Blog
07-sponsors15.jpg

Op 6 en 7 oktober wurdt yn it Dielshûs yn Wommels it 35e Tsjochfestival holden. No freegje jo jo mooglik of wat oft sa’n berjocht op dizze webstek moat, mar as jo trochlêze sil dit dúdlik wurde. Tsjoch is de de feriening fan Fryske folksmuzikanten mei sa’n 300 leden dy’t no krapoan 35 jier bestiet en wêryn in tal stiftings of kommisjes partisipearje. Dit binne; a. it Tsjochfûns wêrop (leden)muzikanten in berop dwaan kinne as hja bg. jild liene wolle om it útbringen fan in cd mooglik te meitsjen (foarfinansiering fan de kosten); b. De stichting Tsjong, dy’t yn it

winterskoft trije jûnen organisearret yn de skippersseal yn Aldegea S en op dizze jûnen in poadium biedt oan besteande groepen en artysten út de provinsje. De doelstelling fan dizze jûnen is ek om nij talint yn ‘e kunde komme te litten mei it publyk.

It binne tige tagonklike en leechdrompelige jûnen wêrop oan ’e hân fan in tema fan alles dien wurde kin fariearjend fan kabaret oant sang en foardracht. Dan is der, c. De stichting Tsjochkonserten dy ‘t jierliks rûnom yn de provinsje sa’n 30 konserten organisearret. Meast op sneintemiddei yn (lytse) tsjerken, mar ek op oare dagen en tiden yn it wykein yn doarpshuzen en kafees. We ha dizze jûnen ek wol yn Elim organisearre en dan yn kombinaasje mei in buffet. Ta beslút is der d. De festivalkommisje dy’t alle jierren oan it begjin fan de hjerst it Tsjochfestival organisearret, dit jier foar de 35ste kear. Fan it bestjoer de Tsjochkonserten en de festivalkommisje makket ûnderskreaune diel út en sa leit dan de link nei de Omropper. Dan witte jimme wat ik no as a.o.w.er by de ein ha.

 

It earste festival hat ea plakfûn yn it Bolwerk yn Snits, en is nei in tal jierren fan omswalkjen troch de provinsje 23 jier lyn yn de Lawei yn Drachten terjochte kaam. No wurdt in lange tradysje trochbrutsen en sil it dus plakfine yn Wommels. We ha in drok beladen programma mei krapoan 70 ferskillende artysten en as groepen dy’t ferdield oer 5 poadia ús publyk dwaande hâlde sille fan ôf middeis ien oant ‘s nachts ien. Allegearre muzikanten út Fryslân en/of dwaande mei de Fryske muzyk en sang. It giet te fier om hjir it hiele programma te presintearjen mar der is foar elkenien dy’t fan (folks)muzyk hâldt wol wat te dwaan. It folsleine programma stiet op de webstek www.tsjoch.nl en dêr kin ek kaarten reservearre wurde. In pear programmapunten wol ik taljochtsje. We begjinne it festival mei in optocht fan bern troch Wommels en om ien oere iepenje we it programma mei “De Gûdrûn Sêge” fan de legindaryske Fryske groep “Irolt”. Dit programma ûnderdiel wurdt dien troch bern en âld leden fan Irolt. Fuort dêrnei giet it los op de ferskate poadia en dan sille ek Herman en Rosita fan de flaamske groep ‘t Kliekske in optreden foar de bern fersoargje dêr ‘t de bern sels oan meidwaan kinne. Ik ha dit earder in kear meimakke yn Warkum en it is werklik in aardichheid om te sjen wêrmei dizze minsken muzyk meitsje, skulpen, keukenark, boartersguod en neam mar op. It moaie is dat hja de bern hjiryn in aktive rol jouwe. It swiete flaamske aksint fan Herman en Rosita makket it feest kompleet. De jûns fersoargje se noch in optreden foar it folwoeksen publyk, hiel oars mar net minder moai. It kadootsje foar de oanwêzige Tsjochleden en it oare publyk is de jûns it optreden fan de fan tv (Hello Goodbye, Taxi, Joris Showroom) bekende Joris Linssen mei Caramba. Wy binne der tige grutsk op dat we dizze groep kontraktearje kinnen ha want it echt bysûnder wat hja dogge. Se bringe in programma mei Nederlânsktalige Meksikaanske lieten. En dêrneist dus noch al dy oare muzikanten, allegearre leden fan Tsjoch. Der kin ek dûnse wurde mei û.o. Balfolk en it slotklapstik fan dizze dei wurdt grif de Tsjoch Flying Hot Countryband. Dit is in gelegenheidsorkest besteande út Tsjochmuzikanten en sjongers en sjongsters dy’t in programma ynstudearre ha omtrint it tema countrymuzyk.

