Home
12-ijsels.jpg

28-11-2016: In wike mei oan kop stien. It kaam der moandeitejûn suver wat spitch út de mûle fan Willem Schaap: “No bin ik de kopposysje wer kwyt”. In wike lang hie er der fan geniete: de lieding. Wol dield dat wol, mar likegoed de lieding. Foar healwei tsienen moandeitejûn wie er dy titel wer kwyt. It wie in hiel oantreklik spul tusken Willem en Jelle Wiersma. In spul mei fjoerwurk deryn. Se wiene der noch net iens hiel lang oer gear, doe’t Jelle der in prachtige trijedûbele flypflap úthelle. Ien houtsje achter dat wol, mar nei ien streek skode er daam.

Willem seach it swurk driuwen. Hy koe allinne noch wat tsjinspinpoatsje, mar in fûst koe er net mear meitsje. Sa waard er stapke foar stapke nei de slachtbank laat en siet Jelle wer allinne op de troan.
Ferline wike ried Ype Boelens mei in heale punt werom nei Menaam. Hy hoegde de radio doe net oan te dwaan, want hy song sels út folle boarst. Moandeitejûn ried er al foar tsienen werom nei hûs en no song er noch hurder. No foar it hele punt dat er pakt hie. Sa seach it der ûnder de partij noch net sa sear nei út. Tsjinstanner Cor Kooistra spile krekt as ferline wike net op syn sterkst om it mar beskeiden út te drukken. Mar ja sa geane de saken yn de dammerij sa no en dan.
Ien kampke dizze jûn. “Ik ha noch noait sa’n aparte partij spile!” spriek Rients Wynia út. En syn tsjinstanster Hennie de Haan wie it dêr mei iens. Apart of net apart it gong wol moai en de einstân wie boeiend. Beide spilers makken gjin rare foutan en sa waard it kamp.
Utslaggen: Bauke de Boer – Tineke Teigeler 1 – 0; Hennie de Haan – Rients Wynia ½ - ½; Willem Schaap – Jelle Wiersma 0 – 1; Ype Boelens – Cor Kooistra 1 – 0; Fiif tsjin fiif: Sjoerd jan bakker – Bauke Bos 1 – 0.

* Onze sponsors *

Zoeken op deze site

Zo was het toen

foto_16-ad.jpg

Ons dorp in 2014

scharnegoutum-20.jpg

Info Website

Algemene informatie: 
De website van Scharnegoutum (www.skearnegoutum.nl) is de officiële dorpssite van Doarpsbelang Skearnegoutum. Deze site, die dagelijks ruim 210 bezoekers trekt, wordt onderhouden door de vrijwilligers van de Mediagroep Scharnegoutum. Dit is een van de werkgroepen van Doarpsbelang Skearnegoutum. Het doel van de Mediagroep is om inwoners van het dorp en andere geïnteresseerden zo actueel mogelijk te informeren over het dorp, de voorzieningen, verenigingen en bedrijven.

Directe samenwerking:
Met medewerkers van Face-book skearnegoutum en de medewerkers van de Doarpsomropper die maandelijks in druk verschijnt. Ook is er een nauw samenwerkingsverband met Dorpshuis  “It Swettehûs”.

Sponsoren:
Om de kosten van het in stand houden van www.skearnegoutum.nl te dekken, worden Sponsors gevraagd. Voor een bijdrage vanaf € 25.00 staat uw bedrijf bij de site volop "in the picture".
Sponsor worden. Heeft u interesse ? Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.


©Copyrights:
Onze site wordt met veel zorg en inzet geredigeerd. Vrijwel dagelijks zijn de redacteuren aan het werk om de bewoners van Scharnegoutum zo goed mogelijk te informeren. De complete redactie van de Mediagroep doet dit alles op geheel vrijwillige basis.

Het staat u vrij om teksten van onze site te halen en die voor eigen, niet commerciële doeleinden te gebruiken.

De meeste foto’s op de site worden gemaakt door de eigen redactie leden. 

Mediagroep secretariaat:
Postadres: W. Santemastrjitte 6, 8629 PR Skearnegoutum.

Meewerken aan nieuws?
Heel graag, help mee... Ook u kunt tips of informatie uit het dorp doorgeven, bel of mail ons gerust:

Kopij Mediagroep:
Kopij aan de redactie kan gestuurd worden naar Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.  

Denktank-Mediagroep: Met ideeën/vragen/klachten over de media van Scharnegoutum kunt u terecht bij Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. 

Bezoekers

We hebben 388 gasten en geen leden online