Home
32-Wijn-hoeve.jpg

IEPEN BRIEF OAN IT BESTJOER FAN DE ALVESTEDENTOCHT.

Fuort nei de alvestêdentocht fan 1997 skreaun ik ûndersteand ferhaal as iepen brief oan it bestjoer fan de alvestêdenferiening. Ik ha nea antwurd krigen!!

Achte bestjoer.

Nei alle krityk dy't jimme nei de lêste tocht yn 1997 oer jim hinne krigen ha, moat my ek noch wat fan it hert.
Nee, jimme hoege der net oer yn te sitten, ik wol it net oer de krânse foar de earst oankommende frou hawwe.
Ik wol it hiel simpel ris oer de bekendheid fan myn wenplak Skearnegoutum hawwe, it iennichste doarp oan

de Swette, de ieuwenâlde farwei tusken Ljouwert en Snits en it earste doarp oan 'e rûte dêr 't jimme prachtige tocht troch komt.

Sjoch, ik ha no trije alvestêdetochten as ynwenner fan dit doarp meimakke en alle trije kearen ha wy alhiel gjin omtinken fan de parse krigen. En dat achte bestjoer, dat skreaut oan 'e protters, dat liket nearne nei en is der fier by troch. Want litte we earlik wêze, as wy it by ús net al dy kearen sa goed foar mekoar hân hiene dan wie dy tocht fan jimme in drama yn tich bedriuwen wurden, dan wie alles, foar't ek mar ien rider syn earste stimpeltsje hie, finaal yn 't hûndert rûn. Dan wie it dikke trammelant wurden en wie gjin harses ûnder it brechje fan Bartlehiem trochgien, lit stean dat der ea immen op 'e Bonke oer de streep kommen wie. Wy hiene der foar soargje kinnen dat jimme jim fan skamte troch it iis hinne fretten wollen hiene.
Fansels wiene wy dan wol yn 't nijs west, mar sa wolle wy net. Wy binne net fan dy terroristen, wy hawwe in tige positive ynstelling wat de alvestêdetocht oanbelanget, en dat witte jimme ek. We hawwe der ommers altiten alles oan dien om it iis op te poetsen en by te skaven, we hawwe baan en brêge yn it ljocht setten. En net op ferblinende wize sa dy domme Hollanners fan de tillefysje dat dogge. Nee, wy soargen dat de riders it ljocht yn 'e rêch hiene, en wy ha in kaptaal útjûn om in stjit-kjessen oan 'e brêge meitsje litten troch ús pleatslike stoffearder Harry Tweed en ús Martenstsjerke ha we as in hillich beaken yn it ljocht setten, sadat de helikopterpiloaten in punt foar oriïntaasje hiene.
We ha sels snert fan Roelie fan it Doarpshûs oanrukke litten om de frijwilligers op 'e fuotten te hâlden. Ja, wat hawwe net dien yn dy pear dagen. We ha ús de fuotten ûnder it gat weirûn, om de saken fan A oant Z, ynoarder te krijen.

Dochs wie it foar ús doarp dy 3 kear plan-út in kloatedei, of sa't jo wolle in snertdei, en dat kaam net troch de snert fan Roelie want dy wie poerbêst, dat stie as in hûs, dêr koest de leppel rjochtop yn sette. Nee, it kaam om't wy net ien kear yn 'e media en foar radio en tv neamd binne en dat jokket net, dat stekt, wat sis ik, dat docht ôfgryslik sear, dat rekket jo as doarpsman oant yn jo siele. Dêr ha jo in traumateam by nedich om der oerhinne te kommen. En dat moat net en dat kin net as de hiele provinsje sa'n feestdei hat.

En dêrom, achte bestjoer, kom ik mei in nij foarstel yn jimme rjochting, in foarstel dêr't jimme ris serieus oer prate moatte.

Myn útstel komt hjir koart en goed op del. De alvestêdetocht moat de oare kant om. Omdat frou de Boer dat graach wol, starte by de Prinsetún en oer de streek komme op 'e Swette by de Boksumerdaam. Dit hat in protte foardielen, se kinne dan streekrjocht de stêd út en fia Snakkerbuorren, Lekkum en Wyns de Ie del. Dat is foar alles better liket my, boppedat as aanst boud wurdt oan de Bonke is in ek in moaie bak foar de lju dy’t tinke dat se dêr earste rang sitte. Fierder kinne de riders op 'e IE moai rjochts hâlde, yn Dokkum kinne se jûns betiid op bêd en omdat der dan noch net safolle dronken is ha se yn Bartlehiem minder swierrichheden mei de húskes. En der hoecht nimmen mei in skythakke yn it tsjuster oer de Blikfeart.
Foar Frjentsjer en Harns makket it neat út, hja hoege harren allinnich mar om te draaien. Boalsert rekket moai op tiid troch de Bearenburch út Dokkum hinne en de riders kinne foar de wyn nei Warkum om brij. En wat tige wichtich is foar dy domme Drintse heideskieppestrontsiker, by ljochtskyndei is de stimpelpost yn Hylpen goed te sjen. It kritysk punt fan ôfsjen leit mooglik yn Starum, mar de trein wachtet op 'e útfallers en dat is wer goed foar it iepenbier ferfier.

