Home
20-Punter.jpg

                      Eerste zaterdag van de maand:          Inloop café    <klik hier>

Scharnegoutum 16-10-2017 Twa froulju binne dy Bauke Bos net te mânsk? It kaam yn de twadde klasse net moai út. As se allegearre tsjin ien damje soenen, dan soe der ien oerbliuwe. Bauke Bos bea oan om tagelyk tsjin de beide froulju te damjen. Dy froulju binne hjir ferline wike noch delsetten as de twa krukken.

Tineke Teigeler rûn yn in rinstek en hennie de Haan krukke op twa steunen. Bauke sil fêst tocht ha, dat er it wol oprêde soe tsjin de froulju, dy’t dochs al wat út har gewoane dwaan binne. Mar dochs: Soene dizze beide froulju Bauke net te mânsk wêze? De kampioen fan de twadde klasse woe mooglik ek net ûnder dwaan foar jelle Wiersma, dy’t ek wol tsjin twa dammet. Hoe dan ek, de dammers sette harsels te plak en it spul gie los. Bauke siet foar syn dwaan yn it spul. Heardest him minder praten as de wyks dêrfoar. Dat wie mar goed ek, want ferline wike siigde dy praterij him noch raar ta de boksen yn. No sloech hy daliks foar master op. Tineke moast er as earste oan gelove. Wylst er har geweken naam, rekke er tsjin Hennie wol in houtsje achterop. No’t Tineke ôffallen wie, koe er him hielendal op Hennie rjochtsje. Dat die er fakkundich. Hy liet wol efkes sjen dat hy de kampioen is. Hoe it krekt om en ta gie, wit de skriuwer net, mar hy wit wol dat sa mar ynienen Hennie gjin poat mear hie om op te stean. Bauke wûn! Hy wie de twa froulju te mânsk.
Fjirtjin dagen lang hat er mei syn dambuordsje oan de Middellânske See yn Spanje sitten te trainen, om de kompetysje mei faasje en sukses útein te setten. Wy ha it hjir oer Sjoerd Jan Bakker, al like lang lid as de klup âld is. Tsjinoer him kaam Dicky van der Meer te sitten. Dy lêste doart wol te striken. Meastal binne syn partijen ryk oan loopkes en flypflappen. Moandeitejûn wie dat net oars. In partij om fan te “smullen”. Meastal rêdt Sjoerd Jan Bakker him dêr altiten hiel sterk út. No net. De stiene noch in njoggental houtsjes fan elk op it boerd, mar Bakker koe gjin kant mear út. Hiel ûngewoan yn it fryske Spul. Noch in skoftke hat er der op omstind en doe joech er de hân.
Utslaggen: Sjoerd Huitema – Bauke de Boer 0 – 1; Bauke Bos – Hennie de Haan 1 – 0; Tineke Teigeler – Bauke Bos 0 – 1: Dicky van der Meer – Sjoerd Jan Bakker 1 – 0; Jelle Wiersma – Ype Boelens 1 – 0; Cor Kooistra – Bauke Dykstra ½ - ½.

Ons dorp in 2014

scharnegoutum-brug-07.jpg

Info Website

Algemene informatie: 
De website van Scharnegoutum (www.skearnegoutum.nl) is de officiële dorpssite van Doarpsbelang Skearnegoutum. Deze site, die dagelijks ruim 210 bezoekers trekt, wordt onderhouden door de vrijwilligers van de Mediagroep Scharnegoutum. Dit is een van de werkgroepen van Doarpsbelang Skearnegoutum. Het doel van de Mediagroep is om inwoners van het dorp en andere geïnteresseerden zo actueel mogelijk te informeren over het dorp, de voorzieningen, verenigingen en bedrijven.

Directe samenwerking:
Met medewerkers van Face-book skearnegoutum en de medewerkers van de Doarpsomropper die maandelijks in druk verschijnt. Ook is er een nauw samenwerkingsverband met Dorpshuis  “It Swettehûs”.

Sponsoren:
Om de kosten van het in stand houden van www.skearnegoutum.nl te dekken, worden Sponsors gevraagd. Voor een bijdrage vanaf € 25.00 staat uw bedrijf bij de site volop "in the picture".
Sponsor worden. Heeft u interesse ? Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.


©Copyrights:
Onze site wordt met veel zorg en inzet geredigeerd. Vrijwel dagelijks zijn de redacteuren aan het werk om de bewoners van Scharnegoutum zo goed mogelijk te informeren. De complete redactie van de Mediagroep doet dit alles op geheel vrijwillige basis.

Het staat u vrij om teksten van onze site te halen en die voor eigen, niet commerciële doeleinden te gebruiken.

De meeste foto’s op de site worden gemaakt door de eigen redactie leden. 

Mediagroep secretariaat:
Postadres: W. Santemastrjitte 6, 8629 PR Skearnegoutum.

Meewerken aan nieuws?
Heel graag, help mee... Ook u kunt tips of informatie uit het dorp doorgeven, bel of mail ons gerust:

Kopij Mediagroep:
Kopij aan de redactie kan gestuurd worden naar Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.  

Denktank-Mediagroep: Met ideeën/vragen/klachten over de media van Scharnegoutum kunt u terecht bij Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. 

Bezoekers

We hebben 453 gasten en geen leden online