Blog
16-KBC.jpg

De foarsitter waard in poat útdraaid. It is sa as it is, mar by de Strikers kamen der moandeitejûn mar tsien dammers opdraven. Yn beide klassen elk fiif spilers. Dat soe betsjutte dat twa gjin spiler hiene. Dêrom waard fuortendaliks mar besluten dat de de earsteklassers ek in partij tsjin de twaddeklassers spylje moasten foar de kompetysje. De foarsitter moast dêrom tsjin in twaddeklasser, mar him waard fakkundich in poat útdraaid.
Dy bewuste twaddeklassespiler, Tsjerk Wiersma, seach it swurk al driuwen. Hy prottele mar raar en dat binne wy net fan him wend. Hy seach allegearre apen en bearen. Hy gûlde en pipe al foar’t er slein waard. Foarsitter Kooistra hat mooglik tocht: “Mar in bytsje rêstich oan mei de âlde, in maklik spultsje der fan meitsje!” Der ûntstie dan ek in moai spul. It koe alle kanten út, wylst Tsjerk mar miende dat er der oan alle kanten ynfleane soe. Dat foel ta. Sterker noch dy selde âlde rakkert seach alle loopkes en ynlûkerkes en die alle kearen de goeie. Cor sette in pear kear in faltsje op, dat syn posysje der net better op makke.

Der ynrinne dêr tocht Wiersma net oan. Hy koe krekt fertelle wat de bedoelingen wiene en antwurde mei poerbêste streken. By eintsjebeslút like it kamp te wurden, mar dêr tocht Wiersma oars oer en liet sjen dat hy it oan alle kanten en einen wûn hie. Hy sei: “No is it ferhipte spitich dat it net yn de krante komt!”
It wie dochs al net in bêste jûn foar it bestjoer. Ek de skriuwer en ponghâlder lutsen oan it koartste ein. Bauke Bos gyng kopke ûnder tsjin de nestor fan de klup Bauke de Boer. It like sa’n aardich spul, mar net Bos sines. It stûn him te wyld. Hy is folle sterker yn kantsjespullen. De nestor is lykwols in leafhawwer fan it hout oer de midden. Hy breide der dan ek in pear hiele moaie flypflappen yn. En op it “moment surprême” sloech er ta. Hy frege noch: “Hiest it net sjoen?” Nee Bauke seach it net, hie er dat al dien, dan hie er mooglik noch wat oan te striken west. No net. Sa út as in kâlde kachel.
Ponghâlder Ype Boelens koe it net lang lykhâlde tsjin Sjoerd Jan Bakker. Eins waard it net in partij. It wie foar’t it fjoer der ynkaam al út. Bakker fandele der wer in grouwe punt by en is de koprinner. It hie net barre mochten, mar it fûn wol plak. Net dat soks Bauke Dykstra net faker oerkomt, mar no stie er der sa goed foar tsjin in wyldeboel fan Willem Schaap. Mar dy lêste strafte in fout sûnder genede ôf mei in in keunstich heakje. Dykstra hie dat sjen moatten, mar ja dat is neipraat fansels.
Hy hie de earste partijen ferlern. Dêrom gyng Rients Wynia mei fjoer yn it spul op syk nei syn earste punt. Hennie de Haan soe syn slachtoffer wurde, want al rillegau hie er in houtsje mear. No lit Hennie har net sa mar kiste en striek fûleindich en sterk troch. Wynia rekke suver wat oan leger wâl en it koe net oars of it waard wer lyk. Boppedat poatele Hennie mei in oanfaller op ien streek nei de daamline ta. Doe besocht de Boalserter it tij noch te kearen troch in slûchslim setsje, mar Hennie, ek net fan juster, seach de bedoelingen en helle in moaie punt.
Utslaggen: Cor Kooistra – Tsjerk Wiersma 0 – 1; Bauke de Boer – Bauke Bos 1 – 0; Rients Wynia – Hennie de Haan 0 – 1; Sjoerd Jan Bakker – Ype Boelens 1 – 0; Willem Schaap – Bauke Dykstra 1 – 0.

Ons dorp in 2014

scharnegoutum-02.jpg

Algemene informatie: 
De website van Scharnegoutum (www.skearnegoutum.nl) is de officiële dorpssite van Doarpsbelang Skearnegoutum. Deze site, die dagelijks ruim 210 bezoekers trekt, wordt onderhouden door de vrijwilligers van de Mediagroep Scharnegoutum. Dit is een van de werkgroepen van Doarpsbelang Skearnegoutum. Het doel van de Mediagroep is om inwoners van het dorp en andere geïnteresseerden zo actueel mogelijk te informeren over het dorp, de voorzieningen, verenigingen en bedrijven.

Directe samenwerking:
Met medewerkers van Face-book skearnegoutum en de medewerkers van de Doarpsomropper die maandelijks in druk verschijnt. Ook is er een nauw samenwerkingsverband met Dorpshuis  “It Swettehûs”.

Sponsoren:
Om de kosten van het in stand houden van www.skearnegoutum.nl te dekken, worden Sponsors gevraagd. Voor een bijdrage vanaf € 25.00 staat uw bedrijf bij de site volop "in the picture".
Sponsor worden. Heeft u interesse ? Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.


©Copyrights:
Onze site wordt met veel zorg en inzet geredigeerd. Vrijwel dagelijks zijn de redacteuren aan het werk om de bewoners van Scharnegoutum zo goed mogelijk te informeren. De complete redactie van de Mediagroep doet dit alles op geheel vrijwillige basis.

Het staat u vrij om teksten van onze site te halen en die voor eigen, niet commerciële doeleinden te gebruiken.

De meeste foto’s op de site worden gemaakt door de eigen redactie leden. 

Mediagroep secretariaat:
Postadres: W. Santemastrjitte 6, 8629 PR Skearnegoutum.

Meewerken aan nieuws?
Heel graag, help mee... Ook u kunt tips of informatie uit het dorp doorgeven, bel of mail ons gerust:

Kopij Mediagroep:
Kopij aan de redactie kan gestuurd worden naar Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.  

Denktank-Mediagroep: Met ideeën/vragen/klachten over de media van Scharnegoutum kunt u terecht bij Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. 

We hebben 284 gasten en geen leden online