Blog
14-Jaco.jpg

Willem Schaap de boppelizzende partij. Elk wit dat Willem Schaap in moai streekje damje kin. Hy is der ek altiten folop mei dwaande. As er bygelyks oan it hekkeljen is en it wurdt tiid foar kofje, bôle of wat dan ek, dan pakt er even syn smartfoan. Efkes in stantsje op de app. As it iten op is dan giet de foan wer yn de bûse, mar hy genietet noch wol even nei fan wat er útdoktere hie. Yn syn partij moandei tsjin Jelle Wiersma makke er der ek hiel wat moais fan. Hy wie echt de boppelizzende partij en wûn.
Dy winst fan Schaap is foar him fansels in prachtige opstekker. Hy hat tsjin Jelle altiten moaie partijen, mar luts wol faak oan it koartste ein. No dus fuort de earste kear raak. De Strikers binne benijd hoe’t him dit fierders fergean sil. Yn elk gefal binne Willem syn partijen altyd fol fan lopen, flypflappen en wylde streken.
Hy hie eins gjin tiid mear, mar stie wol op winst.

Dat seach Hennie de Haan ek wol en dêrom bea sy Tsjerk Wiersma kamp oan. Dat sportive gebear naam er mei genoegen oan. Oars hie er nei alle gedachten de pikepanne yngien. Hie er wat mear om de klok tocht en rekken holden hie mei de tiid, dan hie er winne moatten. Sa wie it foar him trouwens ek moai genôch.
Ype Boelens hat syn earste heale puntsje binnen, mar dat hie der in helen wêze moatten. Hy seach in winner oer de kop. Bauke Dykstra en Sjoerd Jan Bakker spilen ek kamp. It kaam allegearre krekt, mar dêrtroch kaam it wol op syn poatsjes terjochte.
Utslaggen: Bauke de Boer – Rients Wynia 1 – 0; Tsjerk Wiersma – Hennie de Haan ½ - ½; Willem Schaap – Jelle Wiersma 1 – 0; Bauke Dykstra – Sjoerd Jan Bakker ½ - ½; Bauke Bos – Tineke Teigeler 1 – 0; Cor Kooistra – Ype Boelens ½ - ½.

Ons dorp in 2014

scharnegoutum-43.jpg

Algemene informatie: 
De website van Scharnegoutum (www.skearnegoutum.nl) is de officiële dorpssite van Doarpsbelang Skearnegoutum. Deze site, die dagelijks ruim 210 bezoekers trekt, wordt onderhouden door de vrijwilligers van de Mediagroep Scharnegoutum. Dit is een van de werkgroepen van Doarpsbelang Skearnegoutum. Het doel van de Mediagroep is om inwoners van het dorp en andere geïnteresseerden zo actueel mogelijk te informeren over het dorp, de voorzieningen, verenigingen en bedrijven.

Directe samenwerking:
Met medewerkers van Face-book skearnegoutum en de medewerkers van de Doarpsomropper die maandelijks in druk verschijnt. Ook is er een nauw samenwerkingsverband met Dorpshuis  “It Swettehûs”.

Sponsoren:
Om de kosten van het in stand houden van www.skearnegoutum.nl te dekken, worden Sponsors gevraagd. Voor een bijdrage vanaf € 25.00 staat uw bedrijf bij de site volop "in the picture".
Sponsor worden. Heeft u interesse ? Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.


©Copyrights:
Onze site wordt met veel zorg en inzet geredigeerd. Vrijwel dagelijks zijn de redacteuren aan het werk om de bewoners van Scharnegoutum zo goed mogelijk te informeren. De complete redactie van de Mediagroep doet dit alles op geheel vrijwillige basis.

Het staat u vrij om teksten van onze site te halen en die voor eigen, niet commerciële doeleinden te gebruiken.

De meeste foto’s op de site worden gemaakt door de eigen redactie leden. 

Mediagroep secretariaat:
Postadres: W. Santemastrjitte 6, 8629 PR Skearnegoutum.

Meewerken aan nieuws?
Heel graag, help mee... Ook u kunt tips of informatie uit het dorp doorgeven, bel of mail ons gerust:

Kopij Mediagroep:
Kopij aan de redactie kan gestuurd worden naar Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.  

Denktank-Mediagroep: Met ideeën/vragen/klachten over de media van Scharnegoutum kunt u terecht bij Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. 

We hebben 220 gasten en geen leden online