Blog
22-Schrale-3.jpg

De wylgenbeam by de rotonde is gjin bysûndere beam, mar dochs in wichtige beam om`t er op in bysûnder plak stiet. Hy jout in hiel moai sicht by de yngong fan it doarp by rotonde en brêge fan Skearnegoutum. Dizze beam is it ienige wat oerbleaun is fan in rige hûzen en túnen oan de swettewei en hat stien yn de tún fan de famylje Schaafsma, deun tsjin de sleat foar de húzen lâns. Nei de rekonstruksje fan brége en rotonde hat dizze beam te lijen hân fan de grûnwurksaamheden en it like derop dat er dea gean soe.

Dat soe ivich skande

west hawwe en dat wie foar my oanlieding ta in skriuwen nei de gemeente mei it fersyk hjir wat oan te dwaan. Nei oardel jier hie ik gjin reaksje krigen en ha ik nochris kontakt opnaam. It docht bliken dat troch in misferstân it antwurd op myn skriuwen earne oars bedarre is, werskynlik by doarpsbelang skearnegoutum.

Myn gedachte wie dat de beam te min wetter opnimme kin en myn útstel wie om dat te feroarjen troch it lytse streamke dat noch by de beam oanwêzich is mei in buis under de dyk troch te lûken om sa oan te slúten op de sleat dy`t in dûker hat dat it wetter út de swette wei ynnimme kin. Dat is neffens de gemeentelju net nedich. Sy hawwe de beam in jierlang regelmjittich besjoen om`t beammen faaks nei ferrin fan tiid wol wer better wurde, mar ek soe it ferfal grutter wurde kinne en soe de beam it opjaan kinne. De amtners hawwe no fêststelt dat de beam it rêde sil. Der komme hieltiid mear nije lytse tûken mei blêd.

It jild dat ornearre wie foar ûnderhâld of kap fan de beam wurdt no yn it foarjier brûkt foar in goede snoeibeurt. Der sil fasegewise sa`n 25 prosint fan it deade hout ferwidere wurde. De beam hat gjin fierdere behanneling nedich seit de ferantwurdlike amtner fan SWF en it hat ek in bewuste kar west destiids de beam stean te litten. Ik bin bliid mei de foarnimmens fan de gemeente en it feit dat der oandacht jûn is oan myn skriuwen fan destiids en bin der ek fan oertsjoege dat hiel wat doarpsgenoaten it hjir mei iens wêze sille.

 

 

Ons dorp in 2014

scharnegoutum-77.jpg

Algemene informatie: 
De website van Scharnegoutum (www.skearnegoutum.nl) is de officiële dorpssite van Doarpsbelang Skearnegoutum. Deze site, die dagelijks ruim 210 bezoekers trekt, wordt onderhouden door de vrijwilligers van de Mediagroep Scharnegoutum. Dit is een van de werkgroepen van Doarpsbelang Skearnegoutum. Het doel van de Mediagroep is om inwoners van het dorp en andere geïnteresseerden zo actueel mogelijk te informeren over het dorp, de voorzieningen, verenigingen en bedrijven.

Directe samenwerking:
Met medewerkers van Face-book skearnegoutum en de medewerkers van de Doarpsomropper die maandelijks in druk verschijnt. Ook is er een nauw samenwerkingsverband met Dorpshuis  “It Swettehûs”.

Sponsoren:
Om de kosten van het in stand houden van www.skearnegoutum.nl te dekken, worden Sponsors gevraagd. Voor een bijdrage vanaf € 25.00 staat uw bedrijf bij de site volop "in the picture".
Sponsor worden. Heeft u interesse ? Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.


©Copyrights:
Onze site wordt met veel zorg en inzet geredigeerd. Vrijwel dagelijks zijn de redacteuren aan het werk om de bewoners van Scharnegoutum zo goed mogelijk te informeren. De complete redactie van de Mediagroep doet dit alles op geheel vrijwillige basis.

Het staat u vrij om teksten van onze site te halen en die voor eigen, niet commerciële doeleinden te gebruiken.

De meeste foto’s op de site worden gemaakt door de eigen redactie leden. 

Mediagroep secretariaat:
Postadres: W. Santemastrjitte 6, 8629 PR Skearnegoutum.

Meewerken aan nieuws?
Heel graag, help mee... Ook u kunt tips of informatie uit het dorp doorgeven, bel of mail ons gerust:

Kopij Mediagroep:
Kopij aan de redactie kan gestuurd worden naar Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.  

Denktank-Mediagroep: Met ideeën/vragen/klachten over de media van Scharnegoutum kunt u terecht bij Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. 

We hebben 269 gasten en geen leden online