat u vrij om teksten van onze site te halen en die voor eigen, niet commerciële doeleinden te gebruiken.

De meeste foto’s op de site worden gemaakt door de eigen redactie leden. 

Mediagroep secretariaat:
Postadres: W. Santemastrjitte 6, 8629 PR Skearnegoutum.

Meewerken aan nieuws?
Heel graag, help mee... Ook u kunt tips of informatie uit het dorp doorgeven, bel of mail ons gerust:

Kopij Mediagroep:
Kopij aan de redactie kan gestuurd worden naar Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.  

Denktank-Mediagroep: Met ideeën/vragen/klachten over de media van Scharnegoutum kunt u terecht bij Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. 

We hebben 317 gasten en geen leden online