Home
26-puur.jpg

9-01-2018 Bij de Strikers is Ype Boelens de man yn boanus. As jo in boanus krije dan krije jo wat ekstra’s. Ype Boelens krige ek wat ekstra's, mar hy soarge der sels foar. Dryst kundige er moandeitejûn oan dat er it wol opnimme woe tsjin twa man tagelyk. No moast er al tsjin Bauke Dykstra en dêr hawwe jo faaks ek al de hannen oan fol, mar Boelens koe Sjoerd Huitema der ek noch wol by ha. Ja dan ha jo wol lef, dan doare jo wol, mar nei de partijen kin men sizze dat Ype Boelens yn boanus ôfreizge nei Menaam.

Hy kaam trouwens al gau in houtsje achter tsjin Dykstra, mar dêr moar fuort by sein wurde dat Dykstra wol in houtsje foar wie, mar der net al stevich op stie. Der hoegde mar wat te barren en it koe faaljekant misgean. En dat momint kaam. Even in ferkeard streekje en Bauke koe wol dach sizze. Op dat stuit hie Ype al ôfweefd mei Sjoerd Huitema. It betsjutte twa grouwe punten foar Ype.
De moaiste en spannendste partij waard spile troch Sjoerd Jan Bakker en Dicky van der Meer. Sy joegen inoar gjin tombreed ta. Dochs soe old good Bakker in houtsje foarkomme, mar doe siet er nei in pear streken aardich mei de stân yn de mage. Der sieten fan Dicky syn kant twa moaie lopen yn. Dy waarden eliminearre troch in houtsje te offerjen. De stân wie lyk. Bakker seach ynienen allegearre apen en bearen. Hy seach yn elts gefal ek it remizespook, sa as de omstanners dat ek seagen. Van der Meer bea dan ek kamp oan, mar Bakker woe dat noch net oan. In pear streken letter koe hy der net mear foarwei.
Foar de fryslân Kup hiene de Strikers in gast op besite: Gertjan Kamp út Jorwert. Hy moast it opnimme tsjin Willem Schaap. No de lêste makke al rillegau dien wurk en wist doe dat er yn de folgjende omloop tsjin Manfred spylje moat.
Utslaggen: Jelle Wiersma – Cor Kooistra 1 – 0; Ype Boele3ns – Bauke Dykstra 1 – 0; Sjoerd Jan Bakker – Dicky van der Meer ½ - ½; Hennie de Haan – Tineke Teigeler 1 – 0; Ype Boelens – Sjoerd Huitema 1 – 0; Bauke Bos – Bauke de Boer 1 – 0.

* Onze sponsors *

Zoeken op deze site

Weerpraat

Zo was het toen

foto 26-ad.jpg

Ons dorp in 2014

scharnegoutum-20.jpg

Info Website

Algemene informatie: 
De website van Scharnegoutum (www.skearnegoutum.nl) is de officiële dorpssite van Doarpsbelang Skearnegoutum. Deze site, die dagelijks ruim 210 bezoekers trekt, wordt onderhouden door de vrijwilligers van de Mediagroep Scharnegoutum. Dit is een van de werkgroepen van Doarpsbelang Skearnegoutum. Het doel van de Mediagroep is om inwoners van het dorp en andere geïnteresseerden zo actueel mogelijk te informeren over het dorp, de voorzieningen, verenigingen en bedrijven.

Directe samenwerking:
Met medewerkers van Face-book skearnegoutum en de medewerkers van de Doarpsomropper die maandelijks in druk verschijnt. Ook is er een nauw samenwerkingsverband met Dorpshuis  “It Swettehûs”.

Sponsoren:
Om de kosten van het in stand houden van www.skearnegoutum.nl te dekken, worden Sponsors gevraagd. Voor een bijdrage vanaf € 25.00 staat uw bedrijf bij de site volop "in the picture".
Sponsor worden. Heeft u interesse ? Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.


©Copyrights:
Onze site wordt met veel zorg en inzet geredigeerd. Vrijwel dagelijks zijn de redacteuren aan het werk om de bewoners van Scharnegoutum zo goed mogelijk te informeren. De complete redactie van de Mediagroep doet dit alles op geheel vrijwillige basis.

Het staat u vrij om teksten van onze site te halen en die voor eigen, niet commerciële doeleinden te gebruiken.

De meeste foto’s op de site worden gemaakt door de eigen redactie leden. 

Mediagroep secretariaat:
Postadres: W. Santemastrjitte 6, 8629 PR Skearnegoutum.

Meewerken aan nieuws?
Heel graag, help mee... Ook u kunt tips of informatie uit het dorp doorgeven, bel of mail ons gerust:

Kopij Mediagroep:
Kopij aan de redactie kan gestuurd worden naar Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.  

Denktank-Mediagroep: Met ideeën/vragen/klachten over de media van Scharnegoutum kunt u terecht bij Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. 

Bezoekers

We hebben 1722 gasten en geen leden online