Home
25-Terpstra.jpg

                      Eerste zaterdag van de maand:          Inloop café    <klik hier>

30-10-2017 Tineke stiet ien efter en stiet ien foar. Noch altiten rint Tineke Teigeler yn in rinstek. Har man moat har nei it damjen bringe en wer ophelje. Ja it is wat as jo de heup stikken hân ha. Dan binne jo net sa mar ien twa trije wer de âlde. Damje dat kin se noch wol, allinne hellet se lang net altiten út har stân wat der yn sit. Moandei hie se wer sa’n partij. Se rekke in houtsje kwyt en in pear streken letter stie se ien foar. Ja dat gie wat apart. Tsjinstanner bauke de Boer seach ek wol efkes raar op syn noas, doe’t er fan ien foar sa mar ien efter rekke.Tineke feroare suver wat mei dat iene houtsje foar. Net dat dy feroaring no sa sear yn har foardiel wie. Nee se skode sa no en dan fan dy frjemde houtsjes. Sadwaande kaam se der op it lêst op te stean as in brijwein.

De Boer fan de fiif spul noch mar ien ferlern en dat kaam ek noch troch in rare blunder, spilet dit jier sterk. Teminsten, hy is sterk út de startblokken gien. No strafte er Tineke har net al te sterke streken sûnder ek mar in greintsje moederaasje ôf. Sa bedarre Tineke fan de souder wer op de grûn en koe se nei puntsje of in heal puntsje fluitsje.
Moandeitejûn is besletten dat de earste en twaddeklassers ien partij tsjin inoar spylje moatte. It docht hiel faak bliken dat de yn beide groepen in ûneven oantal dammers is. Dan dogge de twa oerbliuwers tsjin inoar. No wurdt dat offisjeel. Bauke Bos spile dêrom om de punten tsjin Sjoerd Jan Bakker. It waard in moaie partij en Sjoerd moast der alles úthelje om te winnen. No moat der by sein wurde, dat er tagelyk noch mei Ype Boelens ôfrekkenje moast. Dat slagge ek. Sadwaande stapte de man mei twa punten yn de bûse op syn fytske nei Snits. Tegearre ried er mei Sjoerd Huitema op, dy’t Hennie de Haan de baas wie. Dat hat fêst in fleurich fytstochtsje west.
Utslaggen: Bauke de Boer – Tineke Teigeler 1 – 0; Hennie de Haan – Sjoerd Huitema 0 – 1; Sjoerd Jan Bakker – Ype Boelens 1 – 0; Bauke Bos – Sjoerd Jan Bakker 0 – 1; Bauke Dykstra – Jelle Wiersma 0 – 1; Cor Kooistra – Willem Schaap 0 – 1.

 

Ons dorp in 2014

scharnegoutum-11.jpg

Info Website

Algemene informatie: 
De website van Scharnegoutum (www.skearnegoutum.nl) is de officiële dorpssite van Doarpsbelang Skearnegoutum. Deze site, die dagelijks ruim 210 bezoekers trekt, wordt onderhouden door de vrijwilligers van de Mediagroep Scharnegoutum. Dit is een van de werkgroepen van Doarpsbelang Skearnegoutum. Het doel van de Mediagroep is om inwoners van het dorp en andere geïnteresseerden zo actueel mogelijk te informeren over het dorp, de voorzieningen, verenigingen en bedrijven.

Directe samenwerking:
Met medewerkers van Face-book skearnegoutum en de medewerkers van de Doarpsomropper die maandelijks in druk verschijnt. Ook is er een nauw samenwerkingsverband met Dorpshuis  “It Swettehûs”.

Sponsoren:
Om de kosten van het in stand houden van www.skearnegoutum.nl te dekken, worden Sponsors gevraagd. Voor een bijdrage vanaf € 25.00 staat uw bedrijf bij de site volop "in the picture".
Sponsor worden. Heeft u interesse ? Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.


©Copyrights:
Onze site wordt met veel zorg en inzet geredigeerd. Vrijwel dagelijks zijn de redacteuren aan het werk om de bewoners van Scharnegoutum zo goed mogelijk te informeren. De complete redactie van de Mediagroep doet dit alles op geheel vrijwillige basis.

Het staat u vrij om teksten van onze site te halen en die voor eigen, niet commerciële doeleinden te gebruiken.

De meeste foto’s op de site worden gemaakt door de eigen redactie leden. 

Mediagroep secretariaat:
Postadres: W. Santemastrjitte 6, 8629 PR Skearnegoutum.

Meewerken aan nieuws?
Heel graag, help mee... Ook u kunt tips of informatie uit het dorp doorgeven, bel of mail ons gerust:

Kopij Mediagroep:
Kopij aan de redactie kan gestuurd worden naar Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.  

Denktank-Mediagroep: Met ideeën/vragen/klachten over de media van Scharnegoutum kunt u terecht bij Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. 

Bezoekers

We hebben 468 gasten en geen leden online