Scharnegoutum 20-03-2018 Hy wie der hiel bliid mei. Wytze Rypma is in jonge dy`t graach yn it fjild is. Lekker strúne, de wyn troch it hier, fiskje.....en fûgels fynt er prachtige bisten. Wytze hat al in stik as wat fûgelsjes op syn keamer, prepareare troch ien dy`t wit wat er docht. Hy sjocht se leaver fleanen, mar as se dan dochs dea reitsje.........Dit iisfûgelsje siet fêst yn`t iis fan it lange rek. Kor en Sjoukje Huitema hakten him út it iis en gunden Wytze it fûgelsje om`t se witte dat hy der hiel lokkich mei is. En hy fynt it net slim om syn bûssinten hjir foar oan te sprekken.
Wytze fertelt yn in lyts ynterview dat er nea syn nocht kriget as er yn bosk of fjild is. It waar, de sinne, it grien en alles wat de natoer sjen lit. Dochs wol er letter graach yn it timmerfak, leafst boaten betimmerje, lyk as syn pake Gerrit. Hy folget dan ek it technysk ûnderwiis. Mar it fjild yn gean sil er wis altyd dwaan bliuwe, dat is no ienris syn grutte hobby. Hy is fierder lykas syn broer Jildert en suske Fenna, musikant.Hy drumt by de Jesband, Fenna spilet dêr saksefoan en Jildert is gitarist wurden yn in band.