Home
27-goliath.jpg

       KOMT U OOK ETEN?  <Klik hier>

27-03-2017 It rint nei de ein mei de kompetysje. Ferline wike wiene der 14 leden paraat. Hartstikkende gesellich. Moandeitejûn wie it ek gesellich, mar it sechje “hoe meer zielen hoe meer vreugd” hat dizze wike wol wer sjen litten dat dat noch altiten wier is. Op ien nei de lêste jûn en dan sit it damjen der wer op en kinne de houtsjes wer efter slot en skoattel. Moandeitejûn waard der fansels noch wol spile en hoe, mar it is te merken dat it nei de ein fan de kompetysje rint. Tusken Bauke de Boer en Paul Borghaerts wie yn harren earste moeting net útmakke wa’t no de sterkste wie. Doe wie it resultaat remize. Moandeitejûn krigen de mannen wer de kâns om sjen te litten wa’t de bêste papieren hie. It soe in moai spul wurde, wêryn Paul der al gau wat better op kaam te stean.

De Boer is fansels yn it damsâlt bebiten en joech him net sa mar ien twa trije oer. Se krigen beide in daam en Paul hie der noch in prachtich moai houtsje by. Dat houtsje stie sadanich dat De Boer koe mei syn daam gjin kant mear út. Altiten moast er dat houtsje slaan en fleach dan Paul syn habbige daam lyk yn de bek.
Wynia koe it net hâlde tsjin Hennie de Haan. “Ik bin finaal út damme!” sa liet Wynia witte. Moarn noch mar even nei Blauhûs...... Dêr kin er dan Hennie mooglik ek wer treffe. Sa giet it mei dat damjen. Bauke Dykstra koe noch al in daam helje tsjin Sjoerd jan Bakker, mar wie dy ek fuort yn de folgjende set wer kwyt. Dêrmei wie it potsje ek út. Ype Boelens stie op winst tsjin Cor Kooistra. De lêste sjocht der neffens himsels neat mear fan. Dat die yn it einspul ek wol wer bliken mei as toppunt it fuort jaan fan trije houtsjes. Dan is it wol dúdlik dat hy der neat mear fan sjocht. Ype koe der net sa sear mei sitte. Hy soe net al te hurd ride nei syn hûs yn Menaam om mar hiel lang fan de oerwinning te genietsjen.
Utslaggen: Rients Wynia – hennie de Haan 0 – 1; Paul Borghaerts – Bauke de Boer 1 – 0; Cor Kooistra – Ype Boelens 0 – 1; Sjoerd Jan Bakker – Bauke Dykstra 1 – 0.

Ons dorp in 2014

scharnegoutum-54.jpg

Info Website

Algemene informatie: 
De website van Scharnegoutum (www.skearnegoutum.nl) is de officiële dorpssite van Doarpsbelang Skearnegoutum. Deze site, die dagelijks ruim 210 bezoekers trekt, wordt onderhouden door de vrijwilligers van de Mediagroep Scharnegoutum. Dit is een van de werkgroepen van Doarpsbelang Skearnegoutum. Het doel van de Mediagroep is om inwoners van het dorp en andere geïnteresseerden zo actueel mogelijk te informeren over het dorp, de voorzieningen, verenigingen en bedrijven.

Directe samenwerking:
Met medewerkers van Face-book skearnegoutum en de medewerkers van de Doarpsomropper die maandelijks in druk verschijnt. Ook is er een nauw samenwerkingsverband met Dorpshuis  “It Swettehûs”.

Sponsoren:
Om de kosten van het in stand houden van www.skearnegoutum.nl te dekken, worden Sponsors gevraagd. Voor een bijdrage vanaf € 25.00 staat uw bedrijf bij de site volop "in the picture".
Sponsor worden. Heeft u interesse ? Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.


©Copyrights:
Onze site wordt met veel zorg en inzet geredigeerd. Vrijwel dagelijks zijn de redacteuren aan het werk om de bewoners van Scharnegoutum zo goed mogelijk te informeren. De complete redactie van de Mediagroep doet dit alles op geheel vrijwillige basis.

Het staat u vrij om teksten van onze site te halen en die voor eigen, niet commerciële doeleinden te gebruiken.

De meeste foto’s op de site worden gemaakt door de eigen redactie leden. 

Mediagroep secretariaat:
Postadres: W. Santemastrjitte 6, 8629 PR Skearnegoutum.

Meewerken aan nieuws?
Heel graag, help mee... Ook u kunt tips of informatie uit het dorp doorgeven, bel of mail ons gerust:

Kopij Mediagroep:
Kopij aan de redactie kan gestuurd worden naar Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.  

Denktank-Mediagroep: Met ideeën/vragen/klachten over de media van Scharnegoutum kunt u terecht bij Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. 

Bezoekers

We hebben 321 gasten en geen leden online