Home
05-Bakker.jpg

27-03-2018 "Lektors Salutem" Ja lêzer jo sjogge it wol. Jo wurde begroete. De Strikers hâlde foar earst wer op mei it damjen. Se ha de put der út. No kinne se har wer op oare saken ta lizze. Moandeitejûn wie de lêste fan dit seizoen. De priiswinners ha de prizen yn ûntfangst nommen. Foar de kas wie der wer in ynstruier troch in ferlotting en sa kaam der wer in ein oan de wenstige saken foar de Stadige Strikers  op moandeitejûn. Der wiene gjin nijichheden op dy lêste jûn. Sa as it meastal gie, sa gong it no ek.

Yn twa groepen waarden damspullen yn in hiel flot tempo en mei in protte nocht ôfraffele. En dat allegearre foar in pear drûge woarsten. Om dy woarsten dêr gie it fansels net om, mar om de wille fan it spultsje.

De prii útrikking is altiten fansels in fêst ûnderdiel. En alle kearen wer ferrassend. Dat komt ek, omdat de kompetysje nea hielendal útkomt.Dat is op himsels wol spitich, mar ja men mist noch wol ris in jûn. Bygelyks foar de Kup, elkenien fynt dat moai, dêr net fan, mar it op tiid út krijen fan de kompetysje wurdt ek dêrtroch wol ris wat in probleem. Minder partijen damje, soe in oplossing wêze, mar men wol ek net dat de earsten begjin febrewaris út binne mei de kompetysje. Guon kinne ek net altiten fanwegen it wurk. Dus al mei al is de útslach fan de kompetysje net op grûn fan itselde oantal partijen. Soe de kompetysje hielendal útspile wurde dan hiene de rychjes mei nammen yn in hiele oare folchoarder stien. It is net oars.

Groep 2; 1 Bauke Bos 11½ út 19; Sjoerd Huitema 10½ -14; Paul Borghaerts 9 – 10; Bauke de Boer 8 út 19; Hennie de Haan 2 – 14; Tineke Teigeler ½ - 17.

Groep  1: 1  Jelle Wiersma 14½ út  18; 2 Dicky van der Meer 10½ - 13; 3 Cor Kooistra 10 – 18; 4 Willem Schaap 8½ - 14;5 Sjoerd Jan Bakker 8 – 14; 6 Ype Boelens  7½ - 18; 7 Bauke Dykstra 5½ - 15.

Ons dorp in 2014

scharnegoutum-58.jpg

Info Website

Algemene informatie: 
De website van Scharnegoutum (www.skearnegoutum.nl) is de officiële dorpssite van Doarpsbelang Skearnegoutum. Deze site, die dagelijks ruim 210 bezoekers trekt, wordt onderhouden door de vrijwilligers van de Mediagroep Scharnegoutum. Dit is een van de werkgroepen van Doarpsbelang Skearnegoutum. Het doel van de Mediagroep is om inwoners van het dorp en andere geïnteresseerden zo actueel mogelijk te informeren over het dorp, de voorzieningen, verenigingen en bedrijven.

Directe samenwerking:
Met medewerkers van Face-book skearnegoutum en de medewerkers van de Doarpsomropper die maandelijks in druk verschijnt. Ook is er een nauw samenwerkingsverband met Dorpshuis  “It Swettehûs”.

Sponsoren:
Om de kosten van het in stand houden van www.skearnegoutum.nl te dekken, worden Sponsors gevraagd. Voor een bijdrage vanaf € 25.00 staat uw bedrijf bij de site volop "in the picture".
Sponsor worden. Heeft u interesse ? Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.


©Copyrights:
Onze site wordt met veel zorg en inzet geredigeerd. Vrijwel dagelijks zijn de redacteuren aan het werk om de bewoners van Scharnegoutum zo goed mogelijk te informeren. De complete redactie van de Mediagroep doet dit alles op geheel vrijwillige basis.

Het staat u vrij om teksten van onze site te halen en die voor eigen, niet commerciële doeleinden te gebruiken.

De meeste foto’s op de site worden gemaakt door de eigen redactie leden. 

Mediagroep secretariaat:
Postadres: W. Santemastrjitte 6, 8629 PR Skearnegoutum.

Meewerken aan nieuws?
Heel graag, help mee... Ook u kunt tips of informatie uit het dorp doorgeven, bel of mail ons gerust:

Kopij Mediagroep:
Kopij aan de redactie kan gestuurd worden naar Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.  

Denktank-Mediagroep: Met ideeën/vragen/klachten over de media van Scharnegoutum kunt u terecht bij Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. 

Bezoekers

We hebben 621 gasten en geen leden online