Home
26-puur.jpg

4-dec-2017 Fol ferwachting kloppet myn hert. Foar twa fan de Stadige Strikers wie it de earste kear dat se it sinteklazedamjen meimakken. It heart sa’n bytsje by de tradysje fan de fiifentritichjierrige klup. As jo dan nij binne dan tinke jo mooglik alris: hoe soe dat no wêze sok damjen. By ien fan de nijelingen, hy komt fan Easterein, wie it al in lyts wike in lietsje fan: Fol ferwachting kloppet myn hert.
Om koart te kriemen: Elk moat mei in kertier op ’e klok fjouwer potsjes damje.

Dan duorje dy fjouwer potsjes mei-inoar in healoere. Yn dy tastiene tiid moat der in gewoan spul damme wurde, in spul earstkwyt, in spultsje fiif tsjin fiif en in spul op it skaakboerd. By dy lêste fariant binne jo mei it Fryske spul samar by-inoar. It is fansels echt foar de wille dy’t men mei sok spuljen belibbet. Gjin drege prakkesaasjes komme der oan te pas. Wol is it in grut pluspunt as men de teory aardich behearsket. Jelle Wiersma is yn dit soarte fan spullen likefolle in master as yn it gewoane Fryske spul. Hy sjocht de slachjes yn in flok en in sucht. It wie dan ek net sa frjemd dat hy de earste wie yn de heechste groep.
Yn de twadde groep wie it prachtich om te sjen dat de kwaliteiten fan Tineke Teigeler boppe driuwen kamen. Yn de gewone kompetysje tilt it by Tineke net op fan de punten, mar op dizze sinteklaasjûn reinde it foar har punten. De nijelingen diene fansels ek goed mei, mar dy hawwe gewoan noch wat mear tiid nedich om de setten te sjen. Sy misse noch de automatismen. Dat komt fansels. It hat wat tiid nedich.
Utslaggen. Yn de heechste groep wiene 20 punten te heljen en yn de twadde groep 16.
Heechste groep: 1 Jelle Wiersma 14½; 2 Cor Kooistra 11½; 3 Willem Schaap 11; 4 Dicky van der Meer 10½; 5 Sjoerd Jan Bakker 7; 6 Ype Boelens 5½
Twadde groep: 1 Tineke Teigeler en Bauke Bos beide 9; 3 Bauke de Boer en Sjoerd Huitema beide 8; 5 Paul Borghaerts 6.

* Onze sponsors *

Zoeken op deze site

Zo was het toen

foto_17-ad.jpg

Ons dorp in 2014

scharnegoutum-80.jpg

Info Website

Algemene informatie: 
De website van Scharnegoutum (www.skearnegoutum.nl) is de officiële dorpssite van Doarpsbelang Skearnegoutum. Deze site, die dagelijks ruim 210 bezoekers trekt, wordt onderhouden door de vrijwilligers van de Mediagroep Scharnegoutum. Dit is een van de werkgroepen van Doarpsbelang Skearnegoutum. Het doel van de Mediagroep is om inwoners van het dorp en andere geïnteresseerden zo actueel mogelijk te informeren over het dorp, de voorzieningen, verenigingen en bedrijven.

Directe samenwerking:
Met medewerkers van Face-book skearnegoutum en de medewerkers van de Doarpsomropper die maandelijks in druk verschijnt. Ook is er een nauw samenwerkingsverband met Dorpshuis  “It Swettehûs”.

Sponsoren:
Om de kosten van het in stand houden van www.skearnegoutum.nl te dekken, worden Sponsors gevraagd. Voor een bijdrage vanaf € 25.00 staat uw bedrijf bij de site volop "in the picture".
Sponsor worden. Heeft u interesse ? Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.


©Copyrights:
Onze site wordt met veel zorg en inzet geredigeerd. Vrijwel dagelijks zijn de redacteuren aan het werk om de bewoners van Scharnegoutum zo goed mogelijk te informeren. De complete redactie van de Mediagroep doet dit alles op geheel vrijwillige basis.

Het staat u vrij om teksten van onze site te halen en die voor eigen, niet commerciële doeleinden te gebruiken.

De meeste foto’s op de site worden gemaakt door de eigen redactie leden. 

Mediagroep secretariaat:
Postadres: W. Santemastrjitte 6, 8629 PR Skearnegoutum.

Meewerken aan nieuws?
Heel graag, help mee... Ook u kunt tips of informatie uit het dorp doorgeven, bel of mail ons gerust:

Kopij Mediagroep:
Kopij aan de redactie kan gestuurd worden naar Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.  

Denktank-Mediagroep: Met ideeën/vragen/klachten over de media van Scharnegoutum kunt u terecht bij Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. 

Bezoekers

We hebben 398 gasten en geen leden online