Home
30-vdmeer.jpg

It sil skearnegoutummers net ûntgean dat har korps Excelsior, lyk as in soad oare musyk ferienings, yn`e krimp sit. Lykwols hawwe se sneon, 23 juni in tige slagge Swette Night delsetten. Mei dirigint Meine Verbeek as ynspirearjend orkestlieder kinne se werom sjen op in prachtige jûn mei de jesband ûnder lieding fan Fokje de Jong en coverband Smûk, in band dy`t rûnom wurdearje wurdt en hieltyd mear namme kriget.
foto's <klik hier>

Moai fûn ik foaral de nûmmers

dy`t spiele waarden mei de jesband en dy mei de band Smûk. Mar op it programma stienen ek foar orkest  in ferskaat oan musykstylen en it korps wie foarsjoen fan lûdfersterking wat eins by in optreden yn iepen loft ek in must is. It klonk my, mei de lytse orkestbesetting, tige folswoeksen yn`e earen en wie goed yn balâns. In sterk optreden fan Excelsior (ik spylje sels net mear mei en kin der no wat makliker oer skriuwe fansels) Dat it waar tige meiwurke wie in opstekker om`t de foarútsichten net al te bêst wienen. Al gau wie der ek aardich wat publyk en yn de rin fan de jûn naam it tal besikers allinnich noch mar ta. Dêr hoopje jo op as organisearjende feriening.

Excelsior hie boppedat te meitsjen mei oare aktiviteiten yn de regio sa as de marathonloop yn Snits wêr`t ek skearnegoutummers oan mei dienen en ek Reahûs hie in evenemint. Soks kostet al gau in tal besikers. It wie juster de 7de edysje fan Swette Night. De earste, foar de poiesz supermerke, wie yn 1996, doe oankundige as “Scharnegoutum Musiceert”. Dizze titel klopte om`t sawol musikanten as sjongers fan skearnegoutummer koren hjir oan mei wurken. Fanôf 2012 hat it korps ferskillende bands belutsen by har optredens en ûntstie ek de nije namme, dy`t foar eltse skearnegoutummer no wis in begrip is.

De lêste twa edysjes is Zwette Night Music in gearwurking tusken Excelsior en Doarpshûs. In kombinaasje dy`t boarch stiet foar in prima organisaasje fan dit evenemint. Dat it besteansrjocht fan in musykferiening net fanselssprekkend mear is kaam op dizze Swette Night jûn noch wer ris oan it ljocht.  Hâld Moed, de feriening fan Easthim hâldt op te bestean. Oranje, Bolsward hat in skoftke lyn de stekker der út lûke moatten. De measte ferienings yn ús omkriten hawwe it tige dreech. Fan my meie jim oannimme dat de ferienings bot har bêst dogge har bestean troch te setten, mar se fjochtsje tsjin in tiidsbyld dat ûngeunstich is.

Ik hoopje foar Skearnegoutum dat Excelsior der yn slagget troch te gean om`t it spitich wêze soe as der in ein kaam oan Swette Night Music yn Skearnegoutum en alle oare konserten en optredens fan ús korps.

Op dizze website ynkoarten de foto`s fan de 7e edysje Swette Night Music.

Jan Luimstra

 

* Onze sponsors *

Zoeken op deze site

Weerpraat

Zo was het toen

foto_03ad.jpg

Ons dorp in 2014

scharnegoutum-21.jpg

Info Website

Algemene informatie: 
De website van Scharnegoutum (www.skearnegoutum.nl) is de officiële dorpssite van Doarpsbelang Skearnegoutum. Deze site, die dagelijks ruim 210 bezoekers trekt, wordt onderhouden door de vrijwilligers van de Mediagroep Scharnegoutum. Dit is een van de werkgroepen van Doarpsbelang Skearnegoutum. Het doel van de Mediagroep is om inwoners van het dorp en andere geïnteresseerden zo actueel mogelijk te informeren over het dorp, de voorzieningen, verenigingen en bedrijven.

Directe samenwerking:
Met medewerkers van Face-book skearnegoutum en de medewerkers van de Doarpsomropper die maandelijks in druk verschijnt. Ook is er een nauw samenwerkingsverband met Dorpshuis  “It Swettehûs”.

Sponsoren:
Om de kosten van het in stand houden van www.skearnegoutum.nl te dekken, worden Sponsors gevraagd. Voor een bijdrage vanaf € 25.00 staat uw bedrijf bij de site volop "in the picture".
Sponsor worden. Heeft u interesse ? Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.


©Copyrights:
Onze site wordt met veel zorg en inzet geredigeerd. Vrijwel dagelijks zijn de redacteuren aan het werk om de bewoners van Scharnegoutum zo goed mogelijk te informeren. De complete redactie van de Mediagroep doet dit alles op geheel vrijwillige basis.

Het staat u vrij om teksten van onze site te halen en die voor eigen, niet commerciële doeleinden te gebruiken.

De meeste foto’s op de site worden gemaakt door de eigen redactie leden. 

Mediagroep secretariaat:
Postadres: W. Santemastrjitte 6, 8629 PR Skearnegoutum.

Meewerken aan nieuws?
Heel graag, help mee... Ook u kunt tips of informatie uit het dorp doorgeven, bel of mail ons gerust:

Kopij Mediagroep:
Kopij aan de redactie kan gestuurd worden naar Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.  

Denktank-Mediagroep: Met ideeën/vragen/klachten over de media van Scharnegoutum kunt u terecht bij Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. 

Bezoekers

We hebben 375 gasten en geen leden online