Home
08-zorgboerderij.jpg

2-10-2017 Nijeling Sjoerd Huitema is in rappe learling. Ferline wike wie Sjoerd Huitema foar de earste kear oanwêzich by de Stadige Strikers. Doe hold de damklup de jierfergadering: de notulen en it jierferslach waarden troch de skriuwer Bauke Bos foarlêzen, en de stân fan de sinteraasje lei ponghâlder Ype Boelens út. Beide hearen hienen de saakjes goed foarinoar. Nei noch wat oare punten en nijtsjes stelde werkeazen foarsitter Cor Kooistra foar om ek noch mar efkes in pear potsjes te striken. Sjoerd Huitema gie doe ek syn earste potsjes skowen as Stadige Striker.


Hy spile ôfrûne moandei tsjin Paul Borghaerts. De man dy’t hiel thús is yn it hout. Ek de damhoutsjes kin hy hiel kundich fersette. Syn tsjinstanner dy’t him no weaget oan it Fryske spul is in poerbêste Hollânske dammer. Hy spilet by trije klups en docht ek mei oan de lanlike kompetysje. Dus de man wit wat damjen is. Hy en Paul makken der in alderaardichste partij fan. Der wie eins oant it middenspul ta net folle fan te sizzen wa’t no better stûn. Doe kaam Huitema mei in slach omheech en lei sa de lange hoeke fan Borghaerts lam. It soe úteinlik de winnende set wurde. En wat sei Sjoerd nei dat it út wie: “Dy slach omheech ha ik ferline wike fan Cor leard!” No dan kin men wol sizze dat de nijeling in rappe learling is.
Jelle Wiersma spile tsjin twa tagelyk. Dat koste him net folle muoite, want binnen de koartste kearen hie hy beide âld-Hartwerters te pakken. Earst sneuvele Bauke Dykstra en in skoftke letter stuts Cor Kooistra sels de kop yn de strûp. Wy ha heard dat er letter op ‘e jûn noch wol in gelokje hie. Hy fûn in krekt oanriden jerke. Dy gie mei yn de fytstas. De oare deis ûnderweis nei Snits skeat it him te binnen dat de deade ein noch mei reizge. Thús hat er him tamakke. En hy moat ferskuorrende lekker west ha.
Bauke de Boer de twadde foarich jier yn de twadde klasse moast it opnimme tsjin de nûmer ien Bauke Bos. De Boer dy’t jo noch presys fertelle kin wat de titels fan it Frânske, Ingelske en Dútske boek wienen dy’t hy tachtich jier lyn lêze moast foar syn MULO-eksamen. Dan ha jo fansels in ûnthâld om jo tsjin te sizzen. It damjen fan de nestor like ek wer goed te gean oant it momint dat er him even grouwélich ferseach en sa Bos de winst kado joech.
Utslaggen: Bauke de Boer – Bauke Bos 0 – 1; Ype Boelens – Willem Schaap 0 – 1; Sjoerd Huitema – Paul Borghaerts 1 – 0; Jelle Wiersma- Bauke Dykstra 1 – 0; Cor Kooistra – Jelle Wiersma 0 – 1.

* Onze sponsors *

Zoeken op deze site

Zo was het toen

foto_14-ad.jpg

Ons dorp in 2014

scharnegoutum-53.jpg

Info Website

Algemene informatie: 
De website van Scharnegoutum (www.skearnegoutum.nl) is de officiële dorpssite van Doarpsbelang Skearnegoutum. Deze site, die dagelijks ruim 210 bezoekers trekt, wordt onderhouden door de vrijwilligers van de Mediagroep Scharnegoutum. Dit is een van de werkgroepen van Doarpsbelang Skearnegoutum. Het doel van de Mediagroep is om inwoners van het dorp en andere geïnteresseerden zo actueel mogelijk te informeren over het dorp, de voorzieningen, verenigingen en bedrijven.

Directe samenwerking:
Met medewerkers van Face-book skearnegoutum en de medewerkers van de Doarpsomropper die maandelijks in druk verschijnt. Ook is er een nauw samenwerkingsverband met Dorpshuis  “It Swettehûs”.

Sponsoren:
Om de kosten van het in stand houden van www.skearnegoutum.nl te dekken, worden Sponsors gevraagd. Voor een bijdrage vanaf € 25.00 staat uw bedrijf bij de site volop "in the picture".
Sponsor worden. Heeft u interesse ? Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.


©Copyrights:
Onze site wordt met veel zorg en inzet geredigeerd. Vrijwel dagelijks zijn de redacteuren aan het werk om de bewoners van Scharnegoutum zo goed mogelijk te informeren. De complete redactie van de Mediagroep doet dit alles op geheel vrijwillige basis.

Het staat u vrij om teksten van onze site te halen en die voor eigen, niet commerciële doeleinden te gebruiken.

De meeste foto’s op de site worden gemaakt door de eigen redactie leden. 

Mediagroep secretariaat:
Postadres: W. Santemastrjitte 6, 8629 PR Skearnegoutum.

Meewerken aan nieuws?
Heel graag, help mee... Ook u kunt tips of informatie uit het dorp doorgeven, bel of mail ons gerust:

Kopij Mediagroep:
Kopij aan de redactie kan gestuurd worden naar Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.  

Denktank-Mediagroep: Met ideeën/vragen/klachten over de media van Scharnegoutum kunt u terecht bij Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. 

Bezoekers

We hebben 418 gasten en geen leden online