Home
31-slager.jpg

              Jongens Tegen de Meisjes                       18 november      <klik hier>

6-02-2017 Skearnegoutum: It kampke foar it gripen en dochs noch weijûn. Der waard moandeitejûn no net bepaald folop damme. Yn it foarste plak kaam dat om’t der trije dammers in frije jûn opnamen. Dat diene se yn ferbân mei de persoanlike kampioenskippen de jûn dêrnei. Fjouwer pk-ers wiene wol paraat. Twa dêrfan, Jelle en Willem spilen in potsje Frysk (5 tsjin 5)

foar de kompetysje. Yn de twadde klasse strutsen Bauke Bos en Paul Borghaerts harren earste partij fan de kompetysje. Yn dy partij wie it kampke te gripen.
De partij tusken Bauke en Paul gie moai lyk op. Geandewei like Paul der wat better op te stean. It like net allinne sa, it wie ek sa. De omsteanders ferwachten dan ek dat Bauke oan it koartste ein lûke soe. Der siet lykwols noch wol muzyk yn foar de Sint Nykster. Dan moast syn tsjinstanner wol wat meihelpe. Dy Paul is fansels in goeie fint, dat seagen de oaren fuort al doe’t er in pear wike lyn him by de Stadgie Strikers oanmelde. Hy wie op it boerd lykwols wat te goed. Wêr Bauke op longere, op loerde, barde ek. Paul skode efter en sette dêrmei twa houtsjes op slach. Bauke koe doe mei syn oare hout plakke. It gefolch wie dat beide in daam krigen, wêrby Paul ek noch oer in houtsje beskikte. De stân wie sadanich dat it altiten remize wurde soe. Dat barde net. It sil in black-out west ha, mar Paul sette syn daam samar foar de grypgrage wolf fan syn tsjinstanner. Dan komme jo sneu fan jo heale puntsje ôf.
Tineke Teigeler krige mar leafst twa dammen. Hennie de Haan hie der ien. Dus dat betsjutte dat de partij yn sân setten beslikke wêze moast. Der moat by sein wurde dat Tineke har beide dammen ûngaadlik stûnen. De fangstelling moatte jo yn de lange of de koarte hoeke opbouwe. Hennie besette de lange line en makke it Tineke dreech om wat op te bouwen. It slagge har dan ek net en dielden se it punt.
Willem Schaap ferlear fan Jelle Wiersma it potsje Frysk. Mei dat resultaat sil Jelle de kopposysje yn de kompetysje wol wer fan Willem oernommen ha. Sjoerd Jan Bakker en Rients Wynia spilen tsjin Cor Kooistra. Beide partijen foar de aardichheid. It bleau net by twa spultsjes. Der waard lustich op los strutsen, mar de Strikers ha noch nea sa gau út west. Se hoegden diskear it ljocht net út te dwaan.
Utslaggen: Paul Borghaerts – Bauke Bos 0 – 1; Frysk:Willem Schaap – Jelle Wiersma 0 – 1; Hennie de Haan – Tineke Teigeler ½ -- ½.

Ons dorp in 2014

scharnegoutum-26.jpg

Info Website

Algemene informatie: 
De website van Scharnegoutum (www.skearnegoutum.nl) is de officiële dorpssite van Doarpsbelang Skearnegoutum. Deze site, die dagelijks ruim 210 bezoekers trekt, wordt onderhouden door de vrijwilligers van de Mediagroep Scharnegoutum. Dit is een van de werkgroepen van Doarpsbelang Skearnegoutum. Het doel van de Mediagroep is om inwoners van het dorp en andere geïnteresseerden zo actueel mogelijk te informeren over het dorp, de voorzieningen, verenigingen en bedrijven.

Directe samenwerking:
Met medewerkers van Face-book skearnegoutum en de medewerkers van de Doarpsomropper die maandelijks in druk verschijnt. Ook is er een nauw samenwerkingsverband met Dorpshuis  “It Swettehûs”.

Sponsoren:
Om de kosten van het in stand houden van www.skearnegoutum.nl te dekken, worden Sponsors gevraagd. Voor een bijdrage vanaf € 25.00 staat uw bedrijf bij de site volop "in the picture".
Sponsor worden. Heeft u interesse ? Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.


©Copyrights:
Onze site wordt met veel zorg en inzet geredigeerd. Vrijwel dagelijks zijn de redacteuren aan het werk om de bewoners van Scharnegoutum zo goed mogelijk te informeren. De complete redactie van de Mediagroep doet dit alles op geheel vrijwillige basis.

Het staat u vrij om teksten van onze site te halen en die voor eigen, niet commerciële doeleinden te gebruiken.

De meeste foto’s op de site worden gemaakt door de eigen redactie leden. 

Mediagroep secretariaat:
Postadres: W. Santemastrjitte 6, 8629 PR Skearnegoutum.

Meewerken aan nieuws?
Heel graag, help mee... Ook u kunt tips of informatie uit het dorp doorgeven, bel of mail ons gerust:

Kopij Mediagroep:
Kopij aan de redactie kan gestuurd worden naar Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.  

Denktank-Mediagroep: Met ideeën/vragen/klachten over de media van Scharnegoutum kunt u terecht bij Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. 

Bezoekers

We hebben 291 gasten en geen leden online