Starum - Sleat wurdt in "makky" mei de lijte fan de Gaasterlânske bosken. Yn Sleat rûke hja de sûkelarjemolke al dy't yn Wâldsein klear stiet en sa stowe se ek samar oer de kistwurken op 'e Sleattemermar. Dan komme hja Wymbrits yn en hjir, ik kom der sels wei, wenje de bêste minsken út de hiele provinsje. Dizze minsken stean klear om de riders te fuorjen en op te lapjen sadat it de muoite net is om Drylts te heljen. Dêr stean de Kypmantsjes klear kompleet mei de nijste folautomatyske reedslipersmachines fan Nooitgedagt, sûkerklûntsjes, lij wetter en oare stimulearjende middels, sadat de riders sûnder muoite en kantroeren de klúnplakken yn Snits nimme kinne. De Dúmkefretters roppe en raze harren dêr oer hinne, want dat is it iennichste wêr 't se dêr goede yn binne.
De lêste einen wurde ta beslút yn Snits de wekken út jage en dan, ja dan achte bestjoer, dan komt ús doarp ús Skearnegoutum yn byld.

Skearnegoutum, fansels prachtich yn in betoverjend ljocht fan kleurde lampkes, fergees beskikber steld troch de Oranjeferiening en de ferhierder fan de grutste kampeartinten fan Fryslân.
De brêge bringe we in meter omheech sadat de riders harren net mear hoege te bukken. We meitsje lâns de Swette tusken de reiden in tal moaie plakjes dêr't de ferskillende TV en radiostjoerders in plak hiere kinne, en fan dy sinten litte we in komplete massaazje karavaan oanrukke om de riders fit oer de streek komme te litten. We sette der in billeboard by mei de tekst: "Skearnegoutum, om kâld fan te wurden!"
En we soargje fansels foar in stik muzyk lâns de baan dêr't de rest fan Fryslân ôfgeunstich op is. En uteraard stiet ek ús Roelie fan it doarphûs wer klear mei poerbêste snert. Ja wier, we soargje derfoar dat Skearnegoutum tagelyk it Bartlehiem en Aldtsjerk wurdt. Der sil grif noch jierren oer ús doarp praten en skreaun wurde en dat, rjunommele hearen en dame fan de "Friesche Elf Steden", dat wolle we sa stomme graach.

Achte bestjoer, út 'e grûn fan myn hert hoopje ik dat jimme mei deselde yntinsje as ik der neitocht ha, oer myn útstel neitinke wolle, want oars moatte we der dochs mar ris oer neitinke om fan Skearnegoutum ien grut klúnplak te meitsjen.

Mei foarearst kâlde groetnis tekenje ik út namme fan al dy oaren dy't it goed mei dat moaie doarp oan de Swette foar ha.

In frijwilliger dy't net huldige is.
??

* Onze sponsors *

Zoeken op deze site

Zo was het toen

0ude-kerk-kleur-klein.jpg

Ons dorp in 2014

scharnegoutum-49.jpg

Info Website

Algemene informatie: 
De website van Scharnegoutum (www.skearnegoutum.nl) is de officiële dorpssite van Doarpsbelang Skearnegoutum. Deze site, die dagelijks ruim 210 bezoekers trekt, wordt onderhouden door de vrijwilligers van de Mediagroep Scharnegoutum. Dit is een van de werkgroepen van Doarpsbelang Skearnegoutum. Het doel van de Mediagroep is om inwoners van het dorp en andere geïnteresseerden zo actueel mogelijk te informeren over het dorp, de voorzieningen, verenigingen en bedrijven.

Directe samenwerking:
Met medewerkers van Face-book skearnegoutum en de medewerkers van de Doarpsomropper die maandelijks in druk verschijnt. Ook is er een nauw samenwerkingsverband met Dorpshuis  “It Swettehûs”.

Sponsoren:
Om de kosten van het in stand houden van www.skearnegoutum.nl te dekken, worden Sponsors gevraagd. Voor een bijdrage vanaf € 25.00 staat uw bedrijf bij de site volop "in the picture".
Sponsor worden. Heeft u interesse ? Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.


©Copyrights:
Onze site wordt met veel zorg en inzet geredigeerd. Vrijwel dagelijks zijn de redacteuren aan het werk om de bewoners van Scharnegoutum zo goed mogelijk te informeren. De complete redactie van de Mediagroep doet dit alles op geheel vrijwillige basis.

Het staat u vrij om teksten van onze site te halen en die voor eigen, niet commerciële doeleinden te gebruiken.

De meeste foto’s op de site worden gemaakt door de eigen redactie leden. 

Mediagroep secretariaat:
Postadres: W. Santemastrjitte 6, 8629 PR Skearnegoutum.

Meewerken aan nieuws?
Heel graag, help mee... Ook u kunt tips of informatie uit het dorp doorgeven, bel of mail ons gerust:

Kopij Mediagroep:
Kopij aan de redactie kan gestuurd worden naar Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.  

Denktank-Mediagroep: Met ideeën/vragen/klachten over de media van Scharnegoutum kunt u terecht bij Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. 

Bezoekers

We hebben 496 gasten en geen leden online