Home
37-dorpshuis.jpg

20-11-2017 Dicky van der Meer hat no al mear punten as it totaal fan ferline jier. Ferline wike fersloech er op moandeitejûn Jelle Wiersma en in dei letter ferlear er twa yn Jorwert en moandei lêstlyn fersloech er Cor Kooistra. Yn de kompetysje hat er no al moai wat puntsjes byinoar fandele. Dicky van der Meer oer him haw wy it, hat no al mear punten as yn it hiele lêste seizoen. Moandeitejûn antwurde hy mei in sterke tsjinset op de iepening fan Kooistra. De lêste like der suver wat mei oan te wêzen en it duorre ek lang ear’t er mei in streek kaam.

Dy streek wie efternei net de allersterkste: Hy krige in houtsje frij wat midden op it boerd. Van der Meer stie der op as in blok beton. In dûbele rige hie dy yn de ferdigening. Kooistra fjouwer om fjouwer ôf om wat lucht te krijen, mar dêrmei krige er ek in hiele swakke koarte hoeke. Op in bepaald stuit tocht Dicky dat er it ek noch fergriemd hie. Dat hie bêst kinnen as er wat minder sterk strutsen hie. Beide krigen se in daam. Van der Meer hie dêrby de stipe fan trije houtsjes en Kooistra fan twa.Op dat stuit wie der foar de foarsitter eins gjin salve mear oant te striken. Nei in pear streken koe er de hân jaan.
Ype Boelens moast syn twadde partij tsjin Jelle Wiersma. De earste ferlear er op 16 septimber. No soe er der wer tsjin oan. Hy wit hoe’t it fielt om fan Jelle te winnen. Dochs siet it der diskear net yn. Jelle hoegde net oant de einfaze te wachtsjen om ta te slaan. Nee dat die er al efkes earder. Mei in moaie slach rûgelen Ype syn swarte houtsjes as heilstiennen fan it boerd. By Sjoerd Jan Bakker en Bauke Dykstra rûgele der neat. Nee beide hearen holden inoar aardich yn it lykwicht. No binne wy it wol wend, mar ek dizze jûn spriek Bakker út dat it mei him net goed kaam. Hy soe it oa n alle kanten en einen ferlieze, sa wie it boadskip. Apart is it, dat it wol kamp waard. No kin it fansels wêze dat Sjoerd Jan in kamp as in nederlaach besjocht.
Der waard ek foar de Fryslân Kup damme. Gast Epke Bootsma út Blauhûs moast tsjin Willem Schaap. Dat wie net in partij dy’t yn in slach en in stjit út wie. Nee der waard fan beide kanten striid levere. Willem hie yn elts gefal in klear as in bellefleur. Dat betsjutte dat er it net sa maklik hie. Dochs soe it foar him noch goed ôfrinne.
Utslaggen: Hennie de Haan – Bauke de Boer 0 – 1; Jelle Wiersma – Ype Boelens 1 – 0; Paul Borghaerts – Tineke Teigeler 1 – 0; Bauke Dykstra – Sjoerd Jan Bakker ½ - ½; Bauke Bos – Sjoerd Huitema 0 – 1; Cor Kooistra – Dicky van der Meer 0 – 1. Fryslân Kup: Willem Schaap – Epke Bootsma 1 – 0.

* Onze sponsors *

Zoeken op deze site

Zo was het toen

Dscf4818-adk2.jpg

Ons dorp in 2014

scharnegoutum-03.jpg

Info Website

Algemene informatie: 
De website van Scharnegoutum (www.skearnegoutum.nl) is de officiële dorpssite van Doarpsbelang Skearnegoutum. Deze site, die dagelijks ruim 210 bezoekers trekt, wordt onderhouden door de vrijwilligers van de Mediagroep Scharnegoutum. Dit is een van de werkgroepen van Doarpsbelang Skearnegoutum. Het doel van de Mediagroep is om inwoners van het dorp en andere geïnteresseerden zo actueel mogelijk te informeren over het dorp, de voorzieningen, verenigingen en bedrijven.

Directe samenwerking:
Met medewerkers van Face-book skearnegoutum en de medewerkers van de Doarpsomropper die maandelijks in druk verschijnt. Ook is er een nauw samenwerkingsverband met Dorpshuis  “It Swettehûs”.

Sponsoren:
Om de kosten van het in stand houden van www.skearnegoutum.nl te dekken, worden Sponsors gevraagd. Voor een bijdrage vanaf € 25.00 staat uw bedrijf bij de site volop "in the picture".
Sponsor worden. Heeft u interesse ? Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.


©Copyrights:
Onze site wordt met veel zorg en inzet geredigeerd. Vrijwel dagelijks zijn de redacteuren aan het werk om de bewoners van Scharnegoutum zo goed mogelijk te informeren. De complete redactie van de Mediagroep doet dit alles op geheel vrijwillige basis.

Het staat u vrij om teksten van onze site te halen en die voor eigen, niet commerciële doeleinden te gebruiken.

De meeste foto’s op de site worden gemaakt door de eigen redactie leden. 

Mediagroep secretariaat:
Postadres: W. Santemastrjitte 6, 8629 PR Skearnegoutum.

Meewerken aan nieuws?
Heel graag, help mee... Ook u kunt tips of informatie uit het dorp doorgeven, bel of mail ons gerust:

Kopij Mediagroep:
Kopij aan de redactie kan gestuurd worden naar Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.  

Denktank-Mediagroep: Met ideeën/vragen/klachten over de media van Scharnegoutum kunt u terecht bij Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. 

Bezoekers

We hebben 402 gasten en geen leden online