Home
40-thea.jpg

06-03-2017 Strikers en Hartwert yn lykwicht. Fansels moat der by sein wurde, dat de bank fan Hartwert ek sterk wie, mar likegoed beskôgen de Strikers de 6 – 6 as in moai resultaat. Nei de fernedering dy’t de spilers tsjin Nocht & Kriich oprûn hiene in wykmannich lyn, fielde dit suver as in oerwinning

op harren sels.
De gasten kamen manmachtich it Swettehûs yn rûgeljen. Mar leafst achttjin spilers. De Strikers koene dêr mar twa tredde part tsjinoer sette:tolve. Tsien manlju en twa froulju. It waard suver let foar’t der út ein set waard. Earst moast der noch wiidweidich it Fryslân Open oer eide wurde. De wrâldkampioen Frysk siet ek yn de seal: Taeke Kooistra. Oare sterke spilers op dat Open yn Frjentsjer krigen fansels ek efkes oandacht. As dan alle plichtplegingen dien binne, kinne de houtsjes ferskood wurde.
Der ferskynden machtich moaie stannen op de buorden. Yn in tige sportive en gesellige sfear waard der djip neitocht. Us nestor kin ek djip neitinke, mar docht dêr oer it algemien net botte lang oer. Ek dizze jûn wie hy, Bauke de Boer, as earste út. Hy wûn tsjin Herman Scheltinga. Mei it beheljen fan dy earste punt, wisten de Strikers al dat se yn elts gefal in hûndert persint bettere skoare behelje soene as tsjin Aldegea. Doe bleau de teller stean op in healtsje.
No gyng it sa’n bytsje om en om mei de punten. Op in bepaald stuit wie it 2 – 2. Uteinlik stie it wylst der noch ien spul siet 5 – 6. Soe de Striker dat punt pakke, dan wie it in lyk spul. It waard in punt al moat der by sein wurde dat de klok in beslissende rol spile. Dat heart no ien kear ek by it spultsje. Seis om seis. De Strikers koene de moedfearren wer wat pronkje litte.
Utslaggen: Sjoerd Jan Bakker – Taeke Kooistra 1 – 0; Jelle Wiersma – Tsjerk Wijbenga 1 – 0; Willem Schaap – Fedde Wiersma ½ -- ¼; Bauke Dykstra – Jan Bouma 0 – 1; Cor Kooistra – Sjoerd Teake Kooistra ½ -- ½; Dicky van der Meer – Germ Bruinsma 1 – 0;Ype Boelens – Klaas Abma 0 – 1; Bauke de Boer – Herman Terwisscha van Scheltinga 1 – 0; Paul Borghaerts – Piet Sikma 1 – 0; Hennie de Haan – Lieuwe Eringa 0 – 1; Rients Wynia – Douwe Namminga 0 – 1; Tineke Teigeler – Siebe Elsinga 0 – 1. Einstân: 6 – 6.

* Onze sponsors *

Zoeken op deze site

Zo was het toen

foto_18-ad.jpg

Ons dorp in 2014

scharnegoutum-55.jpg

Info Website

Algemene informatie: 
De website van Scharnegoutum (www.skearnegoutum.nl) is de officiële dorpssite van Doarpsbelang Skearnegoutum. Deze site, die dagelijks ruim 210 bezoekers trekt, wordt onderhouden door de vrijwilligers van de Mediagroep Scharnegoutum. Dit is een van de werkgroepen van Doarpsbelang Skearnegoutum. Het doel van de Mediagroep is om inwoners van het dorp en andere geïnteresseerden zo actueel mogelijk te informeren over het dorp, de voorzieningen, verenigingen en bedrijven.

Directe samenwerking:
Met medewerkers van Face-book skearnegoutum en de medewerkers van de Doarpsomropper die maandelijks in druk verschijnt. Ook is er een nauw samenwerkingsverband met Dorpshuis  “It Swettehûs”.

Sponsoren:
Om de kosten van het in stand houden van www.skearnegoutum.nl te dekken, worden Sponsors gevraagd. Voor een bijdrage vanaf € 25.00 staat uw bedrijf bij de site volop "in the picture".
Sponsor worden. Heeft u interesse ? Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.


©Copyrights:
Onze site wordt met veel zorg en inzet geredigeerd. Vrijwel dagelijks zijn de redacteuren aan het werk om de bewoners van Scharnegoutum zo goed mogelijk te informeren. De complete redactie van de Mediagroep doet dit alles op geheel vrijwillige basis.

Het staat u vrij om teksten van onze site te halen en die voor eigen, niet commerciële doeleinden te gebruiken.

De meeste foto’s op de site worden gemaakt door de eigen redactie leden. 

Mediagroep secretariaat:
Postadres: W. Santemastrjitte 6, 8629 PR Skearnegoutum.

Meewerken aan nieuws?
Heel graag, help mee... Ook u kunt tips of informatie uit het dorp doorgeven, bel of mail ons gerust:

Kopij Mediagroep:
Kopij aan de redactie kan gestuurd worden naar Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.  

Denktank-Mediagroep: Met ideeën/vragen/klachten over de media van Scharnegoutum kunt u terecht bij Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. 

Bezoekers

We hebben 463 gasten en geen leden online