Home
19-hortensia.jpg

19-12-2016 Scharnegoutum. De klok wie ûnferbidlik. Ofrûne moandeitejûn waard der wer in partij ferspile foar de Fryslân Kup. Tsjerk Wybenga, in hiele goede dammer fan de Hartwerter klup, kaam yn it hol fan de liuw. Hy moast it opnimme tsjin nimmen minder as Jelle Wiersma. It soe in in prachtige striid wurde, mar úteinlik wie de klok ûnferbidlik.
De mannen sieten deun ûnder de krystbeam, mar wy tinke net dat se har ek mar in tel bekroade

ha oer dy moaie beam. Wat stie dy moai syn ljochtsjes út te strielen. Gjin rare bûnte mingelmoes nee moaie wite en grize tinten. De beide mannen ha it nei alle gedachten net acht slein. Sy hiene alle oandacht nedich foar it spul. Se joegen elkoar gjin sintimeter ta, by wize fan sprekken. It gie op it skerpst fan de sneed. Op it boerd wol te ferstean. De mûnlinge kommunikaasje wie sa gesellich en sportyf as it mar koe. Oan de ein fan de it hie Tsjerk noch twa houtsjes en Jelle ien. De lêste skode daam en dat die Tsjerk ek. It twadde houtsje koe er der net mear troch krije en sa einige de partij yn kamp.
It reglemint fan de Kup skriuwt foar dat der by kamp noch in partijtsje Frysk spile wurde moat. Dat is fiif tsjin fiif. Dat gie der ek om. Op in bepaalde stuit stienen der by Jelle noch twa en in heale minút op ‘e klok en by Tsjerk noch fiif. Doe tocht de lêste in hiel skoft nei. Te lang. It spul like wer op kamp út te draaien, mar doe ynienen wie it út: de flagge foel. De klok wie ûnferbidlik foar Tsjerk. Hie dy rot klok net meiteld dan hiene se noch kear moatten, mar no lei hy der út en giet Jelle nei de tredde omloop.
Bauke de Boer naam it allinne op tsjin twa froulju: Hennie de Haan en Tineke Teigeler. Twa potsjes Frysk. Wat is dat in moai spultsje trouwens. Ek foar lju dy’t mei it damjen Frysk spul begjinne wolle. It is moai oersichtlik. Dat fûn De Boer nei alle gedachten ek. Earst reage er Tineke fan it boerd en op dat momint stie it der foar Hennie ek al net al te florissant mear op. Nee mei har kaam it ek net klear. De Boer hie har gewoan hielendal yn de skjirre. Der wie foar Hennie gjin salve mear oan te striken. Sadwaande fandele ús nestor der wer wat puntsjes by.
Utslaggen: Rients Wynia – Bauke Bos 0 – 1; Willem Schaap – Ype Boelens 1 – 0; Sjoerd Jan Bakker – Cor Kooistra 0,5 – 0,5. Fiif tsjin fiif. Bauke de Boer - Hennie de Haan 1 - 0. Tineke Teigeler - Bauke de Boer 0 - 1. Fryslân Kup Tsjerk Wybenga – Jelle Wiersma 0,5 – 0,5. Fiif tsjin fiif. 0 – 1.

* Onze sponsors *

Zoeken op deze site

Zo was het toen

juni-ad.jpg

Ons dorp in 2014

scharnegoutum-62.jpg

Info Website

Algemene informatie: 
De website van Scharnegoutum (www.skearnegoutum.nl) is de officiële dorpssite van Doarpsbelang Skearnegoutum. Deze site, die dagelijks ruim 210 bezoekers trekt, wordt onderhouden door de vrijwilligers van de Mediagroep Scharnegoutum. Dit is een van de werkgroepen van Doarpsbelang Skearnegoutum. Het doel van de Mediagroep is om inwoners van het dorp en andere geïnteresseerden zo actueel mogelijk te informeren over het dorp, de voorzieningen, verenigingen en bedrijven.

Directe samenwerking:
Met medewerkers van Face-book skearnegoutum en de medewerkers van de Doarpsomropper die maandelijks in druk verschijnt. Ook is er een nauw samenwerkingsverband met Dorpshuis  “It Swettehûs”.

Sponsoren:
Om de kosten van het in stand houden van www.skearnegoutum.nl te dekken, worden Sponsors gevraagd. Voor een bijdrage vanaf € 25.00 staat uw bedrijf bij de site volop "in the picture".
Sponsor worden. Heeft u interesse ? Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.


©Copyrights:
Onze site wordt met veel zorg en inzet geredigeerd. Vrijwel dagelijks zijn de redacteuren aan het werk om de bewoners van Scharnegoutum zo goed mogelijk te informeren. De complete redactie van de Mediagroep doet dit alles op geheel vrijwillige basis.

Het staat u vrij om teksten van onze site te halen en die voor eigen, niet commerciële doeleinden te gebruiken.

De meeste foto’s op de site worden gemaakt door de eigen redactie leden. 

Mediagroep secretariaat:
Postadres: W. Santemastrjitte 6, 8629 PR Skearnegoutum.

Meewerken aan nieuws?
Heel graag, help mee... Ook u kunt tips of informatie uit het dorp doorgeven, bel of mail ons gerust:

Kopij Mediagroep:
Kopij aan de redactie kan gestuurd worden naar Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.  

Denktank-Mediagroep: Met ideeën/vragen/klachten over de media van Scharnegoutum kunt u terecht bij Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. 

Bezoekers

We hebben 369 gasten en geen leden online