Home
30-vdmeer.jpg

              Jongens Tegen de Meisjes                       18 november      <klik hier>

Om te laitsjensmile? Of………..cry It wie op 31 july dat ik in melding die by de gemeente SWF oer it feit dat der rûnom ús doarp in hiel soad ferkearsbuorden fan de peallen misten. Ik telde op myn sneinskuier it rûntsje Loaiïngea om sa mar 8 stiks. In pear dagen letter krige ik in mail wêryn ik betanke waard foar myn opmerksumheid en mei de meidieling dat de tsjinst iepenbiere wurken de rûte by del west hie, itselde as ik konstatearre hie en dat de buorden besteld wienen. It koe wol in pear wiken duorje foardat de buorden levere waarden mar dan soenen se ophongen wurde. Oant doe ta allegearre tige korrekt.

Sadwaande wie it dat ik mids september tocht, no sille de buorden hast wol komme. Mar der barde neat, der ferdwûnen allinnich  mar mear buorden wêrtroch it b.g. foar in frjemd net mear dúdlik wie dat der in ferplicht fytspaad lâns de dyk nei Goaiïngea rûn omt alle buorden fuort wienen. In gefaarlike sitewaasje fûn ik want de automobylisten hâlde gjin rekken mei it feit dat der fytsers op’e dyk binne, eat wat ik geregeld konstatearre. In pear wiken tebek tocht ik it duorret no wol hiel lang, der wie sûnt myn melding al in heal jier foarby! No hat Súdwest ek in feestboek side en dus sette ik dêr in reaksje op mei it advys oan de gemeente om de lege peallen ek mar fuort te heljen, dan foel it net mear op dat der buorden misten. In bytsje sarkasme leit my wol! Ik krige nei in pear dagen it advys fan de FB beheerder  om in melding te dwaan by de gemeente, in gandioaze tip fansels, wie it net dat ik dat al dien hie! Ofrûne snein seach ik wer sa’n gefaarlike aksje fan in pear netwittende fytsers en doe tocht ik, no wurdt it dochs wolris tiid!! Dat de gemeente wolris wat laks is wit ik út eigen ûnderfining, ik ha der ek sawat 25 jier wurke, mar dit rûn de spuigatten út! Dus ha ik de mail opsocht fan de amtner dy’t my yn augustus kreas antwurd jûn hie en ha ik har maild dat ik it nearne op lykjen fûn dat der sa mei jo as goed wollende boarger omgien wurdt. Boppedat ha ik har ek noch mar ris wiist op it gefaar fan de laksheid fan gemeente.

Moandeitemoarn 20 febrwaris, 10.30 oere, wy riden it doarp út rjochting Snits. Fanôf de brêge seach ik oan de oare kant fan de rotonde in auto mei swaailjocht stean. Ik sei tsjin myn sydsulver, it sil dochs net sa wêze dat...... ik ha der in ekstra rûntsje foar makke op de rotonde, mar wol dus! Se wienen mei de buorden oan it pleatsen en hjoed seach ik dat se allegearre wer stean! Yn ien dei!!! Je hâlde it net foar mooglik! En no ha ik stikem wille en wachtsje op it antwurd fan de gemeente, in gokje? Se skriuwe grif dat it al moannen yn de planning siet mar dat noch net alle buorden levere wienen en, hoe is it mooglik dat jo no krekt reagearje, dat is wol hiel tafallich!!

Ik mei wol laitsje no???

Ons dorp in 2014

scharnegoutum-25.jpg

Info Website

Algemene informatie: 
De website van Scharnegoutum (www.skearnegoutum.nl) is de officiële dorpssite van Doarpsbelang Skearnegoutum. Deze site, die dagelijks ruim 210 bezoekers trekt, wordt onderhouden door de vrijwilligers van de Mediagroep Scharnegoutum. Dit is een van de werkgroepen van Doarpsbelang Skearnegoutum. Het doel van de Mediagroep is om inwoners van het dorp en andere geïnteresseerden zo actueel mogelijk te informeren over het dorp, de voorzieningen, verenigingen en bedrijven.

Directe samenwerking:
Met medewerkers van Face-book skearnegoutum en de medewerkers van de Doarpsomropper die maandelijks in druk verschijnt. Ook is er een nauw samenwerkingsverband met Dorpshuis  “It Swettehûs”.

Sponsoren:
Om de kosten van het in stand houden van www.skearnegoutum.nl te dekken, worden Sponsors gevraagd. Voor een bijdrage vanaf € 25.00 staat uw bedrijf bij de site volop "in the picture".
Sponsor worden. Heeft u interesse ? Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.


©Copyrights:
Onze site wordt met veel zorg en inzet geredigeerd. Vrijwel dagelijks zijn de redacteuren aan het werk om de bewoners van Scharnegoutum zo goed mogelijk te informeren. De complete redactie van de Mediagroep doet dit alles op geheel vrijwillige basis.

Het staat u vrij om teksten van onze site te halen en die voor eigen, niet commerciële doeleinden te gebruiken.

De meeste foto’s op de site worden gemaakt door de eigen redactie leden. 

Mediagroep secretariaat:
Postadres: W. Santemastrjitte 6, 8629 PR Skearnegoutum.

Meewerken aan nieuws?
Heel graag, help mee... Ook u kunt tips of informatie uit het dorp doorgeven, bel of mail ons gerust:

Kopij Mediagroep:
Kopij aan de redactie kan gestuurd worden naar Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.  

Denktank-Mediagroep: Met ideeën/vragen/klachten over de media van Scharnegoutum kunt u terecht bij Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. 

Bezoekers

We hebben 282 gasten en geen leden online