Home
03-Annet-de-Jong.jpg

14-11-2017  Yn in flok en in sucht makken de Strikers dien wurk. De namme Stadige Strikers waard moandeitejûn net folle ear oandien. Nee it stadige wie der by de measte dammers net by. It gong gewoan hurry up. Boppedat wiene der ek ferrassende útslaggen. De meast bysûndere wie de winst fan Dicky van der Meer op Jelle Wiersma. De earste makke ek yn in mum fan tiid dien wurk.
Jelle is wol gauris de earste dy’t út is. Dat wie moandeitejûn net oars. Faak stapt er dan as winner efter it boerd wei.

Dizze kear dus net. Dicky dy’t hiel sterk damjen faak ôfwikselet mei swakkere mominten, sloech diskear ferwoastend ta. Mei in hiele moaie kombinaasje stjoerde er Jelle mei lege hannen nei hûs ta. In moaie opstekker fan de man út Terherne.
It earste spul tsjin Sjoerd Huitema, de nije oanwinst en talint, wûn Bauke de Boer. Dat is no in wike as fiif lyn. De twadde partij gie De Boer sa maklik net ôf. Mooglik struts er wat te dryst en wie er noch net earlik oertsjûge fan de kwaliteiten fan syn tsjinstanner, oars hie er mooglik wat better oer syn fatale streek neitocht. Hy tocht wol, mar krekt in houtsje ferkeard. Hy miende dat it nei in ôfruil lyk wêze soe. Doe’t de slach fan trije om fjouwer troch Huitema útfierd wie, seach De Boer syn flater. Hy leaude der doe eins ek net mear yn. Dêr hie er wol gelyk oan, mar hy hie noch wol wat mear tsjinpartij jaan kinnen. Nei in pear ôfruiltsjes siet Sjoerd hielendal op roazen.
De froulju by de Strikers ha it op ’t heden mar dreech. No joech mar ien frou acte de presence: Hennie de Haan. Sy moast it dwaan tsjin de man, dy’t mei in protte moraal (sizze se by it hurdfytsen) efter it boerd sitten gie. Him koe hast neat mear barre. Hy hie ommers ferline wike noch Marten Walinga ferslein. Hennie seach ek al wat bleek om it snútsje, doe’t se hearde dat se tsjin Bauke moast. Om in lang ferhaal koart te meitsjen: Bauke die in geweldige úthaal dy’t oan it spul fan de ferstoarne Germ Terpstra tinken die. It wie foar Hennie fuortendalik sa út as poepkak. Dus dy partij wie ek gau beslikke, al foar it twadde bakje kofje.
De ein fan de twa oare spullen liet ek net sa lang op him wachtsje, en sa koe it barre dat de Strikers foar de sjongers, De Martini kKantorij, it Swettehûs út giene.
Utslaggen: Jelle Wiersma – Dicky van der Meer 0 – 1; Willem Schaap – Bauke Dykstra 1 – 0; Hennie de Haan – Bauke Bos 0 – 1; Bauke de Boer – Sjoerd Huitema 0 – 1; Sjoerd Jan Bakker – Cor Kooistra 0 – 1.

 

* Onze sponsors *

Zoeken op deze site

Zo was het toen

foto 23-ad.jpg

Ons dorp in 2014

scharnegoutum-77.jpg

Info Website

Algemene informatie: 
De website van Scharnegoutum (www.skearnegoutum.nl) is de officiële dorpssite van Doarpsbelang Skearnegoutum. Deze site, die dagelijks ruim 210 bezoekers trekt, wordt onderhouden door de vrijwilligers van de Mediagroep Scharnegoutum. Dit is een van de werkgroepen van Doarpsbelang Skearnegoutum. Het doel van de Mediagroep is om inwoners van het dorp en andere geïnteresseerden zo actueel mogelijk te informeren over het dorp, de voorzieningen, verenigingen en bedrijven.

Directe samenwerking:
Met medewerkers van Face-book skearnegoutum en de medewerkers van de Doarpsomropper die maandelijks in druk verschijnt. Ook is er een nauw samenwerkingsverband met Dorpshuis  “It Swettehûs”.

Sponsoren:
Om de kosten van het in stand houden van www.skearnegoutum.nl te dekken, worden Sponsors gevraagd. Voor een bijdrage vanaf € 25.00 staat uw bedrijf bij de site volop "in the picture".
Sponsor worden. Heeft u interesse ? Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.


©Copyrights:
Onze site wordt met veel zorg en inzet geredigeerd. Vrijwel dagelijks zijn de redacteuren aan het werk om de bewoners van Scharnegoutum zo goed mogelijk te informeren. De complete redactie van de Mediagroep doet dit alles op geheel vrijwillige basis.

Het staat u vrij om teksten van onze site te halen en die voor eigen, niet commerciële doeleinden te gebruiken.

De meeste foto’s op de site worden gemaakt door de eigen redactie leden. 

Mediagroep secretariaat:
Postadres: W. Santemastrjitte 6, 8629 PR Skearnegoutum.

Meewerken aan nieuws?
Heel graag, help mee... Ook u kunt tips of informatie uit het dorp doorgeven, bel of mail ons gerust:

Kopij Mediagroep:
Kopij aan de redactie kan gestuurd worden naar Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.  

Denktank-Mediagroep: Met ideeën/vragen/klachten over de media van Scharnegoutum kunt u terecht bij Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. 

Bezoekers

We hebben 406 gasten en geen leden online