Home
23-sus.jpg
                                        Swette-kids-disco         vrijdag 3 november   <klik hier>

Boalsert 27-01-2017 Priis foar Doarpsomropper Skearnegoutum, – De Doarpomropper fan Skearnegoutum hat in tredde priis krigen yn de priisfraach foar it bêste Frysktalige stik fan 2016 yn ’e doarps-, wyk- en stedskranten fan ’e gemeente Súdwest-Fryslân. De útrikking wie juster yn it Gysbert Japicxhûs yn Boalsert.

De earste priis wie foar doarpskrante De Koepel fan Wytmarsum, de twadde priis foar Uus Likje Wraald fan Hylpen en de tredde priis foar De Doarpsomropper fan Skearnegoutum. De sjuery bestie út Jelle Gerbrandy, Marrit de Schiffart, Wytse Vellinga en Jan Ybema. It is de earste kear dat de gemeente de priisfraach útsetten hat. Wethâlder Mirjam Bakker hat de prizen priis útrikt. Sybrig hie de tredde priis mei dit gedicht: 

It priiswinnende gedicht fan Sybrig stiet hjirûnder.
Wêr’t de wyn waait
Wêr’t de wyn waait
bledderje beammen
besykje bledsjes bolbjirken
sa lang mooglik
yn de loft te bliuwen
heech, leech, om en om
Giel strieljend blêd streamt
de lege leane fol
op it doarpshûsplein
weaget bier sûnder skom
Wêr’t de wyn waait
yn oranje readige struken
flonkert focht yn folle glêzen
Sil Don Quichot mei in blazer
de blêden de baas
Beammen skodzje gol
tûken noch healfol
wynreade wankje appels
wachtsje glimkjend
ek op de frije fal
Wêr’t de wyn waait
bouwe bern bergen blêden
earms en skonken as stikels
fan in barchje út it blêdbêd
Núnderje ferskes troch de loft
oer alve novimber en Sinterklaas
Bern no noch op harren rêch
lústerjend nei risseljend blêd
balte aansten út folle boarst
de buert del en op de brêge
Wêr’t de wyn waait
fljocht in klyster op út ús
oer’t hiem winende druvebeam
mei strúskes dêr’t ik fan slyn
Wynderje wurden troch de holle
yn’e hûs lizze se foar dea
stadich foarmje se in ferhaal
Ferwaaid, ik hear de wyn
ek de lêste druven
priuw ik it yn

Ons dorp in 2014

scharnegoutum-73.jpg

Info Website

Algemene informatie: 
De website van Scharnegoutum (www.skearnegoutum.nl) is de officiële dorpssite van Doarpsbelang Skearnegoutum. Deze site, die dagelijks ruim 210 bezoekers trekt, wordt onderhouden door de vrijwilligers van de Mediagroep Scharnegoutum. Dit is een van de werkgroepen van Doarpsbelang Skearnegoutum. Het doel van de Mediagroep is om inwoners van het dorp en andere geïnteresseerden zo actueel mogelijk te informeren over het dorp, de voorzieningen, verenigingen en bedrijven.

Directe samenwerking:
Met medewerkers van Face-book skearnegoutum en de medewerkers van de Doarpsomropper die maandelijks in druk verschijnt. Ook is er een nauw samenwerkingsverband met Dorpshuis  “It Swettehûs”.

Sponsoren:
Om de kosten van het in stand houden van www.skearnegoutum.nl te dekken, worden Sponsors gevraagd. Voor een bijdrage vanaf € 25.00 staat uw bedrijf bij de site volop "in the picture".
Sponsor worden. Heeft u interesse ? Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.


©Copyrights:
Onze site wordt met veel zorg en inzet geredigeerd. Vrijwel dagelijks zijn de redacteuren aan het werk om de bewoners van Scharnegoutum zo goed mogelijk te informeren. De complete redactie van de Mediagroep doet dit alles op geheel vrijwillige basis.

Het staat u vrij om teksten van onze site te halen en die voor eigen, niet commerciële doeleinden te gebruiken.

De meeste foto’s op de site worden gemaakt door de eigen redactie leden. 

Mediagroep secretariaat:
Postadres: W. Santemastrjitte 6, 8629 PR Skearnegoutum.

Meewerken aan nieuws?
Heel graag, help mee... Ook u kunt tips of informatie uit het dorp doorgeven, bel of mail ons gerust:

Kopij Mediagroep:
Kopij aan de redactie kan gestuurd worden naar Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.  

Denktank-Mediagroep: Met ideeën/vragen/klachten over de media van Scharnegoutum kunt u terecht bij Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. 

Bezoekers

We hebben 257 gasten en één lid online