Home
30-vdmeer.jpg
                                        Swette-kids-disco         vrijdag 3 november   <klik hier>

22-11-2016 Scharnegoutum Hennie siet op roazen, mar roazen ha toarnen. It stie der foar Hennie de Haan prachtich foar yn har partij tsjin Bauke de Boer ôfrûne moandeitejûn yn de smûke bar fan it Swettehûs. In eintsje fierderop siet Tineke Teigeler te glimkjen: sy hie yn in fiif tsjin fiif partij Rients Wynia te pakken. Oan de oare tafel wie ek genôch te belibjen.
Earst moatte wy de pylken mar efkes rjochtsje op de partij tusken De Haan en De Boer. Sy moatte wol gauris tsjininoar. Dat komt omdat it groepke yn de twadde klasse mar hiel lyts is. Foaral no’t Tsjerk Wiersma der ek net mear is. De partij tusken har beiden ferrint de lêste tiden wol gauris yn it foardiel fan Hennie.

Dat is eins net te leauwen, omdat De Boer folle mear ûnderfining hat op it damgebiet en oer it algemien tige sterk foar it ljocht komt. In pear wike lyn seach er noch in slach as bûtensteander wêr’t men jo tsjin seit. Mar tsjin Hennie hat er it altiten swier. Der sille dus oare krêften in rol spylje as allinne it damjen. Op de ien of oare wize lit er him troch hennie betsjoene of soks sa wat. Ek moandeitejûn wie dat it gefal. Yn in seis om seis stân hie De Boer gjin poat mear om op te stean. Hennie siet op roazen. Der wie lykwols noch ien lyts kânske as hennie wat te happich wêze soe om rjochting daam te gean. Dan moast se achter twa houtsjes stean gean. En dêr wachte De Boer op. En mei sukses. Hennie skode sûnder in greveltsje euvelmoed achter twa houtsjes. De Boer plakte mei in oar hout tsjin de daamline oan en koe nei Hennie har twaslach in daam skowe. Hennie sit op roazen, mar no kaam se der achter dat dizze blommen toarnen ha. Yn plak fan in wisse winst waard it in suterich kampke.
Foar Ype Boelens fielde syn kampke tsjin Jelle Wiersma yn elts net as suterich, mar as in klearebare winstpartij. It wie fansels gjin winst, mar sa fielde Ype it wol. Ferline jier helle Ype itselde huzarestikje út. Dat men soe sizze kinne: Ype feroaret hjir net om, hy is it wend. Nee krekt oars; hy wie wakker op it skik mei syn heal puntsje.De hiele partij hie Cor Kooistra Willem Schaap yn ’e bûse, mar dochs ferlear er. Hy seach ynienen apen en bearen. Tocht net mear nei. Die, miende er in ôfruil, mar kaam der ien mei efter. In ferlerne partij, dy’t eins yn winst einige wurde moast. It einige wol yn winst, mar dan foar Willem.
Utslaggen: Ype Boelens – Jelle Wiersma ½ - ½; Bauke de Boer – Hennie de Haan ½ - ½; Bauke Dykstra – Sjoerd Jan Bakker 0 – 1; Willem Schaap – Cor Kooistra 1 – 0; Rients Wynia – Bauke Bos 0 – 1; Fiif tsjin fiif: Bauke Bos – Tineke Teigeler 1 – 0; Rients Wynia – Tineke Teigeler 0 – 1.

Ons dorp in 2014

scharnegoutum-53.jpg

Info Website

Algemene informatie: 
De website van Scharnegoutum (www.skearnegoutum.nl) is de officiële dorpssite van Doarpsbelang Skearnegoutum. Deze site, die dagelijks ruim 210 bezoekers trekt, wordt onderhouden door de vrijwilligers van de Mediagroep Scharnegoutum. Dit is een van de werkgroepen van Doarpsbelang Skearnegoutum. Het doel van de Mediagroep is om inwoners van het dorp en andere geïnteresseerden zo actueel mogelijk te informeren over het dorp, de voorzieningen, verenigingen en bedrijven.

Directe samenwerking:
Met medewerkers van Face-book skearnegoutum en de medewerkers van de Doarpsomropper die maandelijks in druk verschijnt. Ook is er een nauw samenwerkingsverband met Dorpshuis  “It Swettehûs”.

Sponsoren:
Om de kosten van het in stand houden van www.skearnegoutum.nl te dekken, worden Sponsors gevraagd. Voor een bijdrage vanaf € 25.00 staat uw bedrijf bij de site volop "in the picture".
Sponsor worden. Heeft u interesse ? Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.


©Copyrights:
Onze site wordt met veel zorg en inzet geredigeerd. Vrijwel dagelijks zijn de redacteuren aan het werk om de bewoners van Scharnegoutum zo goed mogelijk te informeren. De complete redactie van de Mediagroep doet dit alles op geheel vrijwillige basis.

Het staat u vrij om teksten van onze site te halen en die voor eigen, niet commerciële doeleinden te gebruiken.

De meeste foto’s op de site worden gemaakt door de eigen redactie leden. 

Mediagroep secretariaat:
Postadres: W. Santemastrjitte 6, 8629 PR Skearnegoutum.

Meewerken aan nieuws?
Heel graag, help mee... Ook u kunt tips of informatie uit het dorp doorgeven, bel of mail ons gerust:

Kopij Mediagroep:
Kopij aan de redactie kan gestuurd worden naar Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.  

Denktank-Mediagroep: Met ideeën/vragen/klachten over de media van Scharnegoutum kunt u terecht bij Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. 

Bezoekers

We hebben 213 gasten en één lid online