Home
30-vdmeer.jpg

Dach Sinter(Klaas), dach Swarte Pyt                           Voor de foto's <klik hier>

Sint en ek syn hynder Américo hienen der mar tige nocht oan, hjoed in wike lyn. Op ferskate plakken makken se út poere wille rûnsjes op de dyk en Sint swaaide oan ien wei troch, aristokratysk, mar dat komt him ta, nei alle bern en âlden yn de strjitten fan Skearnegoutum. Seagen jimme dat hândsje fan Sinterklaas? As hie er it oernaam fan ús âld Keninginne Wilhelmina,

mar it kin ek oars om wêze fansels !? 

Dizze Sinterklaas-middei wie der ien om yn te listen. Wat kâld, mar droech waar en in moai sinsje der by. Oankommen yn it Swettehûs koenen Sint en de Pyten in soad bern begroetsje, allegear blide gesichtsjes en eagen dy`t fol ferwachting wienen foar in moai berne feest mei sankjes, dûnskes mei de Pyten, ferhaalsjes en fansels......kadootsjes. Us Jesband soarge foar de goede toanen sa dat alle bern goed mei sjonge koenen.

De seal wie smûk, mei tank oan Anneke Reinink en Gerlofke Beuckens. Dy blide, glunderende kopkes fan de bern, dat foel my tige op. Sels wie`k as lyts jonkje mar wat skrúten foar dy Sinterklaas op syn únbidich grutte hynder, mar raar genoch (?) net foar swarte pyt.

Us pyten wienen as fan âlds, dat wol sizze gewoan ….. swart, sa as wy it wend binne. Gjin núvere merakels yn Skearnegoutum. Gjin feechpyten, rose of griene of wat foar soarte dan ek. Net dat it slim wêze soe fansels. Wy plattelanners meitsje ús net drok, sa as yn de grutte stêden, lyk as Amsterdam, Utert en oare. Op ús Omrop Fryslân en yn de Skearnegoutummer media gjin swiere diskusjes lyk as by de lannelike omroppen. Doch mar gewoan en wês Jo sels.

Boppedat, Jo soenen Sint en Pyt, dat moaie stel, de iene sniewyt en de oare inketswart, like goed in foarbyld fan in “multikulti” mienskip neame kinne. In duo dat net fan elkoar te skieden is en tegearre troch it libben giet. Nee, nea ta jaan oan minsken dy`t miene dat se " swarte pyt " oangripe moatte om diskriminaasje oan`e oarder te stellen. Silvana Simons kin better, as se yn de polityk komt, de efterstân fan minderheden op oare wize oan pakke. Der is fansels wol sprake fan diskriminaasje en minder kânsen foar groepen minsken yn de mienskip.

Mar, tagelyk, ek mar net oardiele oer de minsken yn de rânestêd. Stel ris foar, Jo binne fan de al wat âldere generaasje, rinne hjir troch doarp en komme meast, dat wol sizze folle mear, minsken mei in oar kleurke tsjin dan dy`t Jo eigen is. Wy kinne it ús hjir net foarstelle, mar it soe dochs samar raar oanfiele kinne.

En stel, Jo geane jûns by tsjuster de doar net mear út om`t dat net feilich genoch is en op al Jo doarren en rúten hawwe Jo ynbraakbefeiliging, sa as dat yn de rânestêd hiel gewoan is. Fakânsjefreonen út Rotterdam, hy in ex polysjekommisaris, kinne der fan mei prate en bringe en helje de froulju fan de  famylje as dy jûns te boadskippen wolle. Sa as wy dogge mei ús bern as se te stappen geane.  

It is mar goed wenjen, hjir yn Skearnegoutum. Dach Sint, dach Pyt, oan`t in oare kear en tank foar it moaie feest. Foto`s sille ynkoarten op dizze site stean.

JL

 

 

 

* Onze sponsors *

Zoeken op deze site

Zo was het toen

foto 32-ad.jpg

Ons dorp in 2014

scharnegoutum-59.jpg

Info Website

Algemene informatie: 
De website van Scharnegoutum (www.skearnegoutum.nl) is de officiële dorpssite van Doarpsbelang Skearnegoutum. Deze site, die dagelijks ruim 210 bezoekers trekt, wordt onderhouden door de vrijwilligers van de Mediagroep Scharnegoutum. Dit is een van de werkgroepen van Doarpsbelang Skearnegoutum. Het doel van de Mediagroep is om inwoners van het dorp en andere geïnteresseerden zo actueel mogelijk te informeren over het dorp, de voorzieningen, verenigingen en bedrijven.

Directe samenwerking:
Met medewerkers van Face-book skearnegoutum en de medewerkers van de Doarpsomropper die maandelijks in druk verschijnt. Ook is er een nauw samenwerkingsverband met Dorpshuis  “It Swettehûs”.

Sponsoren:
Om de kosten van het in stand houden van www.skearnegoutum.nl te dekken, worden Sponsors gevraagd. Voor een bijdrage vanaf € 25.00 staat uw bedrijf bij de site volop "in the picture".
Sponsor worden. Heeft u interesse ? Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.


©Copyrights:
Onze site wordt met veel zorg en inzet geredigeerd. Vrijwel dagelijks zijn de redacteuren aan het werk om de bewoners van Scharnegoutum zo goed mogelijk te informeren. De complete redactie van de Mediagroep doet dit alles op geheel vrijwillige basis.

Het staat u vrij om teksten van onze site te halen en die voor eigen, niet commerciële doeleinden te gebruiken.

De meeste foto’s op de site worden gemaakt door de eigen redactie leden. 

Mediagroep secretariaat:
Postadres: W. Santemastrjitte 6, 8629 PR Skearnegoutum.

Meewerken aan nieuws?
Heel graag, help mee... Ook u kunt tips of informatie uit het dorp doorgeven, bel of mail ons gerust:

Kopij Mediagroep:
Kopij aan de redactie kan gestuurd worden naar Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.  

Denktank-Mediagroep: Met ideeën/vragen/klachten over de media van Scharnegoutum kunt u terecht bij Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. 

Bezoekers

We hebben 331 gasten en geen leden online