Home
38-fysio.jpg

                      Eerste zaterdag van de maand:          Inloop café    <klik hier>

9-10-2017 Scharnegoutum, Sjoerd Huitema giet fuortendalik oan kop! Alle wat ynwijde dammers sjogge der fansels net frjemd fan op, dat nijeling Sjoerd Huitema nei twa wedstriden allinne oan kop giet yn de twadde klasse. Yn de earste klasse stiet Jelle Wiersma nei twa wedstriden ek op it earste plak. Wy binne der no benijd nei hoe’t de einstân ein maart der útsjen sil. Soene de beide koprinners dan ek noch deselde posysje ynnimme? De stikjeskriuwer achtet dy kâns frij grut.


Huitema naam it op tsjin Bauke Bos, de winner fan de kompetysje fan ferline jier. De lêste hat de damkapasiteiten fan syn tsjinstanner mooglik wat ûnderskatten. Hy hie nammentlik nochal wat praat. Fral praat mei oaren. Dan binne jo fansels net hielendal mei it kopke by it damjen. Sjoerd liet dy praterij mar wat gewurde, mar tocht ûndertusken wol de bêste streken út. Hy foel oan op Bauke syn swakke koarte hoeke. Dat gefaar hat Bos net op ‘e tiid ynsjoen. Doe’t er der wat oan die, wie it te let en koe Sjoerd nei daam strike. Bauke rûn stomp mei syn houtsje rjochting de daamline en koe mar ien ding noch dwaan en dat wie de hân jaan.
Bauke de Boer hie oan ús dendrochronolooch Paul Borghaerts net sa’n bot sterke tsjinstanner. Paul wie der noch net hielendal by nei syn prachtige lêzing oer dendrochronology yn Easterein de wyks dêrfoar. It hout siet him noch yn de kop, mar net it damhout. De Boer wûn maklik, mar dat sil in oare kear as Paul de âlde wer is wol wer oars wêze.
“Hiel faak spylje ik sa” sei Dicky van der Meer. “En wol gauris win ik it sa!” Bauke Dykstra feroare net om dat praat en striek syn eigen spul as antwurd. Dat hie de man út Nij Beets goed yn it snotsje. Hy helle der nei in set as tweintich der in prachtige flypflap út en pakte sa syn earste winst.
De beide mannen sieten it langst en strieken in hiele moaie partij. Der waarden gjin rare flaters makke en sa gie it nei it einspul ta. Doe hie Kooistra mooglik noch wat skerper skowe kinnen om der noch in kampke út te heljen. Dat barde net en sa waard Ype Boelens de terjochte winner.
De twa krukken moasten tsjin elkoar. De iene rûn yn in rinstek en de oare kaam op twa krukken de seal yn strompeljen. Beide wiene se brocht troch harren man. Wy ha it hjir oer Tineke Teigeler en Hennie de Haan. De lêste mei in nije knibbel en Tineke mei in plaat en in pinne yn de heup. Mar se wienen der! De strikers hiene harren mist de twa earste jûnen. Doe koe it fansels net. Se dammen in moaie partij wêryn Hennie de boppelizzende partij wie en it ek sadanich útmakke.
Utslaggen: Bauke de Boer – Paul Borghaerts 1 – 0; Tineke Teigeler – Hennie de Haan 0 – 1; Sjoerd Huitema – Bauke Bos 1 – 0; Bauke Dykstra – Dicky van der Meer 1 – 0; Cor Kooistra – Ype Boelens 0 – 1.

Ons dorp in 2014

scharnegoutum-24.jpg

Info Website

Algemene informatie: 
De website van Scharnegoutum (www.skearnegoutum.nl) is de officiële dorpssite van Doarpsbelang Skearnegoutum. Deze site, die dagelijks ruim 210 bezoekers trekt, wordt onderhouden door de vrijwilligers van de Mediagroep Scharnegoutum. Dit is een van de werkgroepen van Doarpsbelang Skearnegoutum. Het doel van de Mediagroep is om inwoners van het dorp en andere geïnteresseerden zo actueel mogelijk te informeren over het dorp, de voorzieningen, verenigingen en bedrijven.

Directe samenwerking:
Met medewerkers van Face-book skearnegoutum en de medewerkers van de Doarpsomropper die maandelijks in druk verschijnt. Ook is er een nauw samenwerkingsverband met Dorpshuis  “It Swettehûs”.

Sponsoren:
Om de kosten van het in stand houden van www.skearnegoutum.nl te dekken, worden Sponsors gevraagd. Voor een bijdrage vanaf € 25.00 staat uw bedrijf bij de site volop "in the picture".
Sponsor worden. Heeft u interesse ? Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.


©Copyrights:
Onze site wordt met veel zorg en inzet geredigeerd. Vrijwel dagelijks zijn de redacteuren aan het werk om de bewoners van Scharnegoutum zo goed mogelijk te informeren. De complete redactie van de Mediagroep doet dit alles op geheel vrijwillige basis.

Het staat u vrij om teksten van onze site te halen en die voor eigen, niet commerciële doeleinden te gebruiken.

De meeste foto’s op de site worden gemaakt door de eigen redactie leden. 

Mediagroep secretariaat:
Postadres: W. Santemastrjitte 6, 8629 PR Skearnegoutum.

Meewerken aan nieuws?
Heel graag, help mee... Ook u kunt tips of informatie uit het dorp doorgeven, bel of mail ons gerust:

Kopij Mediagroep:
Kopij aan de redactie kan gestuurd worden naar Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.  

Denktank-Mediagroep: Met ideeën/vragen/klachten over de media van Scharnegoutum kunt u terecht bij Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. 

Bezoekers

We hebben 472 gasten en geen leden online