Home
32-Wijn-hoeve.jpg

18-12-2017 Hartwert in maatsje te grut foar de Strikers. It is altiten wer in aardich treffen tusken de dammers fan hartwert en De Stadige Strikers. Ferline jier einige dy striid yn Skearnegoutum yn in gelyk spul. Oan dat moaie resultaat koene de Strikers yn de útwedstriid tsjin itselde Hartwert net oan tippe. Dochs seach de foarsitter foarútgong, want yn de lêste útwedstriid waarden se ferline jier yn Aldegea mei mar in heal puntsje yn de plus fan it boerd ôfseame. Yn Hartwert gong it al wer better....

mar de Strikers krigen likegoed in pak op de bealch dat net allinne mar wat jokke. Hartwert is op dit stuit gewoan in maatsje te grut.
Al mei al behellen de Strikers mar trije puntsjes. Trije winstspullen en gjin kampspullen. De gasthearen pakten njoggen kear de winst. Dan is it ferskil wol hiel grut. Sa bot hie dat fansels net hoegd, mar ja sa gong it dus wol. Guon fan ús ha har gewoan ynpakke litten. Tineke Teigeler net en dat betsjutte in ljochtpuntsje, want oant no ta hie Tineke noch nea in punt helle yn sa’n freonskiplike konfrontaasje. Ek ús nijkeap Sjoerd Huitema pakte de folle winst. Yn in deeglike partij fersloech er syn tsjinstanner. In moai resultaat. Foar de tredde punt soarge ús foarsitter Cor Kooistra. Yn it begjin like it der net op, dat er noch in heal puntsje foar de klup byinoar strike soe. Mar sa raar as it like, wie de stân yn wêzen net, Ja hy hie in daam tsjin. Dy moast Hein, de tsjinstanner, op in bepaald stuit opjaan en doe waard it spul op it skerpst fan de sneed útspile.
Der waard ek ien partij foar de Fryslân Kup ferspile. Bauke Bos moast tsjin Herman Scheltinga. De freeds tefoaren hiene de mannen elkoarren al wat besnuffele op it toernoai yn Skearnegoutum. Doe wûn Herman. Moandeitejûn sieten de mannen mei in dûbele pet op: se spilen foar de klup en foar de Kup. Bauke fielde de swierte fan dy dûbele pet net sa sear, sa hearde dat teminsten wol. Hy woe it mooglik mei praten winne, want hy kletste der wakker op los. Mar it kletsen op it boerd liet er oan Herman oer. Dat is dy lêste wol tafertroud hearden de Strikers fan de Hartwerters. Bauke hat mooglik tocht dat Herman bang foar him wurde soe, omdat hy Marten Walinga ek ferslein hie. No fan benaudens wie by Herman neat te merken.
Utslach: Hartwert – Stadige Strikers. Teake Kooistra – Willem Schaap 1 – 0; Hein de Vries – Cor Kooistra 0 – 1; Tsjerk Wybenga – Sjoerd Jan Bakker 1 – 0; Germ Bruinsma – Dicky van der Meer 1 – 0; Jan Bouma – Bauke Dykstra 1 – 0; Sjouke de Boer – Ype Boelens 1 – 0; Ygram Wiebenga – Bauke de Boer 1 – 0; Lieuwe Eringa – Sjoerd Huitema 0 – 1; Piet Sikma – Paul Borghaerts 1 – 0; Douwe Annema – Hennie de Haan 1 – 0; Siebe Elzinga – Tieneke Teigeler 0 – 1; Fryslân Kup Herman – Scheltinga – Bauke Bos 1 – 0. Einútslach 9 – 3.

 

Ons dorp in 2014

scharnegoutum-brug-05.jpg

Info Website

Algemene informatie: 
De website van Scharnegoutum (www.skearnegoutum.nl) is de officiële dorpssite van Doarpsbelang Skearnegoutum. Deze site, die dagelijks ruim 210 bezoekers trekt, wordt onderhouden door de vrijwilligers van de Mediagroep Scharnegoutum. Dit is een van de werkgroepen van Doarpsbelang Skearnegoutum. Het doel van de Mediagroep is om inwoners van het dorp en andere geïnteresseerden zo actueel mogelijk te informeren over het dorp, de voorzieningen, verenigingen en bedrijven.

Directe samenwerking:
Met medewerkers van Face-book skearnegoutum en de medewerkers van de Doarpsomropper die maandelijks in druk verschijnt. Ook is er een nauw samenwerkingsverband met Dorpshuis  “It Swettehûs”.

Sponsoren:
Om de kosten van het in stand houden van www.skearnegoutum.nl te dekken, worden Sponsors gevraagd. Voor een bijdrage vanaf € 25.00 staat uw bedrijf bij de site volop "in the picture".
Sponsor worden. Heeft u interesse ? Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.


©Copyrights:
Onze site wordt met veel zorg en inzet geredigeerd. Vrijwel dagelijks zijn de redacteuren aan het werk om de bewoners van Scharnegoutum zo goed mogelijk te informeren. De complete redactie van de Mediagroep doet dit alles op geheel vrijwillige basis.

Het staat u vrij om teksten van onze site te halen en die voor eigen, niet commerciële doeleinden te gebruiken.

De meeste foto’s op de site worden gemaakt door de eigen redactie leden. 

Mediagroep secretariaat:
Postadres: W. Santemastrjitte 6, 8629 PR Skearnegoutum.

Meewerken aan nieuws?
Heel graag, help mee... Ook u kunt tips of informatie uit het dorp doorgeven, bel of mail ons gerust:

Kopij Mediagroep:
Kopij aan de redactie kan gestuurd worden naar Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.  

Denktank-Mediagroep: Met ideeën/vragen/klachten over de media van Scharnegoutum kunt u terecht bij Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. 

Bezoekers

We hebben 624 gasten en geen leden online