Home
29-Vakgarage.jpg

                      Eerste zaterdag van de maand:          Inloop café    <klik hier>

8-01-2017 Ype Boelens wurdt Jelle Wiersma syn angstgegner? Der binne fan dy dammers dêr kinne jo mar net fan winne. Jelle Wiersma hat dêr gewoanwei gjin lêst fan. Dy wint fan elkenien. Net dat er nea ferliest, mar op de klup pakt er de measten yn. Sjoerd jan Bakker hat noch wolris kamp tsjin him, mar no lapt Ype Boelens it al ferskate kearen om de grutmaster op kamp te hâlden. Sjocht Jelle yn Ype miskien in angstgegner?
Soe Jelle ek al in bytsje pinebúk krigen ha, doe’t er fan de wedstriidlieder te hearren krige dat er tsjin Ype moast?

It wie yn elts gefal sa dat er der mar wat healwiis op kaam te stean. Ype koe mei twa houtsjes aardich opskowe nei de hast lege lange hoeke fan de kampioen. It like der suver wol op dat Ype winne soe, mar Jelle koe it dochs op kamp hâlde. Ype fansels wer út de skroeven, want it jout mar neat as jo kamp spylje tsjin de man dy’t in wykmannich lyn noch as Nederlânsk kampioen FRYSK yn de krante pronke, dan ha jo it net min dien.
Oer fiif tsjin fiif sprutsen. Bakker en Kooistra moasten har dêr mei dwaande hâlde. Bakker is in krekte einspulspiler. Hy soe op in toernoai fêst hege eagen goaie op dit ûnderdiel, mar Sjoerd jan hâldt it by de klupaktiviteiten. Dat is ek moai fansels. It spultsje komt krekt en Bakker rekkene justjes better as syn tsjinstanner. Dat hie net hoegd, mar dan hie de lêste oars strike en langer tinke moatten.
Tsjerk Wiersma wie ek wer fan de partij. Hy moast him noch wat tariede op de klupkampioenskippen yn Easterein.. Hy spile tsjin Bauke de Boer. Earst al in stik of wat spultsjes út ’e nocht. Letter ien út echt. Dat koe de man net hâlde, mar ja wat wol je ek De Boer is ek seis jier âlder.
Tineke gyng wer mei in grouwe punt nei hûs. Sy koe it skoan winne fan Rients Wynia, dy’t dus nei in oantal winstpartijen yn de lêste wiken no wer it soer fan de nederlaach priuwe moast.
Utslaggen: Bauke Bos – Hennie de Haan 1 – 0; Jelle Wiersma – Ype Boelens ½ - ½; Dicky van der Meer – Willem Schaap 0 – 1; Tineke Teigeler – Rients Wynia 1 – 0; Bauke de Boer – Tsjerk Wiersma 1 – 0. Fiif tsjin fiif: Cor Kooistra – Sjoerd Jan Bakker 0 – 1.

Ons dorp in 2014

scharnegoutum-10-b.jpg

Info Website

Algemene informatie: 
De website van Scharnegoutum (www.skearnegoutum.nl) is de officiële dorpssite van Doarpsbelang Skearnegoutum. Deze site, die dagelijks ruim 210 bezoekers trekt, wordt onderhouden door de vrijwilligers van de Mediagroep Scharnegoutum. Dit is een van de werkgroepen van Doarpsbelang Skearnegoutum. Het doel van de Mediagroep is om inwoners van het dorp en andere geïnteresseerden zo actueel mogelijk te informeren over het dorp, de voorzieningen, verenigingen en bedrijven.

Directe samenwerking:
Met medewerkers van Face-book skearnegoutum en de medewerkers van de Doarpsomropper die maandelijks in druk verschijnt. Ook is er een nauw samenwerkingsverband met Dorpshuis  “It Swettehûs”.

Sponsoren:
Om de kosten van het in stand houden van www.skearnegoutum.nl te dekken, worden Sponsors gevraagd. Voor een bijdrage vanaf € 25.00 staat uw bedrijf bij de site volop "in the picture".
Sponsor worden. Heeft u interesse ? Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.


©Copyrights:
Onze site wordt met veel zorg en inzet geredigeerd. Vrijwel dagelijks zijn de redacteuren aan het werk om de bewoners van Scharnegoutum zo goed mogelijk te informeren. De complete redactie van de Mediagroep doet dit alles op geheel vrijwillige basis.

Het staat u vrij om teksten van onze site te halen en die voor eigen, niet commerciële doeleinden te gebruiken.

De meeste foto’s op de site worden gemaakt door de eigen redactie leden. 

Mediagroep secretariaat:
Postadres: W. Santemastrjitte 6, 8629 PR Skearnegoutum.

Meewerken aan nieuws?
Heel graag, help mee... Ook u kunt tips of informatie uit het dorp doorgeven, bel of mail ons gerust:

Kopij Mediagroep:
Kopij aan de redactie kan gestuurd worden naar Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.  

Denktank-Mediagroep: Met ideeën/vragen/klachten over de media van Scharnegoutum kunt u terecht bij Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. 

Bezoekers

We hebben 321 gasten en geen leden online