Der op ta is it programma wat snein 7 oktober presintearre wurdt fan middeis 15.30 oere oant ûngefear 18.00 oere. Op dizze middei mei de festivalkommisje sels harren muzikale keunsten fertoane. Dit om’t hja it op it festival te drok ha mei de organisaasje. Der binne dan optredens fan Nanne en Ankie, Fokke Miedema, Gerard en Compagnie en Dets Laif. Sels mei ik de presintaasje op dizze middei fersoargje.

Jo sjogge wol dat we sawol letterlik as figuerlik hiel wat noaten op ‘e sang ha en we hoopje dan ek dat it publyk dit wit te wurdearjen en man- en frou-machtich nei Wommels komt op sneon en snein 6 en 7 oktober. Foar it folsleine programma ferwiis ik jo ta beslút nochris nei de webstek WWW.TSJOCH.NL.

Wa wit, oant sjen op Tsjoch, Geart Bos.

Ons dorp in 2014

scharnegoutum-10-a.jpg

Algemene informatie: 
De website van Scharnegoutum (www.skearnegoutum.nl) is de officiële dorpssite van Doarpsbelang Skearnegoutum. Deze site, die dagelijks ruim 210 bezoekers trekt, wordt onderhouden door de vrijwilligers van de Mediagroep Scharnegoutum. Dit is een van de werkgroepen van Doarpsbelang Skearnegoutum. Het doel van de Mediagroep is om inwoners van het dorp en andere geïnteresseerden zo actueel mogelijk te informeren over het dorp, de voorzieningen, verenigingen en bedrijven.

Directe samenwerking:
Met medewerkers van Face-book skearnegoutum en de medewerkers van de Doarpsomropper die maandelijks in druk verschijnt. Ook is er een nauw samenwerkingsverband met Dorpshuis  “It Swettehûs”.

Sponsoren:
Om de kosten van het in stand houden van www.skearnegoutum.nl te dekken, worden Sponsors gevraagd. Voor een bijdrage vanaf € 25.00 staat uw bedrijf bij de site volop "in the picture".
Sponsor worden. Heeft u interesse ? Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.


©Copyrights:
Onze site wordt met veel zorg en inzet geredigeerd. Vrijwel dagelijks zijn de redacteuren aan het werk om de bewoners van Scharnegoutum zo goed mogelijk te informeren. De complete redactie van de Mediagroep doet dit alles op geheel vrijwillige basis.

Het staat u vrij om teksten van onze site te halen en die voor eigen, niet commerciële doeleinden te gebruiken.

De meeste foto’s op de site worden gemaakt door de eigen redactie leden. 

Mediagroep secretariaat:
Postadres: W. Santemastrjitte 6, 8629 PR Skearnegoutum.

Meewerken aan nieuws?
Heel graag, help mee... Ook u kunt tips of informatie uit het dorp doorgeven, bel of mail ons gerust:

Kopij Mediagroep:
Kopij aan de redactie kan gestuurd worden naar Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.  

Denktank-Mediagroep: Met ideeën/vragen/klachten over de media van Scharnegoutum kunt u terecht bij Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. 

We hebben 333 gasten en geen leden online