Blog
32-Wijn-hoeve.jpg

Kâld en waarm fiele mekoar goed oan... Ferline wike wie it yn it doarpshûs net al te waarm en bûten wie it noch wol oangenaam. Dat wie dizze moandei wol oars. De jas hoechde binnen no net oan want de kachel die syn wurk better en bûten wie it ferrekte kâld. De fytsers ûnder de dammers koene de wanten oan hawwe.
It oantal dammers wie lyk as ferline wike, mar no wiene der guon by dy’t der ferline wike net wiene en dy beide giene alle twa net mei lege hannen nei hûs. De earste partij dy’t út wie wie tusken Bauke de Boer en Tineke Teigeler. Eins wie de partij wat te gau út. Tineke hie de partij wat langer rekke kinnen, want doe’t it út wie, liet De Boer har sjen dat it noch oars kinnen hie. Lykwols luts se dan ek oan it koartste ein, mar har tsjinstanner hie aardich mear op syn tellen passe moatten. Rients Wijnia en Tsjerk Wiersma joegen mekoar ek goed partij en úteinlik wûn Wiersma de partij. Bauke Bos rekke al gau in houtsje foar tsjin Hennie de Haan, mar hie it neffens eigen sizzen noch tige dreech om it houtsje foar te bliuwen en moast tige útsjen. Doe’t er einliks in set die, dy’t er al earder strike koe, mar net sjoen hie, hie er it minder dreech en wûn de partij.

It wachtsjen mei dizze set wie dus net ferkeard. Dan de heechste groep. Willem Schaap siet ferline wike yn ‘e mais en spille no tsjin Sjoerd Jan Bakker en hie it tige dreech. It draaide út op kamp en sadwaande hie Bakker syn twadde kamp-partij te pakken. Ype Boelens stie, doe’t de stikjeskriuwer efkes seach in hout foar tsjin Bauke Dijkstra. Dochs moast er mei ferlies nei hûs gean, want nei in slachje wûn Dijkstra de partij. Mei it neidamjen die bliken dat der foar Boelens mear yn sitten hie.
Healwei de jûn kaam de buorman fan it Swettehûs it sealtsje yn omdat er wat mear witte woe fan it Fryske damjen. Bauke de Boer en Tineke Teigeler lieten him sjen wat der mooglik is yn ús moaie spul en de man rekke tige ûnder de yndruk. Wa wit sjogge we him ris wer.

Utslaggen: Sj. J. Bakker – W. Schaap 1/2 – 1/2, Y. Boelens – B. Dijkstra 0-1, B. de Boer – T. Teigeler 1-0, B. Bos – H. de Haan 1-0, R. Wijnia – T. Wiersma 0-1

Ons dorp in 2014

scharnegoutum-04.jpg

Algemene informatie: 
De website van Scharnegoutum (www.skearnegoutum.nl) is de officiële dorpssite van Doarpsbelang Skearnegoutum. Deze site, die dagelijks ruim 210 bezoekers trekt, wordt onderhouden door de vrijwilligers van de Mediagroep Scharnegoutum. Dit is een van de werkgroepen van Doarpsbelang Skearnegoutum. Het doel van de Mediagroep is om inwoners van het dorp en andere geïnteresseerden zo actueel mogelijk te informeren over het dorp, de voorzieningen, verenigingen en bedrijven.

Directe samenwerking:
Met medewerkers van Face-book skearnegoutum en de medewerkers van de Doarpsomropper die maandelijks in druk verschijnt. Ook is er een nauw samenwerkingsverband met Dorpshuis  “It Swettehûs”.

Sponsoren:
Om de kosten van het in stand houden van www.skearnegoutum.nl te dekken, worden Sponsors gevraagd. Voor een bijdrage vanaf € 25.00 staat uw bedrijf bij de site volop "in the picture".
Sponsor worden. Heeft u interesse ? Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.


©Copyrights:
Onze site wordt met veel zorg en inzet geredigeerd. Vrijwel dagelijks zijn de redacteuren aan het werk om de bewoners van Scharnegoutum zo goed mogelijk te informeren. De complete redactie van de Mediagroep doet dit alles op geheel vrijwillige basis.

Het staat u vrij om teksten van onze site te halen en die voor eigen, niet commerciële doeleinden te gebruiken.

De meeste foto’s op de site worden gemaakt door de eigen redactie leden. 

Mediagroep secretariaat:
Postadres: W. Santemastrjitte 6, 8629 PR Skearnegoutum.

Meewerken aan nieuws?
Heel graag, help mee... Ook u kunt tips of informatie uit het dorp doorgeven, bel of mail ons gerust:

Kopij Mediagroep:
Kopij aan de redactie kan gestuurd worden naar Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.  

Denktank-Mediagroep: Met ideeën/vragen/klachten over de media van Scharnegoutum kunt u terecht bij Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. 

We hebben 255 gasten en geen leden online